CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

220127 OANNAAM - Moasje frjemd FNP - Behâld bernehertsjirurgy UMCG

It Beslút 27 januari 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Oannaam moasje frjemd - Behâld bernehertsjirurgy UMCG538 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2022-020355 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 27-01-2022

Underwerp: Behâld bernehertsjirurgy UMCG

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: - it kabinet foarnimmens is de ôfdieling bernehertsjirurgy yn it UMCG Grins te sluten en ek de operaasjes foar folwoeksenen mei mear komplekse hertôfwikings te konsintrearjen op twa plakken yn Nederlân, te witten it UMC Utrecht en it Erasmus MC yn Rotterdam; - it kabinet en syn adviseurs har benammen basearje op arguminten op it mêd fan effisjinsje, doelmjittigens, kosten en soarchkwaliteit; oerwaagjend dat: - der sadwaande te min in ôfwaging makke wurdt wêryn it perspektyf en de belangen fan de (jonge) pasjinten en harren âlden sels swier meitelle; - de berikberens en beskikberens fan essensjele soarch yn de regio en regionale sprieding net lykje te tellen; - mei it ferdwinen fan de berne- en komplekse hertsjirurgy net allinnich essensjele hertsoarch út it Noarden ferdwynt, it slacht ek in gat yn de multidissiplinêre soarchferliening fan it sikehûs; - foar âlders fan bern en de bern sels it ûndergean fan in operaasje en alle byhearrende ûndersiken, kontrôles en neisoarch mei sa’n lange reistiid in enoarme belesting is boppe-op de soargen dy’t hja dochs al hawwe; - de berikberens fan essensjele soarch foar de doelgroep hertpasjinten yn it Noarden slim ûnderstek dien wurdt; mei in striel fan 100 km om elts spesjalisearre akademysk sikehûs sil in grut part fan Nederlân aanst net mear binnen in akseptabele reisôfstân betsjinne wurde;

fierder oerwaagjend dat: - der in breed maatskiplik ferset tsjin de foarnommen sluting fan it sintrum foar bernehertsjirugy fan it UMCG en konsintraasje yn de Rânestêd op gong kommen is, blikend út 256.967 hantekeningen (stân 20 jan 2022) ûnder de petysje ‘Laat UMCG een (kind)hartcentrum blijven’ en tal fan stikken yn de parse;

-

der op polityk nivo ûnderwilens alle war dien wurdt foar it behâld foar de regio fan de bernehertsjirurgy by it UMCG, bygelyks mei in brânbrief oan de minister fan VWS út namme fan alle politike partijen yn Provinsjale Steaten fan Grinslân, Fryslân, Drinte, Oerisel en de gemeenteried fan Grins;

fersiket it kolleezje: - om as kolleezje fan de gemeente Noardeast-Fryslân, dy’t hjir rjochtstreeks troch rekke wurdt en solidêr wêze wol mei buorgemeenten út ús buorprovinsje, alle war te dwaan foar it behâld fan it sintrum foar bernehertsjirurgy fan it UMCG yn Grins, en dit ek dúdlik nei bûten te úterjen; - de ried op de hichte te hâlden fan de fuortgong, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: A.J. Soepboer (FNP), S!N, VVD, AL, GB

Stimming

Foar: S!N, Al, FNP, CDA, CU, GB, PvdA en VVD (25)

Tsjin: 0

MOASJE OANNAAM

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 27 jannewaris 2022. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> {{Signer1}} 28/01/2022 12:21:15 CET

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> {{Signer2}} 28/01/2022 12:26:40 CET

ID: dd2b026e-67a4-40f1-aab7-f00b62e22957 Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

ID: dd2b026e-67a4-40f1-aab7-f00b62e22957 Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=11e9667d-b691-4f8c-ba94-10af6450a81a