210415 Brief oer fêstlizzing Frysktalige plaknammen
Tekst van het document
De Gordyk, 15 april 2021
Oan de ried en it kolleezje fan de gemeente Noardeast-Fryslân Postbus 13 9290 AA KOLLUM
Rju achte ried, rju achte kolleezje, Mei it each op it fêstlizzen fan de Frysktalige doarpsnammen yn de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) hat de Topografyske Wurkgroep Fryslân (TWF) kontakt hân mei twa doarpen. Foar Augsbuert of Lytsewâld wie dat kontakt mei en foar De Skâns mei fan it doarpsbelang. Wy hawwe en telefoanysk en digitaal ús opmerkingen en ideeën mei harren dield. Wy stjoere jimme noch efkes yn ús eigen wurden punt foar punt wêr’t wy mei harren oer diskusjearre hawwe. Fansels sjogge wy by al ús krewearjen nei de romte of de beheining fan kêst 10:2g fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (Hânfêst). Augsbuert en/of Lytsewâld As wy nei it komboerd fan hjoed-de-dei sjogge, dan liket it krekt oft Lytsewâld de Fryske en Augsbuurt de Nederlânsktalige plaknamme is. Mar soks is hielendal net wis. •
•
•
Fansels is de namme Lytsewâld sa Frysk as it mar kin. Mar de namme Augsbuert sa’t we dy yn de Fryske stavering fan hjoed-de-dei skriuwe soene is nei alle gedachten âlder as dat yn ús kriten yn it Nederlânsk skreaun wurdt. En dêrmei soe it dus om in Fryske plaknamme gean. Nei it jier 1498 moasten de amtners “Nederlânsk” skriuwe en komt Augsbuert foar as Aeltsbuur (15e iuw), Alterbuur (begjin 16e iuw), Ausbuyr (1664), Ausbuir of Ausbuer (1718), ek komt de foarm Augsbuirt en letter dy fan Augsbuurt (1847) foar. (Karel F. Gildemacher) De doarpshimrik wurdt op de eardere kaarten meastal oan twa nammen keppele mei dêrtusken it wurdsje “of(f)”. Iuwenlang hat dy himrik dus gewoan twa nammen hân.
Hoe’t dy falske tsjinstelling Nederlânsk <> Frysk ûntstien is, kinne wy net mear efterhelje. Mar it momint fan no jout ‘e gaadlike gelegenheid om dy
flater te ferhelpen. Mei in knypeach nei it Ausbuer fan Schotanus sr. út 1718 stelle wy út om de beide nammen ferbûn mei it wurdsje “of” of mei in keppelstreekje yn de hjoeddeiske Fryske stavering yn de GBA fêst te lizzen. Dus Augsbuert-Lytsewâld mei “ue” stavere. Fryske wjergaders fan ‘e strjitnammen Lutjewoude en Lijkweg soene soks hielendal kompleet meitsje.
De Skâns-Oostmahorn Twa nammen dy’t út twa talen komme en eigentlik nea echt oerset binne nei dy oare taal. De iene is in lânskipselemint en de oare is in fjildnamme. •
• •
De namme De Skâns wurdt yn it deistich brûken nea útsprutsen as De Schans en fan Oostmahorn binne der allinne mar de Frysktalige ferbastering Oastmahorn of de hyperfryske foarm Eastmeherne te finen. Wol ken it Eagersk de foarmen Aistmaherne en Aistmeherne. De namme Oostmahorn is eins in fjildnamme lykas Gaasterlân en it foar koart fêstleine ’t Bildt foar it gebiet fan de âlde gemeente It Bilt.
Dêr sit miskien dan ek in oplossing yn. •
• •
Troch de hoeke of herne – tusken de âlde seedyk dy’t ûnder de Ljussemer- en Bantpolder nei it easten rint, by de slinke ôfbûcht nei Ezumasyl en by de Saatsenwei lâns werom rint – foar “altiten” de namme Oostmahorn yn it Nederlânsk te jaan, soene de toeristyske bedriuwen frij mei dy namme boartsje kinne, sûnder oan de namme De Skâns ôfbrek te dwaan. Sa komt it rekreaasjepark Esonstad ek op ‘e Oostmahorn te lizzen en wa wit wat dêr yn ‘e takomst noch mear ûntstiet. De namme De Skâns wurdt dan beheind ta it gebiet fan de eardere buorskip, no it doarp, dy’t op it puntsje fan dy Oostmahorn ûntstien is.
Terreinferlies fan it Frysk Yn it gebiet beëasten Kollum sjogge wy nei 1600 terreinferlies fan it Frysk oan it Westerkertiersk, in dialekt binnen it Nedersaksysk. Dat wol net sizze dat der gjin Frysk praat wurdt yn dy streek. •
•
• • •
It Westerkertiersk falt op basis fan dat Nedersaksysk ûnder diel II fan it Hânfêst. Dêrtroch wurde plaknammen as Warfstermeul en Muntjesyl net beskerme. Foar de Frysktalige plaknammen Boerum, Warfstermûne en Muntsjesyl jildt dy beskerming wol ûnder diel III. Foar de TWF leit de kar foar Warfstermeul en Muntjesyl foar de hân, mar mocht in ynwenner fan sa’n doarp him of har beroppe op de rjochten binnen it Hânfêst dan hat de gemeente Noardeast-Fryslân in probleem. Boppedat sil de TWF sa’n ynwenner net syn spesifike kennis ûnthâlde. By de kar tusken Warfstermeul en Warfstermûne freget de TWF him ôf oft yn de streek no de foarm mûne of mole, lykas yn Bitgummole, brûkt wurdt. Beide binne Frysk. De Frysktalige fariant Bwrum (“oe”) waard ein 16e iuw al optekene. Hjoed-de-dei wurdt troch guon ynwenners noch altiten dy útspraak Boerum brûkt. “Hja prate(n) dêr ek Boerms!” De Pomp en Kollumerpomp binne alle twa Frysk. In dûbele namme op it komboerd heakket eins neat ta.
Wy hoopje mei ús ideeën en opmerkingen by te dragen oan in goede ymplemintaasje fan de Fryske plaknammen yn jimme gemeente. Fansels binne wy ree ien en oar mûnling ta te ljochtsjen. Mei direkte fragen kinne jo by ús wurdfierder te lâne.
Mei freonlike groetnis,
Topografyske Wurkgroep Fryslân E-adres towufrysk@knid.nl