2023 12 07 Moasje frjemd - Reklame yn de APV
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-264282 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 7 desimber 2023
Underwerp: Reklame yn de APV
De ried, heard it beried, yn beried nimmend dat: ➢ yn de praktyk blykt dat der foar it ferlinen fan fergunningen net genôch rjochtlinen binne om (ferljochte) reklames en úthangboarden yn de binnenstêd te regulearjen; ➢ der yn it ferline in regeling foar wie yn de APV foar de binnenstêd fan Dokkum en dizze by de harmonisaasje ferdwûn is; ➢ it gaadlik is om dizze APV-regel wer yn te fieren en út te wreidsjen nei de sintrums fan de doarpen; fierder yn beried nimmend dat: ➢ der sprake is fan grutte ljochtfersmoarging op yndustrieterreinen en sommige winkelpannen; ➢ dit gjin sin hat as it gros fan de minsken op bêd leit; ➢ dit ek yn it ramt fan fûgelbeskerming net winsklik is; ➢ dit enerzjy kostet, wat yn dizze tiid ek net winsklk is; ➢ it gaadlik is om in artikel yn de APV om te nimmen sadat ljochtreklame net mear kin tusken 23.00 en 06.00 oere; fersiket it kolleezje: ➢ mei in riedsútstel ta oanpassing fan de APV fan Noardeast-Fryslân op twa punten te kommen: 1. Verbod, geldend voor de gehele gemeente, om zonder vergunning van het college op of aan een onroerende zaak handelsreclame te maken of te voeren met behulp van een opschrift, aankondiging of afbeelding in welke vorm dan ook, die vanaf de weg zichtbaar is; 2. Verbod op verlichte reklame van 23.00 tot 06.00 uur indien het bedrijf gesloten is voor
publiek,
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: F. Breeuwsma (FNP), S!N, Tien, CU, PvdA
Stimming
Foar: FNP, S!N, Tien, CU, PvdA (20)
Tsjin: CDA, BVNL (6)
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 7 desimber 2023. De ried niisneamd, de (plv.) griffier, Signed By: S. Kooistra <S.Kooistra@noardeast-fryslan.nl> 11/12/2023 10:10:09 CET ID: 4cd8d234-ddf3-466d-9cee-92f772af91f0
{{Signer1}} Auth: Scribble
S. Kooistra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 11/12/2023 10:52:34 CET ID: 4cd8d234-ddf3-466d-9cee-92f772af91f0
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer