241017 Bijlage collegebrief aan raad - moasje 7 july 2022
Tekst van het document
2022-100443 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 10 yn de riedsgearkomste fan 7 july 2022
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 july 2022
Underwerp: Fytsestalling binnenstêd
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: ➢ de fytser hieltyd wichtiger wurdt yn ’t ferkear; ➢ yn ’e kolleezjebrief fan 12 novimber 2020 omskreaun wurdt dat it needsaaklik is om it fytsparkeren yn’e binnenstêd út te wreidzjen; oerwaagjend dat: ➢ der yn de binnenstêd fan Dokkum te min romte is om de fyts op in goede, feilige wize te parkearjen; ➢ dit liedt ta argewaasje en bytiden gefaarlike sitewaasjes; ➢ de binnenstêd in oantreklik ferbliuwsgebiet is en bliuwe moat; ➢ mear fytsparkearjen liede kin ta mear fytsferkear; ropt it kolleezje op: ➢ by it opstellen fan it mobiliteitsplan rom omtinken te jaan oan it fytsferkear; ➢ by in eventuele werynrjochting fan de iepenbiere romte rom omtinken te jaan oan fytspaden/stroken; ➢ te ûndersykjen wat de mooglikheden binne foar ekstra fytsparkearromte en eventueel in fytsestalling yn de binnenstêd fan Dokkum sa as ek omskreaun yn’e kolleezjebrief fan 12 novimber 2020, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), S!N, GBNF, VVD, CDA, BVNL
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, VVD, CDA, BVNL, CU, PvdA (29)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 july 2022. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:34:24 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 11/07/2022 11:36:52 CEST ID: 8151756e-516a-442e-98aa-65a5e0cbcd03 Auth: Scribble