211202 Moasje - FNP - Griengas (TFW) - ynlutsen
Tekst van het document
Z332025-2021 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 6 yn de riedsgearkomste fan 2 desimber 2021
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 2 desimber 2021
Underwerp: Griengas
De ried, heart it beried, konstatearjend dat: • de transysje-fyzje waarmte (TFW) in fyzjedokumint op haadlinen is; • nei it fêstlizzen fan it fyzjedokumint TFW, it útrôljen fan de TFW in kolleezjefoech is; • besteande gasnetten mei inkele oanpassingen al duorsume gassen as biogas, griengas en wetterstofgas nei gebouwen ferfiere kinne; • de technyk fan it produsearjen fan grien gas op dit stuit in protte stank- en lûdsoerlêst mei bringt; dDer op dit stuit in grutte mienskiplike wjerstân tsjin dongfergisters hearsket; fan oardiel dat: • grien gas allinnich grien wêze kin as de dong echt út eigen omjouwing yn Noardeast helle wurdt en fuortendaliks by de boarne (buorkerij) fergiste wurdt; • der al in oerskot fan dong yn de eigen omjouwing fan de buorkerij wêze moat, oars kreëarest in gebrek oan stikstof yn de keten; • sadra’t it fan fierder ôf helle en dus ferfierd wurdt, it nea CO2 redusearjend wêze kin (ûnder oare troch ekstra ferfiersbewegingen); • troch de brede oerlêst dy’t noch altyd mei de hjoeddeiske technyk anneks giet, it produsearjen fan grien gas no te betiid foar de gemeente Noardeast-Fryslân komt; • de technyk yn beweging en ûntwikkeling is en yn de takomst faaks de stank- en lûdsoerlêst te redusearjen is ta nul; ropt it kolleezje op om • de doar nei griengas net ticht te smiten foar as der yn de takomst techniken komme dy’t stank- en lûdsoerlêst útslute, mar it oant
dat stuit net mei te nimmen as gaadlike opsje yn de TFW, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: B. Koonstra (FNP), AL
Moasje YNLUTSEN