CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

250306 Moasje frjemd - Tydlik gedogen skûlstâlen

It Beslút 6 maart 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje frjemd - Tydlik gedogen skûlstâlen273 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2025-059655 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 6 maart 2025

Underwerp: Tydlik gedogen skûlstâlen

De ried, konstatearjend dat: ➢ de wolf koartlyn ek yn Noardeast-Fryslân op ferkenning west is, en by minsken troch de tún en greiden omstapt hat; oerwaagjend dat: ➢ de wolf foar grutte problemen soarget yn oare gemeenten in Nederlân en in soad emoasjes los makket yn de mienskip; ➢ de gemeente op tiid hannelje moat nei wat binnen harren foech leit; ➢ der yn de gemeente Opsterlân in moasje oannaam is om tydlik skûlstâlen te gedogen oant der formele wetjouwing fêststeld is, sadat feehâlders harren fee better beskermje kin; ropt it kolleezje op: ➢ om belied te meitsjen ta it tydlik gedogen fan skûlstâlen foar feehâlders, en hjirmei werom te kommen nei de ried; ➢ om hjirmei op te lûken tegearre mei gemeente Opsterlân en oare gemeenten, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: Jitze Andringa (FNP), CDA, PvdA, CU, S!N

Stimming

Foar: FNP, CDA, PvdA, CU, S!N, LNF, VVD (26)

Tsjin: -

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 6 maart 2025. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 07/03/2025 11:09:40 CET ID: c4a25cec-e1f5-42fe-96c4-ed5285671cc6 Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 07/03/2025 11:27:36 CET ID: c4a25cec-e1f5-42fe-96c4-ed5285671cc6 Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=29dc651e-22a4-49e3-b242-50a86ca011a3