CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

20220512 Lokaal akkoord Noardeast-Fryslân (versie 12 mei)

It Petear 17 mei 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Presenteren van het lokaal akkoord, incl. aantal wethouders met tijdsbestedingsnorm en portefeuilleverdeling14.751 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen · deel 1 van 2

Noardeast-Fryslân 2022-2026

Yndeks Frysk

02

Nederlands

24

FRYSKE FERZJE

Ynhâld - Foaropwurd - Riedsbrede aginda - Koälysjeakkoart - Portefúljeferdieling ‘22-‘26

04 07 10 23

Foaropwurd

Tusken de griene greiden en it terpelân dêr’t de wyn altiten wekker is en tusken bosken en elzesingels; yn húskeamers en doarpshuzen, by de ferienings en stiftingen, yn doarpen en wiken. Dêr leit ús MIENSKIP, feilich yn ‘e stiennen earms fan ‘e seedyk. En bytiden, hiel inkeld ris, weagje wy ús dêrbûten, foar in sneinskuier oer de kwelders mei de blik oer it Waad. Wy wenje yn ‘e wiken fan Dokkum, bûten as binnen de histoaryske bolwurken. Wy wenje yn Ferwert, yn Kollum, yn Hallum, yn Holwert, yn Easternijtsjerk, yn Westergeast as yn ien fan dy oare prachtige doarpen. Wy binne Noardeast-Fryslân. Dat is wat ús bynt.

05

FOAROPWURD

Ferbûn mei de mienskip Foar jo leit it lokaal akkoart fan FNP, S!N en Gemeentebelangen (GBNF). Trije partijen dy’t de kommende jierren ynsette wolle op in bettere ferbining mei de mienskip fan Noardeast-Fryslân. Wy wolle alle doarpen en wiken, sûnder útsûnderings, sjen, hearre en meinimme. ‘Ferbûn mei de mienskip’ is dêrom de titel fan dit koälysjeakkoart.

Fisy en misje Yn ‘e fisy fan de FNP, S!N en GBNF kinne in protte saken leechdrompeliger, better en goedkeaper organisearre wurde yn ús gemeente. Dêrom wolle wy folop romte biede foar inisjativen ‘fan ûnderop’ en dy finansjeel ek stypje mei bygelyks doarps- en wykbudzjetten en duorsumensbudzjetten. De mienskip mei dêrby wat fan ús freegje, mar wy freegje ek wat fan de mienskip; om bygelyks guon saken sels op te pakken en mei-elkoar út te fieren, eigner te wêzen fan eigen ideeën en projekten. Ferbining Wy fiele it as ús misje om dizze ferbining de kommende jierren te ferbetterjen. De opjeften en ambysjes binne grut en dêrby wolle wy ynsette op ferbining. Dêrom komme FNP, S!N, GBNF mei fiif wethâlders, foar in part yn dieltiid, dy’t alle fiif ek kontaktwethâlder binne foar in stik fan de gemeente. Dêrnjonken sykje hja ek fanút harren portefúlje en mei de doarpekoördinatoaren en bedriuwekontaktfunksjonarissen aktyf kontakt mei de ynwenners, bedriuwen en organisaasjes en reageare hja as harren amtners flot as der fanút de mienskip kontakt mei se socht wurdt. Doarpsbelangen, wykrieden, ûndernimmers en ek individuele ynwenners moatte foechsum holpen wurde en bygelyks rêd antwurd krije op harren fragen, prosedueres en oanfragen om fergunnings. Ferbining sjogge wy ek graach binnen de hiele gemeenteried.

Yn de ferkenningsfaze binne mienskip, wenjen, soarch, ekonomy en duorsumens troch alle partijen as wichtige opjeften foar dizze riedsperioade beneamd. Dy opjeften foarmje net allinnich de haadtema’s fan dit koälysje-akkoart, mar komme ek werom as riedsbrede aginda yn it earste haadstik; yn de hope dat dizze tema’s riedsbreed ûnderskreaun wurde en dat wy dêryn as partijen safolle mooglik mei-inoar oplûke kinne, ferbining tusken koälysje en opposysje. Opjeften Ferbining op elk mêd is hurd nedich sjoen de grutte opjeften dêr’t wy de kommende jierren mei te krijen hawwe sille, net yn it lêste plak finansjele. Wy sille te meitsjen krije mei kosten

dy’t omheech geane, de ûntfrisseling fan de amtlike organi­ saasje mei Dantumadiel, ûnwissens oer it jild dat fan de ryksoerheid komt en ûnwissens oer it ekstra jild foar de Jeugdsoarch. Grutte besunigings lizze yn ‘e line fan de ferwachtings en de koälysjepartijen FNP, S!N, GBNF binne fan betinken dat de mienskip dêrby safolle mooglik ûntsjoen wurde moat en dat de besunigings sa min mooglik op kosten gean meie fan kultuer, soarch en sosjale foarsjennings lykas bibleteken, gemeentlike swimbaden, buertkeamers en oare wolwêzenaktiviteiten. Wy sille de ferbining sykje mei dizze ynstânsjes om saken leechdrompeliger, better en goedkeaper te organisearen en wy wolle ynvesteare om besteande inisjativen op dat mêd, lykas it ferbinen fan ûnderwiis en soarch, om tekoarten yn it Sociaal Domein oan te pakken om sa earder struktureel romte yn ‘e begrutting te kreëarjen. Oare grutte opjeften lykas wenningbou sille ek ekstra ynvestearrings freegje. Ynvestearrings dêr’t wy ús net foar wei wine kinne sjoen wy fan betinken binne dat de gemeente syn rol as húsfester wer better oppakke moat wêrby’t minsken mei in sosjaalekonomyske bining oan it gebiet in ekstra triuwke yn ‘e rêch fertsjinje.

Ek wolle wy ferbining sykje mei oare gemeenten om mei-elkoar in sterke fûst te meitsjen rjochting Den Haag en om in dúdlik sinjaal ôf te jaan: “’de ko is leech” en tekoarten dy’t wy oprinne binne foar jimme rekken!” Aldergeloks hat ús prachtige gemeente ek in protte moaie tradysjes, eveneminten, en plakken lykas jeugdhonken, brûsplakken en buertkeamers dy’t de ienriedigens fergrutsje, de mienskip libben en ús ynwenners lokkich hâlde. Dy libbene mienskip foarmet mei ús romme lânskip, ús talen, kultuer en ús wize fan libjen, ús goud. En mei dy libbene mienskip fiele wy ús as lokale partijen ferbûn, dêr wolle wy in fernijd ferbûn mei oangean, om op dy wize de grutte opjeften foar de kommende jierren de holle te bieden. ‘Ferbûn mei de mienskip’ is dan ek mear as in titel, it is in misje en in oanpak. Wy sille der oan bouwe, mei jimme! De lokale oannimmers, FNP, S!N en Gemeentebelangen

06

RIEDSBREDE AGINDA

07

RIEDSBREDE AGINDA

Ferbûn mei de ried

Mienskip

Yn it ferkennings - en ynformaasjeproses hawwe de partijen in oantal oerienkommende punten beneamd. Wy wolle as koälysje graach op dy punten riedsbreed gearwurkje. Want it is goed dat wy as partijen ferskillende stânpunten oer ûnderwerpen hawwe. Mar it is noch moaier dat wy op ûnderwerpen dêr’t wy it oer iens binne, gearwurkje kinne, it goede foarbyld jaan, dy ienriedichheid ek útstrielje en om mei-elkoarne stean foar de mienskip fan Noardeast-Fryslân. Want dêr dogge wy it foar!

De mienskip is hecht en libben, it bestjoer berikber en de gemeente tichteby. Wy hawwe in unike mienskip mei mear as 50 doarpen en in stêd. In mienskip dêr’t wy ússels yn wêze kinne, mei ús eigen tradysjes, kultuer, taal en gewoanten. En wêryn’t wy elkenien de romte jouwe om harren sels wêze te kinnen en begryp en respekt te hawwen foar elkoar.

As koälysje wolle wy mear partisipaasje en mear gearwurking. Wy hawwe al in protte ferbinings mei organisaasjes en ferienings yn ‘e mienskip dy’t wy fersterkje wolle en dêr’t wy noch mear úthelje wolle. Wy wolle ta op nije ferbinings. Wy nûgje de hiele mienskip út om mei te dwaan. Om mei ynwenners, bedriuwen, organisaasjes en ferienings de ambysjes en útdagings op te pakken. En wy wolle ek, ferbûn mei de ried, de ûnderwerpen dêr’t de ried it breed oer iens is, mei-elkoar oppakke. As ried hawwe wy in opjefte dy’t wy mei-inoar oppakke moatte en oer in soad fan dy opjeften tinke wy itselde. Lit ús mei-inoar, yn ferbining, dy saken oppakke. Want sa kinne wy de krêften bondelje. Gearwurkje makket sterker. En mei feriene krêften bringe we Noardeast-Fryslân foarút. Gearwurkje op riedsbrede ûnderwerpen helpt ús as ried ús mei elkoar te ferbinen. Troch ús te ferdjipjen yn ûnderwerpen en troch mei-elkoar aktyf oan ‘e slach te gean. Net, lykas yn de foarige perioade, mei in protte wurk- en klankboerdgroepen. Mar konkreet, oan de hân fan start­ notysjes, mei amtlike stipe en in kolleezje dat har rol pakt.

Us mienskip hat in ryk ferieningslibben, in protte maatskiplike inisjativen, sterke doarpsbelangeorganisaasjes, ferbûnens fia klup, kultuer, tsjerke as kroech. Wy hawwe in mienskip wêryn’t it gewoan is dat wy om elkoar tinke op ‘e buert: in groetnis, in earm om ‘e skouder, in harkjend ear en wêr nedich de helpende hân útstekke: dat is de krêft fan ús mienskip. Ferbûnens, belutsenheid en oparbeidzje binne de kearnwurden. Dy krêft wolle wy koesterje en gebrûk fan meitsje. Dêr past in gemeente by dy’t tichteby de minsken stiet. Dat wy as Noardeast-Fryslân in gruttere gemeente binne betsjut net dat wy op ôfstân steane. De ried wol sichtber en belutsen wêze by doarpen en wiken. Ús gemeente moat tsjinstber wêze oan de mienskip. In gemeente dêr’t ús ynwenners, bedriuwen, organisaasjes en ferienings blier fan wurde. In gemeente dy’t sjocht nei it totaalbelang fan de mienskip, fan dêrút stimulearret, harket, meitinkt, fasilitearret en wêr mooglik meifearret en wêr nedich ûnderstipet. En foaral in gemeente dy’t betrouber en berikber is, dêr’t ôfspraak ek ôfspraak is. En wy wolle fansels, ferbûn mei de mienskip, ús unike fariearre lânskip behâlde en it bioferskaat befoarderje. Wêrby’t bioferskaat in fanselssprekkendheid is en wêrby’t wy ynsette op maatregels lykas: útstelde meandata, ekologysk bermbehear en in stimulearingsfûns grien yn doarpen en wiken.

Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Befoarderje fan dat wat ús bynt yn de mienskip (mei doarpen- en wikenfûns en oare inisjativen); - Mei de mienskip in pûster jaan oan bioferskaat - Foarmjaan fan in gemeente middenmank de mienskip mei aktive en sichtbere riedsleden en in tsjinstbere oerheid.

08

Wenjen

Soarch

It wenningoanbod yn ús gemeente stiet ûnder druk en al hielendal foar guon doelgroepen. Der is grut ferlet oan huzen yn ús gemeente. Dit jildt foar alle doelgroepen en dêr moatte wy dus ek breed op ynsette. Sawol foar hier as keap, foar jong en foar âld, foar alle ynkommens en foar doarpen en stêd, nei aard, skaal en karakter. Wy wolle as gemeente komme ta in oanpak om yn dit brede ferlet te foarsjen. Dit troch inisjativen dy’t op priemmen set binne of wurde fanút de doarpen te befoarderjen en te stypjen, troch as gemeente sels in aktive rol te spyljen én troch gear te wurkjen mei de wenningboukoöperaasjes. Om sa romte te bieden oan minsken dy’t yn ús gemeente wenjen bliuwe wolle en dy’t hjir komme wolle te wenjen, en mei in ferskaat yn oanbod oan te sluten by de ferskillende behoeftes foar partikuliere bou, hierwenten, wenjen en soarch en alternative boufoarmen.

Wolle wy soarch, wolwêzen en ûnderstypjen duorsum, berikber en betelber hâlde, dan sille wy dit better organisearje en ferbine moatte. Dêrom is de ôfrûne jierren al ynsetten op de ûntwikkelings yn it Sociaal Domein en de needsaaklike feroarings dy’t dêrfoar nedich binne, lykas de ferbining wenjen en soarch, ûnderwiis en soarch en wolwêzen en soarch.

Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Bouwe nei aard en skaal yn alle doarpen en stêd foar alle doelgroepen en mei foarrangsmooglikheden foar minsken mei bining mei it gebiet.

Konkrete riedsbrede opjefte(n: - It befoarderjen fan soarch tichteby en leechdrompelich, berikber en betelber.

Ekonomy en rekreaasje Lytsskalige ekologysk ferantwurde toerisme en rekreaasje hat yn ús gemeente grutte kânsen. It Lauwersmargebiet, it terpelânskip, de Noardlike Fryske Wâlden, de Waadsee (UNESCO Werelderfgoed) en Dokkum as histoaryske stêd binne lûkers mei bopperegionale útstrieling. De romte, rêst mar ek de tsjustere nacht binne kearnwearden by it profilearjen fan ús gemeente. Op dit ûnderwerp sille wy oplûke mei lokale toeristyske ûndernimmersorganisaasjes. Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Befoarderjen fan lytsskalich, ekologysk ferantwurde toerisme en rekreaasje.

09

Duorsumens en enerzjytransysje Noardeast-Fryslân wol in duorsume gemeente wêze en har ûntwikkelje op it mêd fan duorsume enerzjy. Enerzjytransysje is ien fan de grutste globale opjeften dêr’t wy as gemeente in aktive rol yn hawwe te ferfoljen. Wy wolle enerzjy helje út duorsume boarnen, en dat mei net ta skea gean fan it lânskip, én betelber bliuwe foar minsken dy’t it no al krap hawwe. Noardeast-Fryslân hat de ambysje fêststeld om yn 2030 op syn minst 70% fan de enerzjy dy’t nedich is op duorsume wize te ferkrijen. Oansluting by lokale inisjativen is dêrfoar need­ saaklik. Krekt om it opwekken fan enerzjy fanút duorsume bronnen mooglik te meitsjen, mei each foar de lânskiplike kearnwearden fan it gebiet én om dizze t’en goede komme te litten oan de ynwenners fan ús gemeente, stelle wy dêr yn it koälysjeakkoart in tal rânebetingsten oan (sjoch side 21). Mar wy sjogge graach mei de folsleine ried hoe’t wy as Noardeast-Fryslân in pûster jaan kinne oan enerzjytransysje binnen dy rânebetingsten. Dêrby bliuwt besparjen fan enerzjy (bygelyks yn wenningen) in krúsjaal ûnderdiel fan ús enerzjyhúshâlding. Konkrete riedsbrede opjefte(n): - Stimulearjen duorsumens en enerzjytransysje.

Lânbou De lânbou is fan grut belang en typearjend foar Noardeast­Fryslân. Feehâlderijen en lânboubedriuwen leverje in grutte bydrage oan ús regionale ekonomy en duorsumens. Gauris giet it om desennia-âlde famyljebedriuwen dy’t belangryk binne foar de maatskippij en om ûndernimmers dy’t wearde hechtsje oan goed wurkjouwersskip. In protte fan ús ynwenners binne dan ek direkt as yndirekt hjirby belutsen. In lânbou-amtner dy’t him oppenearret as ferbining tusken gemeente, agrariërs en natuerorganisaasjes en dy’t as in oanjager fungearje kin foar kânsen yn (natuerynklusive) lânbou, duorsumens en bioferskaat. Konkrete riedsbrede opjefte(n): - In dúdlike lânbou-aginda foar de kommende jierren.

RIEDSBREDE AGINDA

10

KOALYSJE­ AKKOART

Ferbûn as koälysje Hjirnei folgje de tema’s út it koälysjeakkoart. Dit binne deselde tema’s as by de riedsbrede aginda. Mar yn it koälyssjeakkoart hawwe wy as koälysje wol konkreter bepaald op hokker wize wy op in tal gebieten ús ambysjes foarmjaan wolle en dêr kaders en rânebetingsten oan meijaan wolle. De ûnderwerpen dy’t yn it koälysje-akkoart weromkomme binne: - Mienskip; - Wenjen; - Soarch; - Ekonomy; - Duorsumens.

11

MIENSKIP Belied Doarpen- en wiken As koälysje steane wy foar in hechte en libbene mienskip, wêrby’t de gemeente fan de mienskip is, foar de mienskip wurket en dêr’t bestjoerders berikber binne. Dêrfoar wol de koälysje in aktyf kearnebelied útfiere, wêrby’t wy ek echt wurkje mei kontaktwethâlders. Dy binne net allinnich bestjoerlik oansprekpunt foar in doarp, mar hja jouwe harren ûnder de minsken fan dat doarp, binne werkenber, binne oansprekber, benaderber, en hawwe affiniteit mei harren doarpen. De kontaktwethâlders harkje nei de ynwenners én hearre ek nei se: hja begripe wat de minsken sizze. En hja binne dúdlik en fertelle njonken wat wol allegear kin, ek wat net kin. Hja jouwe oan wêr’t ynwenners wêze moatte, of wannear’t ynwenners antwurd ferwachtsje kinne en hja skeakelje foar it fierder ôfhanneljen mei de fakwethâlders. Kontaktwethâlders wurkje dêrby fansels nau gear mei de doarpekoördinatoaren, dy’t de stim fan it doarp yn de organisaasje trochklinke litte. Op dy wize steane wy nei de fúzje yn ‘e foarige perioade as grutte gemeente júst tichterby en middenmank de mienskip ynstee fan fierder fuort. De kontaktwethâlder is bestjoerlik kontaktpersoan foar it doarp. Dat betsjut net dat hy alle ûnderwerpen sels ôfdwaan sil.

De kontaktwethâlder soarget der, mei de doarpe­ koördinator, wol foar dat linich skeakele wurdt mei de ynhâldlik belutsen wethâlder dy’t it fraachstik dêr’t it om giet yn syn portefúlje hat. Om inisjativen yn ‘e doarpen en wiken te stimulearjen is it doarpe- en wikefûns belangryk en foarsjennings yn ‘e doarpen lykas doarpshuzen, MFC’s, buertkeamers, jeugdhonken ensafh. Ferienings foar doarpsbelangen binne in wichtige spil, wêrby’t hja rekkenje kinne op (finansjele) stipe; û.o. troch en fia de doarpekoördinatoaren.

KOALYSJEAKKOART MIENSKIP

Belied Doarpen- en wiken Sosjale ferbining Belutsenheid boargers Nivo Foarsjenningen Kultuer en media Meartaligens Monuminten en erfguod Behear iepenbiere romte Bioferskaat Behear en ûnderhâld begraafplakken Miljeu Offalbelied- en ynsammeljen

Konkreet wolle wy dêrfoar wurkje mei/oan: - Fersterkjen fan de rol kontaktwethâlders en doarpekoördinatoaren; - Behâld doarpe- en wikefûns; - Behâld fan de OZB-kompinsaasje foar doarpshuzen, wêrby’t dizze oanfitere wurde sille om de finansjele romte dy’t troch dy kompinsaasje ûntstiet yn te setten foar ferduorsuming en renovaasje; - Berikbere foarsjennings foar ynwenners.

Tsjinstbere oerheid In gemeente tichteby har ynwenners betsjut ek tsjinstberens yn de tsjinstferliening. Wy wolle ús ynwenners it fertrouwen jaan om better út te meitsjen wat der yn harren wyk of doarp bart, lykas it ynrjochtsjen fan in jeugdhonk, snoei- en dyk(herstel)wurk en planûntwikkeling yn wiken en doarpen. Tsjinstberens betsjut, fanút it ramt fan it folsleine belang fan de mienskip, betingsten skeppe, fasilitearje en meitinke mei inisjativen fan ynwenners en ûndernimmers. Dit is ek folslein yn line mei de bestjoerings- en organisaasjefilosofy dy’t de organisaasje brûkt en dy’t ek oan de basis stiet fan de Verbeteragenda. De bestjoerings- en organisaasjefilosofy as paadwizer en mei de Verbeteragenda hat de organisaasje sûnt de amtlike fúzje enoarme slaggen makke en dêr binne wy grutsk op.

12

Dêrom hawwe wy as koälysje der alle fertrouwen yn dat wy, yn line mei de omjouwingswet, nije útdagings oankinne om noch mear mei de ynwenners belied te foarmjen. Sa is mei de oanheakker (‘aanhanger’) in rûntsje by de doarpen/wiken fan Noardeast-Fyslân del makke om ynwenners te hifkjen nei de tsjinstferliening en it belied fan de gemeente. Dizze foarm fan ynteraktive beliedstarieding kinne wy út­­ wreidzje troch bygelyks mear gear te wurkjen mei erfarings­ saa­k­­kundigen en belangegroepearrings. De organisaasje moat ek de line dêr’t goed mei útein setten is fan dúdlik, betrouber en berikber wêze, trochsette. Dêr past in goede en flotte ôfhanneling fan oanfragen, klachten en fergunnings by. Wy steane foar in organisaasje dy’t effisjint wurket wêrby’t de ynwenners rap holpen wurde, witte wat se ferwachtsje kinne en dêr’t alle meiwurkers harren ferplichte fiele om telefoanyske fragen en e-mails binnen de servicenoarmen dy’t fêststeld binne, te beäntwurdzjen. Tsjinstferliening moat fierder digitalisearre wurde, mar mei der net ta liede dat it persoanlik kontakt mei de boarger ferlern giet. Wy wolle de kommunikaasje rjochting ynwenners noch fierder ferbetterje.

Konkreet wol de koälysje dêrta ynfesteare yn: - Ynteraktive beliedsfoarming; - Ferbetterjen fan de kommunikaasje mei klanten, bedriuwen en ynwenners; - Profesjonele, effisjinte en kwalitative tsjinstferliening (koarte wachttiden, foldwaan oan de servicenoarmen en in track- en trace systeem sadat ynwenners witte wat de status fan bygelyks in oanfraach is) mei omtinken foar it behâld fan de minsklike mjitte en persoanlik kontakt.

Bioferskaat En wy wolle fansels, ferbûn mei de mienskip, ús unike lânskip fol fariaasje behâlde en it bioferskaat befoarderje. Dêrfoar wurkje wy gear mei ynwenners en mei de lânbou oan mear fariaasje yn ús grien (mei mear blommen en krûden) om sa bettere omstannichheden te kreëaren foar ynsekten en fûgels. Wêrby’t bioferskaat fanselssprekkend is en wêrby’t wy ek as gemeente sels ynsette op maatregels as: útstelde

meandata, ekologysk bermbehear en stimulearringsfûns grien yn doarpen en wiken. Wy sjogge ek in dúdlike relaasje mei lânbou dy’t har bygelyks aktyf ynset foar bou- en greidefûgelbehear. Konkreet betsjut dit dat wy ús ynsette foar de folgjende punten: - Trochsette mei it pilotprojekt oars omgean mei meane en ynsiedzjen; - It belûken fan iepenbiere grienfoarsjenning (bermbehear) by ekologyske sône ‘van stad tot Wad’; - Ferantwurde omgean mei it kapjen fan beammen en grienbehear yn oerlis mei ynwenners, ferienings foar doarps- en wykbelangen en oare eigners fan grien.

Kultuer Kultuer is in belangryk aspekt fan ferbining en dêrmei in basis foar sosjale gearhing. Us gemeente is ryk oan kultuer, tradysjes en eveneminten en dat wolle wy behâlde. Wy hawwe in soad muzyk- en teater op lokaasje, iepenloft­ spullen en eveneminten dy’t in breed publyk lûke. Wy fine dit wichtige inisjativen fanút de mienskip dy’t de identiteit en it ferskaat fan dizze regio útdrage. Kultureel sit him de krêft fan dizze regio yn dizze soarten poadia en eveneminten dy’t nonken lokaal ek bopp­eregionale besite oanlûke kinne. Kultuer is der net allinnich ta de ferdivedaasje fan de ynwenners, mar is troch de ynfrastruktuer in wichtich sosjaal fangnet. Dêrom wolle wy eveneminten, ferienings en akkommodaasjes stypje en nimme wy in aktive hâlding oan rjochting organi­ saasjes (fan eveneminten). Wy binne ek fan betinken dat tradysjes as fersierde weinen, fjoerbulten en karbydsjitten by ús gemeente hearre. Konkreet: - Stypjen eveneminten en kulturele projekten; - Aktive hâlding en trochgean mei it evenemintebelied; - In fêst eveneminteterrein yn Dokkum; - Gebrûk meitsje fan kultuer as previnsjemodel yn it sosjaal domein; - Goede tagonklikens en (finansjele) berikberens fan musea om ynwenners en toeristen nau by ús kultuer en histoarje te beheljen.

13

KOALYSJEAKKOART MIENSKIP

Fryske taal en meartaligens

Ald papier

As Fryske gemeente wolle wy ús eigen taal en de streektalen better hoedzje en noedzje. De gemeente docht sels mear om it Frysk in foaroansteand plak te jaan en ek yn it ûnderwiis te befoarderjen.

De koälysje sjocht de wearde yn fan it systeem mei it ynsammeljen troch de ferienings en ûnderstreket de VANG-doelstellings. De ferienings binne o sa nedich om dizze doelstellings berikke te kinnen. It ynsammelsysteem bliuwt sa’t it is. Wol sille wy in ûndersyk hâlde nei in systeem wêrby’t ferienings harren subsydzje ynkomsten behâlde, de VANG-doelstellings noch better berikt wurde kinne en hoe’t wy dit yn oparbeidzjen mei de mienskip oplosse kinne.

Utgongs- en aksjepunten: - ‘Frysk foarop’ yn ‘e kommunikaasje mei ynwenners; - De Fryske taal hat in lykweardich plak binnen ús meartalige gemeente, dy’t dit aktyf útdraacht en dêr ek finansjeel yn bydrage wol; - Streektalen mear sichtber yn stêd en doarpen, yn bygelyks stegenammen, gedichten en teksten op muorren en finansjele stipe by it skriftlik digitaal fêstlizzen fan it Dokkumers en de oare streektalen no’t dy der noch binne; - Mear omtinken foar en help by letterswakkens (‘laaggeletterdheid’) yn de beide rykstalen.

Sport, muzyk en kultuer Foarsjennings foar sport, muzyk en kultuer fine wy fan grut belang foar de sosjale gearhing. It muzykûnderwiis op de muzykskoalle en op skoallen is fan belang en moat bestean bliuwe. Dêrby wolle wy mear gearwurking tusken muzyk­ skoallen en it ûnderwiis en de kultuersektor stimulearje. Bibleteken binne fan belang foar in protte maatskiplike fraachstikken. It wurdt hieltiten fan grutter belang dat minsken harren ûntwikkeljen bliuwe, bygelyks op it mêd fan technology. Mar ek foar letterswakken as op it mêd fan digitale ynklúzje binne bibleteken fan grut belang. Dit betsjut konkreet: - Gearwurking teaters, muzyk(skoallen) en ûnderwiis stimulearje; - Tariven en kontribúsjes sa leech mooglik hâlde sadat safolle mooglik bern en folwoeksenen der gebrûk fan meitsje kinne. Húshâldings mei in leech ynkommen moatte dêrfoar in ekstra finansjele bydrage by de gemeente oanfreegje kinne; - Stimulearje en stypje dat bibleteken en musea mear ynstekke op it Frysk.

Ofspraak: - It tsjinwurdige ynsammelsysteem en de tsjinwurdige subsydzjeregelingen bliuwe bestean; - Der wurdt in ûndersyk hâlden nei in systeem wêrby’t ferienings harren subsydzje ynkomsten en wize fan ynsammeljen behâlde en de VANG-doelstellings, yn oparbeidzjen mei de mienskip, noch better helle wurde kinne.

Stêdebân Crediton en Fulda Wy steane posityf tsjinoerde stêdebân fan Dokkum mei Creditin en Fulda fanút de ferbûnens mei Bonifatus as figuer fan Europeeske betsjutting. Mei de blik nei bûten ta kinne wy dat mear foarmjaan en kânsen benuttigje: mear minsken út de befolking (jongerein) by útwikseling belûke, ûnderwiis en ûndernimmers op dit ûnderwerp better ferbine en hjiroan keppele kânsen op it mêd fan ferbliuws- en kultuertoerisme benutte. Dat biedt kânsen foar de hiele gemeente. Dêrom sil ús spearpunt wêze: - Kânsen fan de stêdebân mei ynwenners, ûndernimmers en ûnderwiis foarmjaan en útbouwe foar de folsleine gemeente Noardeast-Fryslân.

14

WENJEN Bouwen en fergunnings De druk op de wenningmerk is grut. De fraach is folle grutter as it oanbod en jong talint giet fuort út ús regio omdat der te min starterswenningen en sosjale hierwenningen binne. De koälysje wol de opjeften mei ambysje oppakke. Oan ‘e iene kant nûgje wy alle doarpen út om aktyf fanwegen te kommen mei plannen wêrby’t wy dizze linich en mei maatwurk fasilitearje wolle, sadat ek yn de doarpen in brede sprieding wat doelgroepen en priisklasse oanbelanget, realisearre wurde kin. Oan de oare kant moat in aktyf grûnbelied en in aktive rol foar de gemeente helpe by pasjende húsfesting foar alle doelgroepen. Yn it totaalpakket moat der, mei omtinken foar de romtlike kwaliteit, romte wêze foar alle doelgroepen, sosjaal en yn de frije sektor; starters en senioaren, wen-soarch kombinaasjes, generaasjebestindich wenjen en alternative wenfoarmen. De klam moat dêrby lizze op betelberheid. Dêrby wol de koälysje ek ynnovative tydlike wenfoarmen fasilitearje om de druk fan de tsjettel te heljen. Sawol ynwenners dy’t hjir wenjen bliuwe wolle as minsken dy’t hjir komme wolle te wenjen moatte de mooglikheid krije, wêrby’t de ynwenners mei sosjaalekonomyske bining oan it gebiet in triuwke yn ‘e rêch fertsjinje en yn guon gefallen foarrang krije kinne moatte. Yn ‘e gearwurking mei alle partijen sjogge wy in mearwearde foar it ‘wenplatfoarm’.

Romtlike ûntwikkeling/ romtlike kwaliteit Wenjen Grûnbelied Omgevingswet Bedriuwsfiering+Tsjinstferliening ICT Sintrale Húsfesting Fergunningferliening Húsfesting amtlik apparaat

Wy wolle de wenningbou-opjeften yn Dokkum én doarpen mei de folgjende maaregels ynfolje: - Ynvestearje op aktyf grûnbelied; - Maatwurk, per doarp fasilitearje, nei aard, skaal en karakter; - Doarps- en stedsûntwikkelingsmaatskippijen (DOMs en SOMs) stimulearje, finansjeel stypje en wêr mooglik better fasilitearje; - Iepen stean foar alternative wenfoarmen/ynnovative wenningbou; - Tefoaren komme dat wenningen dy’t gaadlik binne foar permaninte bewenning in rekreaasjefergunning krije; - Fêststellen fan in húsfestingsferoardering; - In fasilitearjende amtlike organisaasje: flotte ôfhanneling fan fergunningsoanfragen, binnen de wetlike termyn fan 8 wike; - Meitinke mei de ynwenners yn de line fan de Omgevingswet; - Gearwurkje mei wenningkorporaasjes om it persintaazje sosjale hierwenten, ek yn ‘e doarpen, op peil te hâlden (jierliks fêstlein yn prestaasje-ôfspraken) - Omtinken foar wenjen yn kombinaasje mei soarch. De koälysje is har der goed bewust fan dat dit in ynvestearing yn de amtlike organisaasje ferget. Dêrom wol de koälysje ta in ynvestearingsaginda komme, wêrby’t mei ienmalige middels ynvestearre wurdt, ek yn (tydlik) personiel, om ûntwikkelings op gong te bringenen ambysjes wier te meitsjen.

Histoarysk karakter binnenstêd Dokkum Wy binne grutsk op it histoaryske sintrum fan de binnenstêd fan Dokkum. Dy wolle wy hoedzje en noedzje en fierder ûntwikkelje. It is ek moai dat der in goed plan leit foar it op ‘e nij ûntwikkeljen fan it Harddraverspark yn Dokkum, dat it sintrum en de funksje fan it park ferbynt en fersterket. Júst om it karakter fan de binnenstêd sa te hâlden passe dêr gjin nije brêgen nei it Panwurk en de bolwurken by. Utgongspunt: - Gjin nije brêgen nei Panwurk en de bolwurken.Kultureel erfguod,

15

Kultureel erfguod, monuminten en tsjerken Wy wolle soarchfâldich omgean mei monumintale en karakteristike gebouwen en oansichten yn ús gemeente. It monumintebelied dat no opsteld wurdt, moat in solide en strukturele basis foarmje foar it beskermjen, behâld en behear fan monuminten en erfguod yn ús gemeente, lykas karakteristike buorkerijen en it kultuerhistoarysk lânskip. Wy wolle ek in regionale tsjerkefisy foar de gemeente Noardeast-Fryslân: foar in yntiidse besinning op ôfbraak of werbestimming fan tsjerken as monuminten dy’t it gesicht bepale foar de lokale mienskip. De ryksoerheid hat yn 2019 fia de Rijksdienst Cultureel Erfgoed de gemeenten dêrta oproppen. Ynset: - Fêststelle en útfiere monumintebelied - Opstelle fan in fisy op tsjerken

KOALYSJEAKKOART WENJEN

Dykfersterkjen bûtendyks Foar de dykferswierring witte wy dat der by Wierum in knyppunt is. Omdat dêr binnendyks gjin romte is foar dykferswierring sûnder dat dit de unike doarpskearn oantaaste sil, moat it fersterkjen fan de dyk bûtendyks dien wurde. Dit fansels fanút ús ferantwurdlikens, want it Wetterskip is yn de ‘lead’. En fanút dy eftergrûn is ús útgongspunt dat it ferswierjen fan de dyk safolle mooglik bûtendyks útfierd wurde moat om it unike karakter en it oansjen fan de doarpen sa folle mooglik te behâlden. konkreet: - Dykferswierring moat safolle mooglik bûtendyks útfierd wurde en mei it karakter fan ús doarpen net oantaaste.

16

SOARCH Soarch en wolwêzen

Sociaal Domein Underwiis (berne-opfang / vve, ûnderwiishúsfesting) Sûne wize fan libjen (bewege, foeding) Wolwêzenswurk (algemien)

Wy wolle soarch, wolwêzen en it stypjen duorsum, berikber en betelber hâlde. Dêr is mear gearwurking mei de mienskip foar nedich. Troch gear te wurkjen, dúdlike ôfspraken te meitsjen en mei mear omtinken foar previnsje kinne wy ekstra ambysjes wiermeitsje én de soarch ek betelber hâlde. Troch op in oare wize nei soarch te sjen kinne wy yn it Sociaal Domein besparje sûnder dat dit ôfbrek dwaan sil oan de soarch oan ynwenners. Dêr is ús gemeente de ôfrûne jierren al mei útein setten. Troch bygelyks skerper tafersjoch op kontrakten mei soarch­ oanbieders en troch in oare, effisjintere ynset fan soarchjild. Troch in bettere ferbining fan soarch mei it ûnderwiis, wolwêzen­ynstellings en húsartsen wurde der in soad kosten besparre. De earste stappen yn dy ferbining binne setten en dy moatte mei mear faasje trochsetten wurde om ta leech­ drompelige, betelbere, takomstbestendige soarch te kommen. Ynwenners dy’t gebrûk meitsje fan soarch en byhearrende foarsjennings moatte hjir op in ienfâldige wize gebrûk fan meitsje kinne. Soarch moat tichteby wêze en der moat effisjint wurke wurde mei de budzjetten dy’t nedich binne. Wolwêzenorganisaasjes hawwe hjir in belangrike rol yn. Dêrnjonken sjogge wy in ûntwikkeling fan de Sionsberg ta stree­ksikehús mei in útwreiding fan de spoedsoarch. Troch gearwurking mei de húsartsen kin leechdrompelige soarch tichtby oanbean wurde.

It sûnensbelied sille wy mear foarmjaan neffens it ‘Yslânsk model’. Doel dêrfan is te kommen ta in stimulearjende en sûne omjouwing wêryn’t jongerein feilich opgroeie kinne. Op lokaal nivo wurde aksjes, ynterfinsjes en maatregels opsteld en ynsetten om it wolwêzen yn brede sin ûnder jonge­rein te stimulearjen. Op basis dêrfan meitsje belutsenen sels in aksjeplan dat hja ek útfiere. As lokale belutsenen sjogge wy bygelyks skoallen, húsartsen en wolwêzenswurk dêr’t neffens ús betinken mei mear gearwurking gruttere risseltaten boekt wurde kinne. Ek de sportferienings binne foar ús wichtige partners yn it sûnensbelied om in sûne wize fan libjen foar eltsenien te befoarderjen.

Jobinder Finânsjes Ferkeap gemeentehuzen Kollum en Ferwert

De ôfrûne fjouwer jier hat Noardeast-Fryslân yn oparbeidzjen mei erfaringssaakundigen belied op de earmoed ûntwikkele mei apart omtinken foar bern en sosjale útsluting. Dit belied moatte wy, yn gearspraak mei de doelgroep, fierder troch­ ûntwikkelje. Dêrby moatte de sterkste skouders de swierste lêsten tôgje. Húshâldlike help moat wer ôfhinklik makke wurde fan it yn­ kommen. Bern yn húshâldings mei in minimumynkommen moatte altiten meidwaan kinne oan sport-, skoalle- en muzykaktiviteiten. Sawol op it mêd fan âldereinbelied (yn kombinaasje mei wenjen en soarch) as op it mêd fan jongereinbelied jildt dat ynvestearje yn previnsje harsels weromfertsjinnet. Yn it soarch- en wolwêzenbelied moat in tanimmende ferienliking ûnder âlderein, mar ek ûnder allinnichsteande jongerein, mear omtinken krije. It oanpart âlderein ferdûbelet de kommende jierren. Wy wolle gearwurkje mei doarpsbelangen,wenningkorporaasjes, wolwêze­nwurkers en -foarsjennings yn de doarpen en inisjativen op it gebiet fan mienskipssoarch, wêrby’t minsken elkoar (ûnder)stypje en stimulearje. As koälysje sette wy ús der op yn dat der in folweardich en in fariearre oanbod foar wenjen en soarchfoarsjenning, ek yn de lytsere doarpen, bestean bliuwt. Wy wolle komme ta in robúst jeugd- en jongereinwurk foar stêd en doarpen.

Wy wolle ús mei Bolwerk en Timpaan ynsette foar wolwêzenaktiviteiten dy’t preventive en leechdrompelige soarch en begelieding biede. Ek dat kin de kosten yn it Sociaal Domein werom bringe, sûnder dat it wolwêzen gefaar rint.

17

Neffens ús is ek in keppeling mooglik mei it bibleteekwurk as plak fan it sosjaal treffen yn ‘e wyk. Noardeast-Fryslân is in reinbôgegemeente. Dêr binne wy grutsk op en dat wolle wy bliuwe! Wy steane as Noardeast-Fryslân ek foar in goed spriede opfang fan asylsikers oer stêd en doarpen, nei aard en skaal. As gemeente wolle wy statushâlders romhertich en goed húsfeste, spriede oer kearnen. Dit fertaalt him yn de folgjende punten: - Besparjen op kosten trochsette sûnder dat it de soarch oan ynwenners ûnderstek docht; - Sûnens- en wolwêzenbelied fia it ‘Yslânsk model’: ynset op belutsenens en previnsje; - Stimulearje gearwurking skoallen, húsartsen en wolwêzenswurk; - Mei de doelgroep trochûntwikkelje belied tsjin earmoed; - Ynset op farieard oanbod wen- en soarchfoarsjennings, ek yn lytse doarpen; - Ynset op previnsje tichteby en leechdrompelich yn sûnens-, wolwêzens-, âlderein- en jongereinbelied; - Noardeast-Fryslân bliuwt in reinbôgegemeente; - By de wenningbouproduksje rekken hâlde mei ekstra kontingint foar statushâlders om dizzen goed húsfeste bliuwe te kinnen; - In sûne wize fan libjen, yn gearhing mei sport, befoarderje

Underwiis It ûnderwiis én de skoallen as sosjaal plak yn wyk en doarp binne fan grut belang yn ús gemeente en dat wolle wy graach behâlde. De gemeente hat yn oparbeidzjen mei de skoalbestjoeren in yntegraal húsfestingplan (IHP) ûntwikkele. Dit moat de kommende jierren útfierd wurde, mei in iepen ear foar it ûnderwiis. Yn goed oerlis en yn oparbeidzjen mei it ûnderwiis sille wy, mei each foar de demografyske ûnwikkelingen, it IHP ek echt realisearje, mooglik mei oare finansieringsfoarmen. Gearwurking tusken ûnderwiis en berne-opfang om te kommen ta yntegrale bernesintra kinne sawol ynhâldlike (efterstannen te foarren komme) as finansjele foardielen opsmite. Ek hjir

KOALYSJEAKKOART SOARCH

wolle wy de gearwurking Underwiis en Soarch, yn de trend fan it ‘Yslânsk model’ rjochte op previnsje en belutsenens, stimulearje. Wy fine it praktysk beropsûnderwiis it fûnemint fan ús arbeidsmerk. De fakopliedings binne wichtich foar wurk­ gelegenheid en de takomst fan in protte jongfolk yn ús regio. Yn it fuortset ûnderwiis binne de plannen foar fierdergeande gearwurking tusken ferskillende skoalbestjoeren o sa nei’t sin; benammen op it mêd fan technysk ûnderwiis en de ûntwikkeling fan de ‘nieuwe leerweg’ en it fak technology. Wy binne foar gearwurking fan it VMBO mei it MBO en it bedriuwslibben. As gemeente spylje wy mei de Versnellingsagenda in aktive en finansjele rol by it opsetten en fasilitearjen fan netwurken tusken (fak)skoallen en bedriuwen, ûnder oaren fia de Versnellingsagenda. It is fan belang om goede (fak)minsken foar de takomst yn de regio te hâlden en op te lieden. Dokwurk is foar ús in wichtige partner. Dit sosjaal ûntwikkel­ bedriuw helpt minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk om oan it wurk te kommen. Wy wolle it partnerskip fan de gemeente mei Dokwurk útwreidzje op it mêd fan ynboargering, re-yntegraasje (it projekt ‘Meedoen’ foar minsken dy’t lang wurkleas binne), partisipaasje (ek troch frijwilligerswurk), it Leerwerkloket, en plannen foar de Stadswerkplaats as plak foar training en oplieding.

Minsken dy’t wurk sykje en frijwilligers kinne dêr nije kompe­ tinsjes leare, fan belang foar elk individu en de mienskip as gehiel. Konkrete punten: - Y.o.m ûnderwiis IHP realisearje; - Stimulearje en stypje gearwurking ûnderwiis, oerheid en ûndernimmers; - Ynset op gearwurking ûnderwiis en soarch neffens it ‘Yslânsk previnsjemodel’; - Utwreidzjepartnerskip mei Dokwurk.

18

Finânsjes Wy wolle op in ferantwurde wize omgean mei mienskipsjild, want wy sjogge de al earder neamde grutte finansjele opjeften dy’t op ús ôf komme: kosten dy’t omheech gean, ûntflechting fan de amtlike organisaasje, ûnwissens oer jild fanút de ryksoerheid, en ûnwissens oer de ekstra middels fanút de jeugdsoarch. Dêrby wolle wy de mienskip safolle mooglik mije, sadat de besunigings gjin ôfbrek dogge oan kultuer, soarch en sosjale foarsjennings. Krekt dêrom ynvestearje wy yn gearwurking en previnsje om mei de mienskip foarsjennings leechdrompeliger en goed­ keaper te organisearjen. Troch njonken de krêft en selsredsumens fan de Mienskip ek subsydzjemooglikheden sa goed mooglik te brûken, hâlde wy de finânsjes op oarder.

Dêrom stekke wy ek gjin grutte bedragen yn ynfrastrukturele projekten as nut, needsaak en (maatskiplik) rendemint net dúdlik genôch is. Wy wolle krekt omgean mei ús foarsjennings. Omdat dizze ûnderwerpen wol in relaasje mei elkoar hawwe brûke wy it útgongspunt dat lêsteferheging allinnich mooglik is om behâld fan it foarsjenningsnivo te garandearjen. Dêrfoar sil ús stribjen wêze: - Ynvesteare yn bettere tsjinstferliening, fersnelling fan wenningbou en soarch tichteby; - Yn oparbeidzjen mei oare Fryske gemeenten bliuwe wy dúdlike sinjalen ôfjaan oan ‘Den Haach’ oer de desintralisaasjes en de finânsjes dy’t dêr by hearre. - Ynsette op it oanboarjen fan middels út oare bronnen, sa mooglik yn ANNO-ferbân, basearre op goede plannen en konkrete projekten, wêrby’t it primaat by de ynhâldlike portefúlje leit.

19

KOALYSJEAKKOART EKONOMY

EKONOMY Ekonomy Om de wurkgelegenheid, de ekonomyske fitaliteit en de leefberens yn ús gemeente te ferheegjen, wolle wy it ekonomyske klimaat fan Noardeast-Fryslân befoarderje. Kaaiwurden dêrby binne: romte foar ûndernimmers, gear­ wurking (sawol mei ûndernimmers as yn ANNO ferbân yn ‘e regio), en kânsen benutte, passend by de gemeente. Undernimmers moatte folop de kâns krije hjir mei in bedriuw útein te setten. Wêr mooglik moat de gemeente harren skewiele en fasiliteare. Besteande bedriuwen moatte genôch mooglikheden krije om binnen de grinzen fan ús gemeente út te wreidzjen. Utwreidingen moatte wol passend wêze en meie de iepenheid fan ús moaie lânskip gjin ûnderstek dwaan. De gemeente is aktyf belutsen by de lokale ûndernimmers. Dêrby nimme wy as gemeente it foartou om bedriuwen nei ús gemeente te heljen. Om ûndernimmers romte te jaan moatte wy goed gebrûk meitsje fan it konvenant bedriuwe, troch it ûntwikkeljen fan bedriuweterreinen dy’t oanslute by de fraach fan stêd en doarpen, mar wol rekken hâlde mei de kearnwearden fan ús gemeente. De gemeente is in betroubere partner dy’t meitinkt yn kânsen en ferantwurdlikheid doart te dielen. De gemeente stiet foar in goede tsjinstferliening en nauwe gearwurking. Yn dy gearwurking spylje bedriuwekontaktfunksjonarissen in wichtige rol.

Underdiel fan dy gearwurking is ek goed harkje nei ideeën fan ûndernimmers, ekonomysk belied mei de ûndernimmers foarmjaan en mei-elkoar ynvesteare yn ynnovaasje en wurkgelegenheid. En wy binne grutsk op sosjaal-wurkbedriuw Dokwurk. Dat is ien fan de grutste wurkjouwers fan ús gemeente en dy is ûnmisber foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Troch de júste begelieding is der wer takomst foar dizze minsken en in fersterking fan ús bedriuwen dy’t krekt om goede arbeidskrêften ferlegen sitte. Digitale ûntsluting is fan essinsjeel belang. Dit moat krêftich stimulearre wurde, júst ek mei omtinken foar it bûtengebiet.

Berikberens en romte foar bedriuwen Detailhannelstruktuer Takomstbestindich duorsume ynnovative bedriuwichheid Arbeidspartisipaasje/begelieding nei wurk Rekreaasje en toerisme Sport Behear en ûnderhâld sportfjilden en gebouwen Regiodeal/Versnellingsagenda

Rap ynternet is foar ûndernimmers dy’t útein sette in basisfoarsjenning mar ek foar it tanimmen fan it thúswurkjen is dit fan belang. Kearnpunten binne: - Romte foar ûndernimmers; - Bedriuweterreinen passend by aard en skaal van doarpen en stêd; - As gemeente in betroubere partner wêze; - Krêftige stimulearing digitale ûntsluting.

Rekreaasje en toerisme Rekreaasje en toerisme (R&T) is in groeisektor binnen ús gemeente. It Lauwersmargebiet, it terpelânskip, de Noardlike Fryske Wâlden, de Waadsee (UNESCO Werelderfgoed) en Dokkum as histoaryske stêd binne trekpleisters fan bopperegionale allure. It foltôgjen fan it Súd Ie projekt bringt hjirfoar ekstra kânsen mei har mei, foar bygelyks it ûntwikkeljen fan far- en fytsrûtes en it opknappen en begeanber meitsjen fan âlde paden en fearten om toerist en bewenner ûnder de meast geunstige omstannichheden genietsje te litten fan ús lânskip. Untwikkeling moat wol passe by de regio: duorsum, ekologysk, en lytsskalich. Romte, rêst en de tsjustere nacht binne

20

kearnwearden fan ús gemeente. Ynset op ‘duorsum toerisme’ slút dêr goed op oan: besikers dy’t bewust de natuer- en kultuer­kwaliteiten fan ús gebiet opsykje. De gemeente moat har (mei de provinsje) sterk meitsje foar bettere monitoaring fan rekreaasjegasten troch ûnder­nimmers. Dat wol sizze: registraasje fan besikersoantallen, harren herkomst, mediagebrûk en beoardieling fan ús krite. Analyze fan regiosifers is nedich foar ynsicht yn trends en foar in better ûnderboud toeristysk-ekonomysk advys oan ûndernimmers en gemeentebestjoer. Dêrom sette wy konkreet yn op: - Befoarderjen rekreaasje en toerisme, dat past by de aard en de skaal fan de gemeente - Opset strukturearre monitoaring R&T.

Sport Sport Bewegen soarget foar sûne, partisipearjende en lokkige minsken. Krekt as kultuer is sport ek wichtich foar de sosjale gearhing en krêft fan de mienskip. Sport moat dêrom foar in elk leechdrompelich en tagonklik wêze. De gemeente spilet hjir in oanfiterjende rol yn. Binnen de sport is sportakkommodaasjebelied belangryk. Wy wolle ta op in belied mei mear omtinken foar behear, gebrûk, en enerzjyfraachtstikken. It behear moat duorsum en safolle mooglik enerzjyneutraal wêze en de gemeente wol dêr wer in wichtiger rol yn spylje. Spearpunten: - Befoarderje en stimulearje fan sport; - Ferbetterje sportakkommodaasjebehear, ek rjochte op it duorsum meitsjen en dêrtroch it besparjen op enerzjy.

21

KOALYSJEAKKOART DUORSUMENS

DUORSUMENS Duorsumens en enerzjytransysje It lânskip fol fariaasje, sawol iepen en wrydsk as mei bosk en elzesingels, biedt romte en kânsen foar duorsumens, natuer, bioferskaat en lânskip. Dizze kânsen hawwe wy ek izerhurd nedich foar de geweldich grutte opjeften op it mêd fan enerzjy. Wy wolle sels foarsjen yn ús eigen enerzjyferlet, it brûken fan fossile brânstoffen safolle mooglik beheine en de CO-2 útstjit ferminderje. De gemeente nimt dêryn it foartou. Mei de needsaaklike enerzjytransysje wolle wy mei de enerzjy dy’t wy duorsum opwekke foarsjen yn ús eigen enerzjyferlet en enerzjy betelber hâlde, hielendal foar minsken werby’t it net rom sopket. Wy wolle in gemeente wêze dy’t enerzjy besparret en hellet út duorsume bronnen, wêrby’t de opbringsten fan sawol enerzjy ás it geniet fan de lânskiplike kearmkwaliteit t’en goede komt oan ús ynwenners.

Duorsumens Enerzjytransysje Lânbou Holwerd aan Zee

Om alle belangen harren gerak te jaan hawwe wy de folgjende ôfspraken makke*: - Jin sels rêde kinne mei it enerzjyferlet, dêrop ynsette en ek ree wêze te ynvestearen wêr’t mooglikheden him foardogge en folop gebrûk te meitsjen fan ûntjouwings en nije kânsen (bygelyks aquathermy, wetterstof en opslach fan enerzjy), bygelyks fia enerzjykoöperaasjes; - Gjin nije dong- en biofergisters dy’t foar oerlêst soargje, ûntwikkelings wol folgje om mei bewege te kinnen wannear’t der wol duorsume mooglikheden ûntsteane dy’t gjin oerlêst jouwe; - Sinnepanielen net op lânbougrûn, safolle mooglik op dakken, by projekten bliuwe wy alle war dwaan om ek ús ynwenners en de gemeente sels safolle mooglik profyt hawwe te litten fan de opbringsten. - Wy wolle wynenerzjy safolle mooglik op see, wêrby’t wy op it lân tsjinstanner binne fan nije solitêre mûnen en turbines, mar foarstanner binne fan it ‘Groninger model’, ek by agraryske bedriuwen en foar enerzjy­ koöperaasjes, as der mar sprake is fan draachflak en ynpasberheid.

Foar besteande mûnen folgje wy it provinsjaal belied; - Ynset enerzjycoaches dy’t ynwenners op maat advys jouwe oer it ferminderjen fan harren enerzjyferbrûk om it miljeu te mijen en de enerzjykosten te ferleechjen; - Omtinken foar enerzjy-earmoed; - Bliuwend ynsette op ús ambysjes foar sirkulariteit; - Stimulearje ynwenners dy’t harren huzen better isolearje wolle mei duorsumheidsfûnsen; - Wy binne tsjin gaswinning en nije gasboarrings yn de gemeente - Gjin kearnenerzjy of opslach kearnôffal of CO2 yn ús gemeente; - Enerzjy dy’t opwekke is komt oan de mienskip t’en goede en is net ornearre foar grutte datasintra, ek dy wolle wy hjir net.

Ferkear en ferfier Mearjierrich ûnderhâldsbelied ynfrastruktuer (kapitaalguod)

* Hjiryn binne de rânebetingsten ferwurke wêr’t yn de riedsbrede aginda by “duorsumens en enerzjytransysje”nei ferwiisd is.

22

Lânbou De lânbou- en fiskerijsektor is typearjend en fan grutte wearde foar ús gemeente. Mei de lânbou- en fiskerijsektor wolle wy ús ynsetten bliuwe foar ynnovaasje, duorsumens en bioferskaat. Op it mêd fan lânbou en fiskerij is der in dúdlike relaasje mei bioferskaat, bygelyks mei it yn stân hâlden en ferbetterjen van it leefgebiet foar greide- en bougrûnfûgels. Foar duorsumens en lânbou is skaalfergrutting en yntinsivearjen net altiten de oplossing. Yn ús gemeente is der dêrom gjin plak foar nije bio-yndustrie dy’t net oan grûn bûn is. Wy wolle as gemeente meibewege yn ‘e lân- en túnbousektor en dizze sektor ek better op de aginda sette. Wy wolle dêrfoar de oanbefellings fan de kertiermakker lânbou útfiere. Dizze hat yn gearspraak mei de sektor in byld sketst en oanbefellings dien. Op basis dêrfan wolle wy kânsrike ûntjouwings trochsette en konkreet meitsje: - It sâlter wurden (“Verzilting”). Mei de provinsje en de sektor ûndersyk dwaan en plannen konkreet meitsje; - Enerzjy; better foarsjen yn tûke lokale foarsjennings/ bufferjen; - Kompostearring fan bermgers en hekkelspesy/ kringlooplânbou; mooglikheden ûndersykje en fruchtberheid fan de boaiem, wetterretinsje en bioferskaat befoarderje.

En dêrnjonken wolle wy, neffens de rekom­ mandaasjes fan de lânboukertiermakker, aktyf de neikommende tema’s oppakke: - Kommunikaasje mei de sektor ferbetterje; - Nei it opstellen fan in profyl it oanlûken fan in lânbou-­ amtner dy’t him oppenearje sil as ferbining tusken gemeente, agrariërs en natuerorganisaasjes en dy’t as oanjager fungearje kin foar kânsen yn (natuerynklusive) lânbou, duorsumens en bioferskaat. - Tegearre mei de provinsje in ‘flexpool stratysk adviseur fitaal plattelân’ ynrjochtsje; - In oanpassing op de konsumint om ‘griener’ te ûndernimmen, fan boer oant túnker, wat ek liede moat ta in positiver byldfoarming fan de sektor.

Wy binne it projekt Holwerd aan Zee, binnen it stelde ramt, tagedien, krekt omdat dit in projekt fanút de Mienskip is.

Ferkearsfeiligens Ferkearsfeiligens is fan grut belang foar ús. Dêrom wolle wy ek ynvesteare yn de oanpak fan ûnfeilige sitewaasjes, feilige en goed ûnderhâlden diken en fytspaden, lykas de rûnwei Wânswert. Wy hawwe omtinken foar de ûntsluting fan de regio Kollum rjochting A7. In auto-earme binnenstêd biedt, njonken in mear ferkearsfeilige sitewaasje, ek kânsen foar in oanloklik Dokkum en foar de horeka. Stadich ride smyt net per definysje in gruttere ferkears­ feiligens op. Mei dêrom bliuwt de snelheid fan it ferkear yn it bûtengebiet, sa’t dy no is. Ek wolle wy oan it opstelde mobiliteitsplan hannen en fuotten jaan. Dit hâldt yn: - Ynvestearje yn ferkearsfeiligens; - Auto-earme binnenstêd; - Hannen en fuotten jaan oan it opstelde mobiliteitsplan

23

PORTEFÚLJEFERDIELING

Portefúljeferdieling 2022 – 2026 J. KRAMER

A.J. SOEPBOER

BOARGEMASTER

FNP - 1E LOKO (1,0 FTE)

BESTJOER, IEPENBIERE OARDER EN FEILIGENS

MIENSKIP • KULTUER, BEHEAR EN MILJEU

- APV - Boargersaken / ferkiezings - Foarljochting en kommunikaasje - Bestjoerlike relaasjes (byg. ANNO) - Tafersjoch en hanthavenje (publyk domein) - Bedriuwsfiering; P&O, Kommunikaasje

-

J.D. DE VRIES

B. KOONSTRA

S!N - 2E LOKO (1,0 FTE)

FNP - 3E LOKO (1,0 FTE)

SOARCH • WOLWÊZEN, ÛNDERWIIS EN FINÂNSJES

WENJEN • ROMTE EN FERGUNNINGS

-

- Romtlike ûntwikkeling/ Romtlike kwaliteit - Wenjen - Grûnbelied - Omgevingswet - Bedriuwsfiering + Tsjinstferliening - ICT - Sintrale Húsfesting

Sociaal Domein Underwiis (berne-opfang / vve, ûnderwiishúsfesting) Sûn libje (bewege, iten en drinken) Jobinder Finânsjes Ferkeap gemeentehuzen Kollum en Ferwert Bestjoerlik gearwurkjen gemeente Dantumadiel (1)

Belied doarpen en wiken Sosjale ferbûnens Belutsenens boargers Foarsjenningsnivo Kultuer en media Meartaligens Monuminten en erfguod Behear iepenbiere romte Bioferskaat

- Behear en ûnderhâld begraafplakken - Miljeu - Offalbelied en ôffalynsammeljen

- Fergunningferliening - Húsfesting amtlik apparaat - Tafersjoch en hanthavenje (omjouwing) - Bestjoerlik gearwurkjen gemeente Dantumadiel (2)

S. KEIZER

P.L. BRAAKSMA

S!N - 4E LOKO (0,75 FTE)

GBNF - 5E LOCO (0,75 FTE)

EKONOMY • REKREAASJE/TOERISME EN SPORT

DUORSUMENS • FERKEAR/YNFRA EN LÂNBOU

- Berikberens en romte foar bedriuwen - Detailhannelstruktuer - Takomst duorjende, duorsume en ynnovative bedriuwichheid - Arbeidspartisipaasje/nei wurk liede - Rekreaasje en toerisme - Sport - Behear en ûnderhâld sportfjilden - Regiodeal/Versnellingsagenda

- Duorsumens - Enerzjytransysje - Lânbou - Holwerd aan Zee - Ferkear en ferfier - Mearjierrich ûnderhâldsbelied ynfrastruktuer (Kapitaalguod)

NEDERLANDSE VERSIE

Inhoud - Voorwoord - Raadsbrede agenda - Coalitieakkoord - Portefeuilleverdeling ‘22-’26

27 29 32 46

26

Voorwoord

Tussen de groene weiden en het terpenland waar de wind altijd wakker is en tussen bossen en elzensingels; in huiskamers en dorpshuizen, bij de verenigingen en stichtingen, in dorpen en wijken. Daar ligt onze MIENSKIP, veilig in de stenen armen van de zeedijk. En soms, heel soms, wagen wij ons daarbuiten, voor een zondagswandeling over de kwelders met de blik over het Wad. Wij wonen in de wijken van Dokkum, buiten of binnen de historische bolwerken. Wij wonen in Ferwert, in Kollum, in Hallum, in Holwert, in Easternijtsjerk, in Westergeast of een van al die andere prachtige dorpen. Wij zijn Noardeast-Fryslân. Dat is wat ons verbindt.

27

VOORWOORD

Ferbûn mei de mienskip Voor u ligt het lokaal akkoord van FNP, S!N en Gemeentebelangen (GBNF). Drie partijen die de komende jaren in willen zetten op een betere verbinding met de mienskip van Noardeast-Fryslân. Wij willen alle dorpen en wijken, zonder uitzonderingen, zien, horen en meenemen. ‘Ferbûn mei de mienskip’ is daarom de titel van dit coalitieakkoord.

Visie en missie In de visie van de FNP, S!N en GBNF kunnen veel zaken laagdrempeliger, beter en goedkoper georganiseerd worden in onze gemeente. Daarom willen wij volop ruimte bieden voor initiatieven ‘van onderop’ en die ook financieel ondersteunen met bijvoorbeeld dorps- en wijkbudgetten en duurzaamheids­ budgetten. De mienskip mag daarbij iets van ons vragen, maar wij vragen ook iets van de mienskip; bijvoorbeeld om bepaalde zaken zelf op te pakken en met elkaar uit te voeren, eigenaar te zijn van eigen ideeën en projecten. Verbinding Wij voelen het als onze missie om deze verbinding de komende jaren beter tot stand te brengen. De opgaven en ambities zijn groot en daarbij willen wij inzetten op verbinding. Daarom komen FNP, S!N en GBNF met vijf wethouders, deels in deeltijd, die alle vijf ook contactwethouder zijn voor een deel van de gemeente. Daarnaast zoeken zij ook vanuit hun portefeuille en samen met de dorpencoördinatoren en bedrijfscontactfunctionarissen actief contact met inwoners, bedrijven en organisaties. En reageren zij of hun ambtenaren vlot als er vanuit de mienskip contact met hen wordt gezocht. Dorpsbelangen, wijkraden, ondernemers en ook individuele inwoners moeten adequaat geholpen worden en bijvoorbeeld vlot antwoord krijgen op hun vragen, procedures en vergunningsaanvragen. Verbinding zien wij ook graag binnen de gehele gemeenteraad.

In de verkenningsfase zijn mienskip, wonen, zorg, economie en duurzaamheid door alle partijen als belangrijke opgaven voor deze raadsperiode benoemd. Deze opgaven vormen niet alleen de hoofdthema’s van dit coalitieakkoord, maar komen ook terug als raadsbrede agenda in het eerste hoofdstuk; in de hoop dat deze thema’s raadsbreed onderschreven worden en dat we daarin als partijen zoveel mogelijk gezamenlijk op kunnen trekken, verbinding tussen coalitie en oppositie. Opgaven Verbinding op elk vlak is hard nodig gezien de grote opgaven waar we de komende jaren voor zullen komen te staan, niet in de laatste plaats financiële. We zullen te maken krijgen met stijgende kosten, de ontvlechting van de ambtelijke

organisatie met Dantumadiel, onzekerheid over de gelden vanuit de rijksoverheid en onzekerheid over de extra middelen voor de Jeugdzorg. Grote bezuinigingen liggen in de lijn der verwachting en de coalitiepartijen FNP, S!N en GBNF vinden dat de mienskip daarbij zoveel mogelijk ontzien moet worden en dat bezuinigingen zo weinig mogelijk ten koste moeten gaan van cultuur, zorg en sociale voorzieningen zoals dorps­ huizen, bibliotheken, gemeentelijke zwembaden, buurtkamers en andere welzijnsactiviteiten. We zullen de verbinding zoeken met deze instanties om zaken laagdrempeliger, beter en goed­ koper te organiseren. En wij willen investeren in bestaande initiatieven op dat gebied (zoals het verbinden van onderwijs en zorg) om tekorten in het Sociaal Domein terug te dringen en op die manier eerder structureel ruimte in de begroting te creëren. Andere grote opgaven zoals woningbouw zullen ook extra investeringen vragen. Investeringen waar wij niet onderuit kunnen, aangezien wij vinden dat de gemeente zijn rol als huisvester weer beter op moet pakken. Mensen met een sociaaleconomische binding aan het gebied verdienen daarbij een extra zetje in de rug.

Ook willen wij verbinding zoeken met andere gemeenten om samen een sterke vuist te maken richting Den Haag en een duidelijk signaal af te geven: “’de ko is leech’ en tekorten die wij oplopen zijn voor uw rekening!” Gelukkig kent onze prachtige gemeente ook veel mooie tradities, evenementen en plaatsen zoals jeugdhonken, bruisplekken en buurtkamers die de saamhorigheid vergroten, de mienskip levendig- en onze inwoners gelukkig houden. Die levendige mienskip vormt, samen met ons ruime landschap, onze talen, cultuur en onze manier van leven ‘ús goud’. En met die levendige mienskip voelen wij ons als lokale partijen verbonden, daar willen wij een hernieuwd verbond mee aangaan, om op die manier de grote opgaven voor de komende jaren samen het hoofd te bieden. ‘Ferbûn mei de mienskip’ is dan ook meer dan een titel, het is een missie en een aanpak. Wij gaan eraan bouwen, met u! De lokale aannemers, FNP, S!N en Gemeentebelangen

28

RAADSBREDE AGENDA

29

RAADSBREDE AGENDA

Verbonden met de raad

Mienskip

In het verkennings- en informatieproces hebben de partijen een aantal overeenkomende punten benoemd. Graag willen we als coalitie op die punten raadsbreed samenwerken. Want het is goed dat we als partijen verschillende standpunten over onderwerpen hebben. Maar het is nog mooier dat we op onderwerpen waar we het over eens zijn kunnen samenwerken, het goede voorbeeld geven, die eensgezindheid ook uitstralen en samen staan voor de mienskip van Noardeast­-Fryslân. Want daar doen we het voor!

De mienskip is hecht en levendig, het bestuur bereikbaar en de gemeente dichtbij. We hebben een unieke mienskip met meer dan 50 dorpen en een stad. Een mienskip waarin we onszelf kunnen zijn, met onze eigen tradities, cultuur, taal en gewoonten. En waarin we iedereen de ruimte geven zichzelf te zijn en begrip en respect hebben voor elkaar.

Als coalitie willen we meer participatie en meer samenwerking. We hebben al veel verbindingen met organisaties en verenigingen in de mienskip die we willen versterken en nog beter benutten. En we gaan nieuwe verbindingen aan. We nodigen de hele mienskip uit mee te doen. Om samen met inwoners, bedrijven, organisaties en verenigingen de ambities en uitdagingen op te pakken. En we willen ook, verbonden met de raad, de onderwerpen waar de raad het breed over eens is gezamenlijk oppakken. Als raad hebben we een gezamenlijke opgave en over veel van die opgaven hebben we dezelfde opvattingen. Laten we gezamenlijk, in verbinding, die zaken oppakken. Want op die manier kunnen we de krachten bundelen. Samenwerken maakt sterker. En met vereende krachten brengen we Noardeast-Fryslân vooruit. Samenwerken op raadsbrede onderwerpen helpt ons als raad ons met elkaar te verbinden. Door ons samen te verdiepen in onderwerpen en door samen actief aan de slag te gaan. Niet zoals in de vorige periode, met veel werk- en klankbordgroepen. Maar concreet; aan de hand van startnotities, met ambtelijke ondersteuning en een college dat zijn rol pakt.

Onze samenleving kent een rijk verenigingsleven, veel maatschappelijke initiatieven, sterke dorpsbelangenorganisaties, verbondenheid via club, cultuur, kerk of kroeg. We hebben een mienskip waarin het gewoon is dat we naar elkaar omkijken op de buurt: een groet, een arm om de schouder, een luisterend oor en waar nodig de helpende hand uitsteken: dat is de kracht van onze samenleving. Verbondenheid, betrokkenheid en samenwerking zijn de kernwoorden. Die kracht willen we koesteren en benutten. En daar past een gemeente bij die dicht bij de mensen staat. Dat we als Noardeast-Fryslân een grotere gemeente zijn betekent niet dat we op afstand staan. De raad wil zichtbaar en betrokken zijn bij dorpen en wijken. Onze gemeente moet dienstbaar zijn aan de samenleving. Een gemeente waar onze inwoners, bedrijven, organisaties en verenigingen blij van worden. Een gemeente die naar het totaalbelang van de mienskip kijkt. En vandaaruit stimuleert, luistert, meedenkt, faciliteert, waar mogelijk meebeweegt en waar nodig ondersteunt. En bovenal een gemeente die betrouwbaar en bereikbaar is, waar afspraak ook afspraak is. En natuurlijk willen we, verbonden met de mienskip, ons unieke gevarieerde landschap behouden en de biodiversiteit stimuleren.

Waarbij biodiversiteit vanzelfsprekend is en waarbij we inzetten op maatregelen als: uitgestelde maaidata, ecologisch bermbeheer en stimuleringsfonds groen in dorpen en wijken. Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren van de verbondenheid in de mienskip (met dorpen- en wijkenfonds en andere initiatieven); - Samen met de mienskip een impuls geven aan bio­ diversiteit; - Vormgeven van een gemeente midden in de mienskip met actieve en zichtbare raadsleden en een dienstbare overheid.

30

Wonen

Zorg

Het woningaanbod in onze gemeente staat onder druk en al helemaal voor bepaalde doelgroepen. Er is grote behoefte aan woningen in onze gemeente. Dit geldt voor alle doelgroepen en daar moeten we dus ook breed op inzetten. Zowel voor huur als koop, voor jong en voor oud, voor alle inkomens en voor dorpen en stad, naar aard, schaal en karakter. We willen als gemeente komen tot een aanpak om in deze brede behoefte te voorzien. Dit door initiatieven die opgezet zijn of worden vanuit de dorpen te stimuleren en ondersteunen, door als gemeente zelf een actieve rol te spelen én door samen te werken met de woningbouwcorporaties. Om zo ruimte te bieden aan mensen die in onze gemeente willen blijven wonen en die hier willen komen wonen, en met diversiteit in aanbod aan te sluiten bij de verschillende behoeftes voor particuliere bouw, huurwoningen, wonen en zorg en alternatieve bouwvormen.

Willen we zorg, welzijn en ondersteuning duurzaam, bereikbaar en betaalbaar houden, dan moeten we dit beter organiseren en verbinden. Daarom is de afgelopen jaren al ingezet op de ontwikkelingen in het sociaal domein en de noodzakelijke veranderingen die daarvoor nodig zijn, zoals de verbinding wonen en zorg, onderwijs en zorg en welzijn en zorg.

Concrete raadsbrede opgave(n): - Bouwen naar aard en schaal in alle dorpen en stad voor alle doelgroepen en met voorrangsmogelijkheden voor mensen met binding met het gebied.

Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren van zorg dichtbij en laagdrempelig, bereikbaar en betaalbaar.

Economie en recreatie Kleinschalige ecologisch verantwoorde toerisme en recreatie heeft in onze gemeente grote kansen. Het Lauwersmeergebied, het terpenlandschap, de Noardlike Fryske Wâlden, de Waddenzee (UNESCO Werelderfgoed) en Dokkum als historische stad zijn trekkers met bovenregionale uitstraling. De ruimte, rust maar ook de duistere nacht zijn kernwaarden bij het profileren van onze gemeente. Op dit onderwerp gaan wij samen optrekken met lokale toeristische ondernemingsorganisaties. Concrete raadsbrede opgave(n): - Stimuleren van kleinschalig, ecologisch verantwoord toerisme en recreatie.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=dd9d1505-9dc9-4332-be71-992c0d98c3a5