CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

2023 07 13 Amendemint - Lânskipsbiografyen ûnderwiis - oannaam

It Beslút 13 juli 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Vaststellen Kadernota 2024-2027 Noardeast-Fryslân388 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2023-134663 AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: Nr. 9 (Kadernota)

Underwerp: Lânskipsbiografyen yn it ûnderwiis

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 13 july 2023 beslút it foarstelde beslútpunt 1 as folget oan te passen: 1. De bijgaande Kadernota 2024-2027 vast te stellen met inbegrip van de volgende amendementen: - € 25.000 ienmalich beskikber te stellen yn 2024 fanút de Algemiene Reserve foar Lânskipsbiografyen yn it ûnderwiis;

Taljochting: Der lizze prachtige lânskipsbiografyen oer Noardeast Fryslân klear. Historysk besef is in wichtich part foar it behâld fan ús lânskip. Skoallen yn it primêr en foartset ûnderwiis binne ferplicht in x-oantal oeren yn ’e wike te besteegjen oan it Frysk. Lânskipsbiografyen sette de skiednis fan ús lânskip yn byld. By mear kennis oer ús lânskip, wurdt der mear hoeden mei it lânskip omgien. De jeugd hat faak net folle kennis fan de eigen omjouwing. Troch historysk besef fan ’e eigen ûmjouwing, wurdt de belutsenheid en leefberens grutter. Skoallen yn it primêr ûnderwiis hawwe op dit stuit gjin kurrikulum as lesmateriaal oer ús eigen lânskip. Skoallen yn sawol it primêr as it fuortset ûnderwiis binne ferplicht lessen yn it Frysk oan te bieden. Mei dit amendemint wolle wy in Fryske lessesearje oer ús lânskip ûntwikkelje litte troch in ekstern ûnderwiisburo. Yn de lessesearje wolle wy romte meitsje foar differinsjaasje sadat it oanslút by de belibbingswrâld fan bern, sawol yn de boppebou fan it basisûnderwiis as de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dizze lessesearje kin oan alle skoallen yn it primêr en foartset ûnderwiis yn de gemeente Noardeast-Fryslân oanbean wurde. Wy stelle út hjirfoar in bedrach fan € 25.000 te reservearjen yn ’e begrutting fan 2024.

Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP)

Stimming

Foar: FNP, S!N, GBNF, PvdA en CDA (20)

Tsjin: CU, BVNL, VVD en Fractie Tien (7)

Amendemint oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 13 july 2023. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 14/07/2023 15:34:13 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e

{{Signer1}} Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 15/07/2023 11:03:41 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=f2bc3438-80e4-4086-abf7-11ee3e57ff04