2026 01 29 Moasje frjemd - Kultuersubsydzjes yn it ramt fan nije kultuernota
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2026-016460 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 29 jannewaris 2026
Underwerp: Oersjoch en evaluaasje fan kultuersubsydzjes yn it ramt fan de nije kultuernota
De ried, heard it beried, fan miening dat: • kulturele aktiviteiten bydrage oan it wolwêzen fan ynwenners; • kulturele aktiviteiten bydrage oan ienheid en ferbining yn wiken en doarpen; • kultuer in wichtige rol spilet by it foarkommen en ferlichtsjen fan iensumens; • de gemeente Noardeast-Fryslân in ambysje hat om de regio mei Dokkum as stêd stevich te posysjonearjen, ûnder oare troch mear toeristen te lûken; fan oardiel dat: • by in stevich posysjoneare regio en stêd in folweardich en ûnderskiedend kultureel oanbod heart dat profesjoneel programmearre wurdt; • in dúdlik en ynsichtlik subsydjebelied foar kultuer bydraacht oan fokus, kwaliteit en ferantwurding fan publike middels; • it yn it ramt fan de aktualisearring fan de kultuernota needsaaklik is om de hjoeddeiske hichte, ferdieling en betingsten fan kultuersubsydzjes op ’e nij tsjin it ljocht te hâlden; fersiket it kolleezje: • foar de aktualisearring fan de kultuernota in brede, yngeande analyze en evaluaasje út te fieren fan de besteande regelingen foar kultuersubsydzjes, ynklusyf doel, hichte, ferdielingskritearia en ferantwurdingsferplichtings; • op basis fan dizze brede analyze en evaluaasje ferskillende opsjes út te wurkjen foar in (mooglik oanpast) subsydjebelied foar kultuer, dêr’t ûnder oare de posysje fan ûnderskiedend en profesjoneel kultureel oanbod yn befêstige wurdt;
•
de ried dizze brede analyse en evaluaasje en de mooglike opsjes foar te lizzen foardat in foarstel foar de nije kultuernota definityf fêststeld wurdt, mar yn elts gefal foar oktober 2026,
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: F. Meindertsma (FNP), CDA, CU, GB
Stimming
Foar: FNP, CDA, CU GB, S!N, PvdA (23)
Tsjin: LNF (3)
Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 29 jannewaris 2026. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
Signed By: Dijkstra, Sytze 2026-01-30T14:07:32+01:00 ID: 83a0a2d1-a969-42ad-be1c-6a07944672a5 Auth: Scribble
{{Signer1}}
Signed By: Kramer, Johannes 2026-01-30T15:36:21+01:00 ID: 83a0a2d1-a969-42ad-be1c-6a07944672a5 Auth: Scribble
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer