CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

2026 07 02 Amendemint GBNF-CDA-CU-S!N-VVD - Akoestyk riedsseal

It Beslút 2 juli 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Nagalmtijd raadszaal reduceren280 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2026-146336

AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: 7 (Neigalmtiid riedsseal)

Underwerp: Doelmjittige en werbrûkbere akoestyske oplossing riedsseal

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 2 july 2026 beslút it foarlizzende beslútpunt 2 as folget oan te foljen: 2. Yn te stimmen mei de foarstelde oplossing foar it werombringen fan de neigalmtiid, ûnder de betingsten dat by de útfiering: a. binnen de jildende ynkeapregels en sûnder ûnnedige fertraging ûndersocht wurdt oft de opdracht hielendal of foar in part troch ien of mear bedriuwen út de gemeente NoardeastFryslân útfierd wurde kin; b. keazen wurdt foar in sa werbrûkber mooglike oplossing mei maatskiplike restwearde, bygelyks troch bedrukbere panielen of screens mei werkenbere bylden út de gemeente; c. rekken hâlden wurdt mei in mooglike twadde bestimming foar de panielen of screens nei ferbouwing of ferpleatsing fan de riedsseal, sadat dizze sa mooglik werpleatst of skonken wurde kinne oan in doarp, doarpshûs, MFC, skoalle of maatskiplike organisaasje.

Taljochting: De ried fynt goede fersteanberens yn de riedsseal wichtich. Tagelyk giet it om in ynvestearring yn in romte dêr’t ferbou- of nijbouplannen foar binne. Dêrom moat de oplossing net allinnich praktysk wêze foar no, mar ek sober, doelmjittich en safolle mooglik werbrûkber. Mei dit amendemint wurdt fêstlein dat der binnen de ynkeapregels sjoen wurdt nei lokale útfiering, en dat de panielen of screens letter in maatskiplike twadde bestimming krije kinne.

Yntsjinne troch: A. Braaksma (GBNF), CDA, CU, S!N, VVD

Stimming

Foar:

Tsjin:

Amendemint oannaam / net oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 2 july 2026. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=27731cbd-a760-4bbe-8372-adb37dbc8994