CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

230629 Moasje - in drinkwettertaap op elk skoalplein yn Noardeast-Fryslân

It Beslút 29 juni 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje frjemd - S!N-FNP-VVD-BVNL-GBNF-CDA-fractie Tien-CU - in drinkwettertaap op elk skoalplein yn Noardeast-Fryslân438 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2023-148650 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 29 juny 2023.

Underwerp: In drinkwettertaap op elk skoalplein yn Noardeast-Fryslân

De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: • it Nederlânske drinkwetter kwalitatyf bekend stiet as it bêste fan de wrâld; • 90% fan de Nederlanners bûten de doar leaver kraanwetter drinkt as boarnewetter; • kraanwetter oan folle mear easken foldocht as flessewetter; • de Klyster him ynset mei it projekt ‘Ik bin natoer’ om bern (en âlders) bewust te meitsjen dat drinkwetter tige wichtich is foar de sûnens; • de Klyster it wichtich fynt dat der op elk skoalplein in drinkwettertaap komt; • der yn ús gemeente in lokale JOGG-oanpak is yn de foarm fan “Sûn op eigen grûn”, dy’t skoallen ynformearret oer it bewust wurden fan harren sûnens troch de kampanje #Drinkwater; • it drinken fan kraanwetter net allinnich miljeufreonlik is, mar ek in bydrage leverje kin oan it tsjingean fan oergewicht; • skjin drinkwetter wichtich is foar bern en tagong ta skjin en feilich drinkwetter bydraacht oan harren sûnens, fiedingssûnens, ûnderwiis en dus harren wolwêzen en ûntwikkeling; • it wichtich is om bern tusken de 4 en 12 jier te stimulearjen om wetter te drinken: “Sûne jeugd sûne takomst”; is fan betinken dat: • wy mei it oanbieden fan fergees drinkwetter op skoalpleinen temjitte komme oan it deistige mannichte wetter en de sûnens fan bern; fersiket it kolleezje: • ynsichtlik te meitsjen hoefolle skoallen der yn Noardeast-Fryslân binne dy ’t in drinkwettertaap ûntfange wolle, sadat skoallen oan

de slach gean mei it stimulearjen fan it drinken fan wetter;

• • •

ynsichtlik te meitsjen yn gearwurking mei de Klyster hokker kosten oft dat mei him meibringt; de befiningen fan dit ûndersyk mei de ried te dielen; op basis fan de útkomsten fan it ûndersyk in útstel mei te nimmen yn de begrutting fan 2024,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: R.J. Torensma (SIN) en B. van Dellen (FNP), VVD, BVNL, GBNF, CDA, fractie Tien, CU

Stimming

Foar: SIN, FNP, VVD, BVNL, GBNF, CDA, fractie Tien, CU, PvdA (26)

Tsjin:-

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 29 juni 2023. De ried niisneamd, de plf. griffier, Signed By: S. Kooistra <s.kooistra@noardeast-fryslan.nl> 30/06/2023 12:36:21 CEST ID: 631c4f83-aed3-4af3-82de-3907428d5c9f

{{Signer1}} Auth: Scribble

S. Kooistra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 30/06/2023 14:03:30 CEST ID: 631c4f83-aed3-4af3-82de-3907428d5c9f

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=69e6197b-3b75-4d14-b6f1-1323c8cfc490