2024 12 19 Moasje frjemd - Feiterelaas learlingeferfier
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2024-271802 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 19 desimber 2024
Underwerp: Feiterelaas learlingeferfier
De ried, heard it beried, yn beried nimmend dat: • it bestjoer fan Jobinder opstapplakken oanwiisd hat en Jobinder dit kommunisearre hat as in pilot foar opstapplakken yn it learlingeferfier, dy’t starte soe op 6 jannewaris 2025 en dy’t ûnderwilens foarlopich net troch giet; fan oardiel dat: • der in pilot opset wurden is mei in tekoart oan kommunikaasje, tiidsdruk, operasjonele en organisatoaryske tekoarten; • it hastige berop op gesinnen net tsjûget fan in soad meitinken rjochting de learlingen en harren gesinnen; • it begelieden fan dizze spesifyke doelgroep learlingen, freget om kennis en kundigens én in VOG; fersiket it kolleezje om: • yn petear mei de buorgemeenten en Jobinder op koarte termyn in analyze te meitsjen fan de tariedings en omstannichheden dy’t lied ha ta it opsetten en net trochgean fan de pilot; • om de ried te ynformearjen oer de nije ynsichten, oplossingsrjochtingen en senario’s nei’t de analyze dien is; • by dizze oplossingsrjochtingen âlders en oare belanghawwenden te belûken en de belutsen gemeenterieden oer de útkomsten te ynformearjen; • foar de simmer fan 2025 rjochting de ried mei in feiterelaas en takomstperspektyf te kommen oer de gong fan saken wat de pilot opstapplakken fan Jobinder oanbelanget; • hjir yn mei te nimmen: o kommunikaasje;
tiidline; it proses sa’t dat ferrûn is; konklúsjes en oanbefellingen; hokker stappen der set wurde om nije problemen yn it skoallejier 2025-2026 te foarkommen; o wat it oardiel fan it kolleezje is oer de kommunikaasje rjochting âlders, learlingen, de ried, ferfierders en oare wichtige belanghawwenden; yn ‘e tuskentiid de extra fraach om learlingeferfier romhertich te organisearjen, o o o o
•
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: Marije van der Staal (S!N), LNF, VVD, PvdA
Stimming
Foar: S!N, LNF, VVD, PvdA, FNP, CDA, CU, GBNF (27)
Tsjin: -
Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 19 desimber 2024. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 20/12/2024 11:29:31 CET ID: 4088b612-28a7-4ff3-b0b6-78736df48438 Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 20/12/2024 11:30:54 CET ID: 4088b612-28a7-4ff3-b0b6-78736df48438 Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer