2024 03 07 Moasje frjemd - Stjer fan Noardeast-Fryslân
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2024-055037 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 maart 2024
Underwerp: De Stjer fan Noardeast-Fryslân
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • der op dit stuit gjin earepinning is yn ús gemeente; oerwaagjend dat: • der in wize wêze moatte soe wêrop wy immen tank sizze kinne foar útsûnderlike prestaasjes; • in earepinning in moaie wize is om de wurdearring út te sprekken foar immen dy’t op gehiel frijwillige basis him of har op bysûndere wize ynspand hat; • in earepinning in moaie wize is om wurdearring út te sprekken foar immen dy’t in opfallende prestaasje levere hat of wurksumheden dien hat; fersiket it kolleezje: • de Stjer fan Noardeast-Fryslân as earepinning in plak te jaan yn ús gemeente; • de Stjer fan Noardeast-Fryslân yn sa’n foarm te jitten dat immen in moai oantinken kriget; • út te wurkjen wannear’t immen hjirfoar yn oanmerking komt, mar dit yn elts gefal te keppeljen oan in prestaasje op it maatskiplik, sosjaal, ekonomysk, wittenskiplik, sportyf, kultureel, natoer gebiet; • de kosten te heljen út de representaasjekosten; • in beoardielingskommisje te foarmjen, foarsitten troch de boargemaster, dy’t de Stjer takent; • de Ried hjiroer te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: F. Meindertsma (FNP)
Stimming
Foar: FNP, S!N, CDA, CU, BVNL, PvdA, GBNF, VVD (27)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 maart 2024. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 08/03/2024 14:10:21 CET ID: 9861fd73-02fa-4667-a1b5-33341e4589c8 Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 08/03/2024 21:14:12 CET ID: 9861fd73-02fa-4667-a1b5-33341e4589c8 Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer