2023 06 29 Amendemint Lokaasjeprofyl Tolhúspark - OANNAAM
Tekst van het document
2023-026308 AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: 9
Underwerp: Lokaasjeprofyl eveneminten Tolhúspark
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 29 juny 2023 beslút de folgjende winsken te hawwen foar it lokaasjeprofyl Eveneminten Tolhúspark: a) It Tolhúspark is geskikt foar sport- en sport relatearre eveneminten, mar der moat ek sjoen wurde nei mooglikheden foar oare eveneminten mei in sa lyts mooglike impact op de omjouwing. b) Net allinnich partijen dy’t op dit stuit gebrûk meitsje fan it Tolhúspark mar ek eventuele takomstige partijen moatte harren hâlde oan de lûdsnoarmen, dy't oanjûn wurde yn it lokaasjeprofyl. Dit jildt ek foar de (sport)ferienings.
Taljochting: Yn it riedsfoarstel wurdt frege gjin winsken en betingsten te jaan foar it lokaasjeprofyl eveneminten Tolhúspark. Dye betingsten ha wy wol. Wy wolle it beheine ta sport- en sport relatearre eveneminten en eventuele eveneminten op it mêd fan u.o. keunst, kultuer of - as foarbyld - in blomkemerk. Dit alles u.o. nei oanlieding fan de útkomsten fan de gearkomste ôfrûne moandei 26 juny 2023 mei de bewenners.
Yntsjinne troch: B. van Dellen (FNP), S!N, GBNF, fractie Tien
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, fractie Tien, BVNL (16)
Tsjin: CDA, CU, VVD, PvdA (10)
Amendemint oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 29 juny 2023.
De ried niisneamd, de plf. griffier, Signed By: S. Kooistra <s.kooistra@noardeast-fryslan.nl> 30/06/2023 12:39:57 CEST ID: f74ac11f-b498-4c02-9413-ee76f578111d
{{Signer1}} Auth: Scribble
mevr. S. Kooistra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 30/06/2023 14:07:02 CEST ID: f74ac11f-b498-4c02-9413-ee76f578111d
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer