CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

250403 Moasje frjemd - Mear romte foar lytse wenningen op eigen hiem - oannaam

It Beslút 3 april 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje frjemd - Mear romte foar lytse wenningen op eigen hiem399 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2025-072924 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 3 april 2025

Underwerp: Mear romte foar lytse wenningen op eigen hiem

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • der in groeiend ferlet fan fleksibele wenfoarmen lykas tiny houses en mantelsoarchwenten is; • starters en âlderein muoite hawwe om geskikte en betelbere wenromte te finen binnen de gemeente; • de hjoeddeistige regeljouwing en it omjouwingsplan faak te beheinend binne, wêrtroch’t it foar ynwenners dreech is om in lytse wenning op harren eigen terrein te pleatsen; • it foarstel fan minister Mona Keijzer pleitet foar minder regels en mear romte foar partikulier inisjatyf op it mêd fan wenjen; oerwaagjende dat: • it tastean fan lytse wenningen op eigen mêd bydraacht oan: - betelbere wenromte foar starters, wêrtroch't se yn de gemeente wenjen bliuwe kinne; - mear trochstreaming op de wenningmerk, om’t âlderen en oare húshâldens fleksibeler wenje kinne; - sosjale bining binnen húshâldingen en doarpsmienskippen; - duorsum en effisjint romtegebrûk, passend by it wenferlet fan dizze tiid; • gemeenten beliedsfrijheid hawwe om planologysk romte te bieden foar ynnovative wenfoarmen binnen it omjouwingsplan; fersiket it kolleezje: 1. te ûndersykjen hoe't it ienfâldiger en flugger makke wurde kin om in lytse wenning op eigen terrein te pleatsen, sûnder ûnnedige fergunningstrajekten; 2. spesifyk te sjen nei de kânsen foar starters en âlderein, sa’t sy binnen de gemeenten passende wenromte fine kinne;

3. ynwenners aktyf te ynformearjen oer de mooglikheden en rânebetingsten foar it pleatsen fan in lytse wenning op eigen terrein; 4. de ried foar 1 juni 2025 te ynformearjen mei in konkreet foarstel foar oanpassing fan it omjouwingsplan, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), CU, CDA, LNF, VVD, S!N, GBNF, PvdA

Stimming

Foar: FNP, CU, CDA, LNF, VVD, S!N, GBNF, PvdA (27)

Tsjin: -

Moasje oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 3 april 2025. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 04/04/2025 11:18:37 CEST ID: fe1c5f39-7e5f-4ac8-97b5-b3e507e00d05

{{Signer1}} Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 07/04/2025 10:53:12 CEST ID: fe1c5f39-7e5f-4ac8-97b5-b3e507e00d05

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=e11a03c0-92ec-4edf-83e0-d1b3aa143ed8