CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

220519 Inspraaktekst - inspreker 1

It Debat 19 mei 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Insprekers Rondweg Wânswert494 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Goejûn allegear

Myn namme is Hinke Kooistra. Tegeare mei myn dochter Sjoukje Zijlstra en myn skoansoan Sergio Boscolo haw wy in buorkerij oan de Kleasterdyk yn Wânswert. Wy dogge oan jongveeopfok en we halde skiep. We haw ek in keppeltsje nubische geiten in allegear ferskate kleuren.

Wy wienen onaangenaam verrast, om it foarsichtig ut te drukken, doe t we yn november 2021 te hearren krigen dat er in dyk dwers troch ûs lân betocht wie. Yn juni 2019 wienen de boeren om Wânswert hinne yn doarphûs Eldorado by elkoar west om fan gedachten te wisseljen oer in tal plannen dyt in rounwei ticht om Wânswert hinne foarstienen. Dêrnei wie er in grutte stilte die t oan november 2021 duorre. Wat er yn die tijd bart is, bliuwt wat skimmig. Mar ynienen dus dan dit presticieuse plan.

Op de foarljochtingjûn yn april wer de yndruk wekt dat elkenien op san lang stik asfalt dwers troch de lannen sit te wachtsjen. Nee dus, dat er wat oan de situatie yn Wânswert dien wurde moat is wol dudlik mar it moat al wat yn proportie bliuwe. Sa is de mooglikheid om fia de Sudermieden by Hallum op de Ljouwerterdyk te kommen nooit serieus ûndersocht. It fundament ûnder de Sudermieden soe net goed weze. No, ûnder de ny oan te lizzen dyk leit hielendal gun fundament. Tsjinwurdich spielet de stikstof-ûtstoat in wichtige rol. Yn Drenthe kin de foarstelling t Pauperparadijs net trochgien omdat er tefolle auto s ferwachte wurde. Wat er by de oaniis fan sa’n dyk de loft yn giet makket net safolle ût sa t liket.... Wat my ferbaast hat yn de ferskate schetsen fan de dyk is dat er sa min gebrûk makke wurdt fan de besteande grinzen tusken de lâneigenaren. As jo op de ûteinen fan de stikken iân langs geane, haw jo as boer folie minder skea dan dat se er dwers trochhinne batse. It skeelt yn elk gefal in sleat. It is ek net slim dat er hjir en der wat bochtjes komme want de dyk hat alles yn him om in racebaan te wu rd en. Wat de measten fan jim net yn e gaten haw is dat de dyk troch in unyk gebiet moat. Hjir bin nog moaie greppelstikjes en bin de sleaten net aliegear like rjocht. Ek it belang fan de weidefugels moat net ûnderskat wurde.

It gjit stad ichoan wer better mei de Ijippen en de skriezen en dat moat nedich al sa bliuwe. Mei de oanlis fan dit stik dyk binne we der ek nog net. Bygeiyks de Kleasterdyk en yn it ferlengde de Nieuwe Weg bin net sa best en foaral de oansluting op de Ljouwerterdyk yn Marrum is gefaarlik. As leaste de begrutting fan de kosten. De begrutting fan de kosten fan dit stik dyk stiet op in lytse 6 miljoen euro. Yn dizze tiid fan ontpioffende priisen, kinne jo op e klompen wol oanfiele dat dat net goed komt.

Bedankt foarjim oandacht

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=7565e939-0bdd-4cea-91cf-15320cbadd61