2023 01 26 Amendemint FNP - GB - Krisisneedopfang Kollum
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-006798 AMENDEMINT Art. 48 RfO Agindapunt: 4c
Underwerp: Krisisneedopfang yn eardere Lauwers College Kollum
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 26 jannewaris 2023 beslút de folgjende winsken en betinkings yn te bringen by it troch it kolleezje foarnommen beslút om it eardere Lauwers College Kollum (Johannes Bogermanstraat 25 te Kollum) by de Feilichheidsregio oan te bieden foar Krisisneedopfang: a) Tegearre mei ANNO-gemeenten en Provinsje in dúdlik sinjaal ôf te jaan dat dizze wize fan krisisneedopfang feroarsake wurdt troch in falend lanlik asylbelied. b) Tegearre mei de oare ANNO-gemeenten en de Provinsje it Ryk op te roppen in oare duorsume oplossing en geskikte lokaasje yn Nederlân te sykjen.
Taljochting: It kolleezje stelt foar om gjin winsken en betinkingen yn te bringen tsjin it troch it kolleezje foarnommen beslút om it eardere Lauwers College Kollum by de Feilichheidsregio oan te bieden foar krisisneedopfang. It kolleezje hat ommers it foech hjiroer. Dat we wat foar disse groep minsken dwaan moatte, is net mear as minslik. Mar wy fine it net kinnen dat om de pear moannen foar dizze flechtlingen in oar plak socht wurde moat. Sa gean je net mei minsken om. Dêrneist feroarsaket it yn de plakken dêr 't dizze opfang no plakfynt ûnnedich foar rumoer en ûnrêst. Der moat in duorsume oplossing en in geskikt plak socht wurde foar de opfang fan dizze minsken.
Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), GB
Stimming
Foar:
Tsjin: Amendemint oannaam / net oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 26 jannewaris 2023.
De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer 1}}
{{Signer 2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer