CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

2023 10 19 Moasje frjemd - fan fertrouwen JHF

It Beslút 19 oktober 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Motie vreemd - van wanhoop Woodbrookers // Moasje frjemd - fan fertrouwen JHF (Jeugdhulp Friesland)326 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2023-233235 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 19 oktober 2023

Underwerp: Moasje fan werombringen fertrouwen JHF

De ried, heard it beried, oerwaagjende dat: - der slimme misstannen west ha op ien lokaasje foar komplekse jeugdsoarch fan in kontraktearre partij; - hjirtroch it fertrouwen bot skeind is by minsken en partijen dy’t mei dizze lokaasje en kontraktearre partij fan dwaan hiene en hawwe; - der ferbetterplannen en konkrete aksjes yn gong setten binne by dizze kontraktearre partij; - de kontraktearre partij foar hiel folle jeugd en jongerein yn Fryslân soarch biedet en wy as gemeente en yn SDF-ferbân ynsette moatte op in duorsume gearwurking; - de ynspeksje fertrouwen hat yn ferbetteraksjes fan kontraktearre partij; fan oardiel dat: - je dêrtroch hast ferjitte soene dat de kontraktearre partij hiel folle oare soarch biedt oan sa’n 2700 oare jongeren yn Fryslân; - wy as polityk sels dreech oer de kwaliteit fan soarch oardiele kinne; - der ynset wêze moat op de fierdere gearwurking mei kontraktearre partij; ropt it kolleezje op: - ta herstel fan fertrouwen yn Jeugdhulp Friesland (JHF) te kommen; - om yn SDF-ferbân yn petear te gean mei JHF, en - de ried dêroer te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: M. van der Staal (S!N), GB

Stimming

Foar: S!N, GB, CDA, BVNL, PvdA, FNP, CU en VVD (26)

Tsjin: -

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 19 oktober 2019. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 20/10/2023 11:34:17 CEST ID: 4cb608d4-4b59-4dd6-8bba-eab822ad6117 Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 20/10/2023 11:36:47 CEST ID: 4cb608d4-4b59-4dd6-8bba-eab822ad6117 Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=ac82ab1e-9919-42f0-8551-4f35c6658e15