2023 07 13 Moasje - Subsydzje-amtner - oannaam
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-134663 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 9 yn de riedsgearkomste fan 13 july 2023
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 13 july 2023
Underwerp: Subsydzje-amtner
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • der op dit stuit in soad mooglikheden binne foar bedriuwen, ynstânsjes en partikulieren om subsydzjes oan te freegjen by de gemeente, provinsje en it ryk; • de subsydzjes brûkt wurde kinne om dizze bedriuwen, ynstânsjes en partikulieren op ferskate mêden te stypjen en de jilden foar spesifike doeleinen beskikber steld wurde; • guon subsydzjes in oerlap hawwe mei inoar, wannear’t oanfregers yn breed ferbân fernije/ferbetterje/útfiere wolle; • de subsydzjes as betiidzjend ûnderfûn wurde troch oanfregers; yn beried nimmend dat: • de beskikbere subsydzjes fan de gemeente, provinsje en it ryk oantoanber net útput wurde; • subsydzjes op de goeie plakken telâne komme moatte en net op de planke lizzen bliuwe moatte; • der in soad subsydzjemooglikheden lizze by provinsje, ryk en yn Brussel dêr't wy noch gjin of te min gebrûk fan meitsje; ropt it kolleezje op: • (in) nije funksje(s) yn it libben te roppen en hjir ekstra formaasje foar op te nimmen foar de kommende twa jier om: o de subsydzjemooglikheden better ûnder de oandacht te bringen fan de beëage doelgroepen en dy by te stean mei harren oanfraach; o spesifyk materiaal te ûntwikkeljen (flyers, digitale kaarten ensfh.) om subsydzjes better ynsichtlik en oersichtlik te meitsjen foar ús ynwenners; o te ûndersykjen hokker subsydzjemooglikheden der by de provinsje, it ryk en yn Brussel
(byg. Interreg) binne dêr't wy gebrûk fan meitsje kinne soene en te helpen yn de oanfraach hjirfan; • de totale kosten foar dizze funksje yn ien kear insidinteel te foldwaan út de Algemiene Reserve en op te nimmen yn de begrutting 2024;
• •
nei twa jier in einevaluaasje út te fieren en te sjen oft de funksje permanint wurde kin en moat; de ried periodyk op de hichte te hâlden fan de ûntjouwings op dit mêd,
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), VVD, Fractie Tien
Stimming
Foar: FNP, VVD, Fractie Tien, S!N, GBNF, PvdA en BVNL (19)
Tsjin: CDA, CU (8)
Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 13 july 2023. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 14/07/2023 15:34:16 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e
{{Signer1}} Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 15/07/2023 11:03:40 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer