CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

2026 07 02 Amendemint Kadernota FNP-PvdA - Leefbere doarpen en wiken troch sterke basisfoarsjennings

It Beslút 2 juli 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Kadernota 2027197 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2026- 148670 AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: 10 (Kadernota)

Underwerp: Leefbere doarpen en wiken troch sterke basisfoarsjennings

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 2 july 2026 beslút: Yn te stimmen mei taheakke Kadernota 2027 as ramt foar de op te stellen Begrutting 2027, dêrby ynbegrepen de folgjende wiziging: Programma 2 – Mienskip Oan de kearndoelstelling ‘Verbeteren toekomstbestendigheid van maatschappelijke voorzieningen en inspirerende leeromgevingen’ wurdt oan de Toelichting tafoegd: “Dêrby is it behâld fan in passend nivo fan maatskiplike basisfoarsjennings yn doarpen en wiken in wichtich útgongspunt. De gemeente stimulearret gearwurking, multyfunksjoneel gebrûk en lokale inisjativen, sadat foarsjenningen bliuwend bydrage oan de leefberens, sosjale gearhing en de fitaliteit fan de mienskip.”

Taljochting: De hjoeddeistige tekst rjochtet him foaral op it takomstbestindich meitsjen fan foarsjenningen. Dit amendemint ferdúdliket dat foarsjennings in middel binne om de leefberens fan doarpen en wiken te behâlden en te fersterkjen.

Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), PvdA

Stimming

Foar:

Tsjin: Amendemint oannaam / net oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 2 july 2026. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=2fac8d41-49e4-4151-b28d-21de1b30915e