250305 Kolleezjebrief oan ried - Beantwurding riedsfraach Prinslokaasje oer finansjele regelingen foar betelber wenjen
Tekst van het document
Oan de leden fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Postbus 1 9100 AA Dokkum
Us merkteken: Behannele troch: E-mailadres: Datum:
2025-023345 D. Keegstra d.keegstra@noardeastfryslan.nl 3-3-2025
Onderwerp: Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap.
Geachte raad, Underwerp: Beantwurding riedsfraach Prinslokaasje oer finansjele regelingen foar betelber wenjen
Achte ried, De hear A. Buwalda, riedslid fan de FNP hat op 27 febrewaris 2025 yn 'it Petear' oer de Prinslokaasje yn Dokkum de folgjende fraach steld: De kommisje betelber wenjen hat it kolleezje doedestiids it advys jûn om te sjen nei finansjele regelingen foar betelber wenjen, lykas Koopgarant en Koopstart. Kin dit tapast wurde yn dit projekt? Us kolleezje jout jo ried de folgjende reaksje mei yn antwurd op dizze riedsfraach lykas tasein troch de wethâlder. De FNP-riedsfraach yn de riedsgearkomste fan ôfrûne tongersdei oer de tapassingsmooglikheden fan finansjele regelingen y.h.k.f. betelber wenje, lykas Koopgarant en Koopstart beweecht by de transformaasje fan de Prinslokaasje nei wenjen bûten it ynstrumintarium fan de gemeente. Oft dizze finansjele regelingen yn de praktyk tapasber binne by de wenningbou yn dit projekt is by neier ynsjen mei namme troch Inisjatyfnimmer RV&O te beäntwurdzjen. Dêrom is dizze riedsfraach foarlein oan'e ûntwikkelder foar beantwurding. Dy jout yn in earste reaksje oan dat de regeling Koopgarant of Koopstart yn de praktyk yngewikkeld is mei om't dit by tapassing standert kombinearre wurdt mei erfpacht. Net allinne is hjir neffens RV&O net of amper animo foar by de keapers fan wenten, mar yn harren fyzje beheint dat ynstrumint úteinlik ek de ‘normale’ ferkeap.
Keapers sitte net te wachtsjen op yngewikkelde konstruksjes mei erfpacht sa is harren ûnderfining. Los fan de boppesteande earste reaksje fan de ûntwikkelder fine wy it fan belang om jo neiere eftergrûnynformaasje oer dit ûnderwerp oan te rikken. Taheakke oan dizze kolleezjebrief fine jo iepenbiere ynformaasje oer de foar - en neidielen fan it ûnderwerp keapgarant. Yn in letter stadium kin der ek tocht wurde kinne oan tapassing fan finansjele regelingen sûnder erfpacht.
Sa binne der út it ryk wei ferskate inisjativen lykas it Fonds Betaalbare Woningen (https://www.rijksoverheid.nl/actueel/2024/06/24/24/meer-koopkansen-voor-starters-met-nationaal-fondsbetaalbare-koopwoningen). As dizze regeling yn'e tiid fan de ferkeap noch bestiet, kin dat de keapers helpe.
Mei freonlike groetnis,
Boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân,
H.J.C.M. Verbunt, MBA
mr. J.G. Kramer
Sekretaris
Boargemaster
Bylage: Openbare informatie over de voor- en nadelen van koopgarant