2023 07 13 Moasje - Ynvestearringssubsydzje Sionsberg - oannaam
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-134663 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 9 yn de riedsgearkomste fan 13 july 2023
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 13 july 2023
Underwerp: Ynvestearringsbudzjet Sionsberg
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • der yn it kader fan de kadernota no de kaders oanjûn wurde foar de takomstige útjeften yn 2024 en fierder; oerwaagjend dat: • Sionsberg fan grut maatskiplik belang is foar ús regio; • Sionsberg troch it fallisemint yn it ferline gjin finansjeel fet op 'e bonken hat; • Sionsberg goed dwaande is en harsels rêde kin, mar Sionsberg noch gjin fet op ’e bonken hat; dat hâldt yn dat se wurkje mei apparatuur dat oan ein is; • Sionsberg in sikehûs is fan ús allegear en it dêrom ferantwurde is om hjir tegearre mei in oantal stiftings, û.o. steunfûns Noardeast-Fryslân, in ienmalige bydrage te dwaan foar de ferfanging fan apparatuer; • Sionsberg fan grutte betsjutting is foar ús gemeente en wy harren dêrom stypje wolle mei 1 euro de ynwenner ienmalich, wat delkomt op € 45.812 (ynwenner oantal 2023); fersiket it kolleezje: • yn de begrutting 2024 fanút de Algemiene Reserve ienmalich in ynvestearringsbudzjet fan € 45.812 beskikber te stellen foar Sionsberg; • yn oerlis mei Sionsberg en Steunfonds Noardeast-Fryslân ien en oar hannen en fuotten te jaan, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), S!N, GBNF
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, PvdA (16)
Tsjin: CU, VVD, BVNL, CU, Fractie Tien (11) Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 13 july 2023. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 14/07/2023 15:34:13 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e
{{Signer1}} Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 15/07/2023 11:03:40 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer