CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

250129 Kolleezjebrief oan ried - Fuortgong proses MFC Burdaard

It Beslút 13 februari 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Interpellatie MFC Burdaard858 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Oan de leden fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân Postbus 1 9100 AA Dokkum

Underwerp: fuortgong proses MFC Burdaard

Us merkteken:

2025-017027

Behannele troch: E-mailadres:

Pieter-Jan Schouwstra p.schouwstra@noardea st-fryslan.nl 28 jannewaris 2025 -

Datum: Taheaksels:

Achte ried, Yn de hjerst fan 2024 hat de ried ferskate kearen sprutsen oer de takomst fan MFC It Spektrum te Burdaard. Yn it Beslút fan 17 oktober 2024 hawwe jo besluten: 1. De oplossingsrjochting werstrukturearring fan it Multyfunksjoneel Sintrum it Spektrum fierder te ûndersykjen; 2. Dat it MFC dêrby yn alle gefallen romte biede moat foar de sport (kantine, klaaikeamers en bestjoerskeamer foar de sportferienings (fuotbal, kuorbal, gymsport en tennis), romtes foar it doarpslibben (doarpshûsfunksje), romte foar de binnensport en it bewegingsûnderwiis fan de basisskoalle, romte foar de bûtenskoalske en pjutte-opfang; 3. Dat de gemeente eigener bliuwt fan it MFC, rjochte op in stabile eksploitaasje. Yn dit brief nimme wy jimme mei yn de fuortgong oant no ta. Petear mei projektgroep Ofrûne jierren hat in projektgroep fan fertsjintwurdigers fan de ferskate ferienings fan it doarp yn ‘e mande mei de gemeente wurke oan in oplossing om de basisfoarsjenningen te behâlden. It opleverjen fan it advys troch de projektgroep en gemeente hat in yntinsyf en lang trajekt west en freget al sûnt 2023 de nedige ynspanning. Hjiryn hat der in grut part partisipaasje meispile, mei foar de gemeente in unike wize fan gearwurkjen tusken doarp, ferienings en belanghawwenden. De projektgroep kaam foarjier 2024 ta it advys sloop en lytse nijbou.

Dat it kolleezje en ried keazen hawwe foar ûndersyk nei werstrukturearring hat de nedige fragen oproppen en hat druk op de ferhâldings setten. Dat it riedsútstel flink ôfwykt fan it troch de projektgroep makke advys en de dúdlike feroaring yn posysje by it proses jout alle dielnimmers in ferfelende neismaak. Nei it riedsbeslút hat dêrom ek in momint fan evaluaasje west wêrby't projektgroep, amtners en bestjoerders werom sjoen hawwe op it proses. Sawol projektgroep as gemeente bliuwe it dielde stribjen hâlden om de basisfoarsjennings te behâlden. Undersyk Yn de eardere stikken binne op it mêd fan bygelyks ferbou, ferduorsuming en ûnderhâld kostenrûzingen makke, basearre op beheind ûndersyk. Dizze kostenrrûzingen wurde no fierder útwurke en ûnderboud. Sa is bygelyks de arsjitekt dwaande mei sketsen hoe't wy it gebou yndiele kinne foar behâld fan de foarsjennings en wat dan praktysk ferhierbere romten wurde. Op it mêd fan ûnderhâld is it gebou skoud en wurd it ûnderhâldsprogramma opsteld dy't yn ien line is mei oar gemeentlik fêstgoed. Deryn wurde ek de ferduorsuming maatregels fierder útwurke. It stribjen is dat eltse brûker syn eigen opgong hat mei eigen enerzjymeters. Dêrmei wurde kosten ienfâldiger te ferdielen ûnder de ferskate brûkers.

Wy binne dwaande mei it oanlûken fan hierders Fanút it eachpunt fan maatskiplike ynfolling is socht nei oerheden/organisaasjes. Dit hat ferskate besichtigingen oplevere en hjirút konkreet twa hierders en twa belangstellenden foar hier op langer termyn. Mei dizze partijen sille wy fierder yn petear. Hjirmei kinne wy de eksploitaasje noch net rûn krije. Wy binne no dwaande mei in fierdere ferhierkampanje. De sketsen fan de arsjitekt brûke wy derby. Der wurdt foaral sjoen nei hierders mei in maatskiplik profyl mar ek oar gebrûk wurd net útsluten. Dizze kampanje sil in tal moannen de tiid nedich hawwe. Fan july ôf wurdt de gemeente formeel eigener fan it gebou. Dêrmei komt it gebou ek kwa behear en ûnderhâld by de gemeente te lizzen. It behear besykje wy fergelykber mei oare gemeentlike gebouwen (bygelyks sporthallen en MFC De Tredder) op te pakken. Mei de hjoeddeistige brûkers is oerlis oer ûnderhâld, gebrûk en hierkontrakten. It swimbad sil nei ferwachting yn april slute. Sa fier’t wy witte hawwe de klanten plak fûn by it swimbad yn Dokkum. Wy meitsje mei it doarp ôfspraken oer de hier fan harren doarpshûs-romte It MFC biedt neist ûnderdak oan de ferskate sporten en BSO ek plak oan ferskate aktiviteiten dy’t passe by in doarpshûs. Nei july kinne tal fan dizze aktiviteiten troch gean.

Mei it MFC bestjoer en doarpsbelang besjogge wy wat gaadlik is kwa romtegebrûk, hier en wa’t it bestjoere sil. Planning • Yn febrewaris hawwe wy de measte saken oangeande behear, ûnderhâld, ferduorsuming en de kosten dy’t hjir by hearre yn byld; • Oan de kant fan ynkomsten hawwe wy skerp wat de hjoeddeistige brûkers oan hier betelje kinne. It finen fan ekstra hierders fia in ferhierkampanje hat mear tiid nedich, mooglik oant maaie 2025; • Wy sille foar de takomst fan it doarpshûs en de oare basisfoarsjennings mei ferskate partijen yn petear moatte, mar foaral mei it doarp. Dit proses kin wol oant july duorje moatte. Méi de griffy sjogge wy nei in gaadlike planning om jo as ried fierder te ynformearjen. Sa’t it no liket sil dit krekt nei de simmer wêze. Parallel hjiroan rint ek it ûndersyk fan de rekkenkeamer Dit rint neist it ûndersyk nei werstrukturearring en hat syn eigen tiidpaad. Wy stypje dit ûndersyk wêr’t it kin.

Heechachtsjend, Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân,

H.J.C.M. Verbunt, MBA Sekretaris

mr. J.G. Kramer Boargemaster

–2–

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=c262be25-67e0-4346-85b5-b23f3535e0e4