2023 07 13 Amendemint - Fûns sichtberens Frysk - oannaam
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-134663 AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: Nr. 9 (Kadernota)
Underwerp: Fûns foar mear sichtberens Frysk
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 13 july 2023 beslút it foarstelde beslútpunt 1 as folget oan te passen: 1. De bijgaande Kadernota 2024-2027 vast te stellen met inbegrip van de volgende amendementen: - Fanút de Algemiene Reserve in fûns op te nimmen fan € 200.000 (gemiddeld 50.000 per jier foar de kommende 4 jier) foar mear sichtberens fan it Frysk.
Taljochting: Der binne sûnt 1 jannewaris 2023 Fryske plaknammen ynfierd yn Noardeast-Fryslân en de Fryske kombuorden binne kommendewei binne. By ús gemeente stiet it Frysk heech yn it findel. Yn it koälysjeakkoart stiet dat de Fryske taal in lykweardich plak binnen ús meartalige gemeente hat, dat de gemeente dit aktyf útdraacht en dêr ek finansjeel yn bydrage wol. Der is by de provinsje subsydzje beskikber om Frysk mear sichtberens te jaan mar de gemeente is faak dochs it earste oansprekpunt foar minsken. Bebuording (bûten de kombuorden om) is no meastentiids yn it Nederlânsk. Bebuording, sa as ‘kom’-buorden en buorden rûn toeristyske trekpleisters, binne yn de measte gefallen ek goed te begripen is as dit yn ús memmetaal oanjûn wurdt. Op in soad oare plakken yn Europa wurdt ek de gebietseigen taal foarop set by ynformaasjefoarsjenning. Wy wolle mear ynsette op de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte yn de breedste sin. Byg. troch gemeentlike (ynformaasje-)buorden safolle as mooglik yn it Frysk oer te setten. De gemeente kin ynstânsjes en ferienings yn ús gemeente stimulearje ek harren uterings oer te setten en hjirby ek rekkening te hâlden mei de ferskate streektalen yn ús gemeente. Dêrom it útstel om hjirfoar yn de begrutting in fûns op te nimmen fan 200.000 euro (gemiddeld 50.000 per jier foar de kommende 4 jier).
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP)
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, PvdA (16)
Tsjin: CDA, CU, BVNL, Fractie Tien, VVD (11) Amendemint oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 13 july 2023. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 14/07/2023 15:34:13 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e
{{Signer1}} Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 15/07/2023 11:03:40 CEST ID: edc38b1b-d2fe-46c6-8ce1-ffcf9a8fcf0e
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer