CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

2022 11 17 Moasje Doarpsapp

It Beslút 17 november 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: OANNAAM - Moasje frjemd - Doarpsapp331 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2022-247620 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 17 novimber 2022

Underwerp: Doarpsapp

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • der yn Easternijtsjerk in ‘doarps-app’ yn gebrûk naam is; • yn de app ferskate ynformaasje beskikber steld wurde kin foar doarpsbewenners; oerwaagjend dat: • dizze app yn it doarp in grut súkses is; • dizze app geskikt is om ek yn oare doarpen brûkt te wurden; yn beried nimmend dat: • der mooglik in keppeling makke wurde kin tusken de app foar it doarp en de ynformaasjefoarsjenning fan de gemeente; • in doarpsapp ferskate ynformaasjekanalen by inoar komme lit en de gemeente ien fan dizze kanalen wêze kin; • it winsklik is dat de kommunikaasje fan de gemeente nei harren ynwenners mei giet mei de tiid; • de kommunikaasje fan de gemeente út leechdrompelich heart te wêzen en in app hjir oan foldocht; • it doarp no sels foar de app betellet; ropt it kolleezje op: • te ynventarisearjen hoefolle kearnen gebrûk meitsje wolle soenen fan de doarpsapp, byg. mei help fan de doarpekoördinatoaren; • de kosten en mooglikheden yn kaart te bringen om dizze app beskikber te meitsjen foar alle kearnen yn ús gemeente; • de gemeenteried oer boppesteande te ynformearjen yn it earste healjier fan 2023, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: F. Meindertsma (FNP), PvdA, S!N

Stimming

Foar: FNP, PvdA, S!N (15)

Tsjin: CDA, CU, BVNL, GBNF (10)

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 17 novimber 2022. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 18/11/2022 13:46:28 CET ID: e2a0508d-a99b-4dd5-8d4c-bccf9e0d9b7b

{{Signer1}} Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 18/11/2022 15:02:23 CET ID: e2a0508d-a99b-4dd5-8d4c-bccf9e0d9b7b

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=cddbe0ab-262e-43b1-a257-70e31874a7df