2021-10-28 Tekst ynsprekker begraffenisferiening "De Laatste Eer" Burdaard
Tekst van het document
Achte foarsitter, fierdere kolleezje leden en ried, Ik sprek jûn yn as foarsitter fan de begraffenisferieniging “De laatste eer” yn Burdaard. Myn ynsprekken betrekt punt: Tariven tabel hearende bij de heffing en foardering fan lykbesoargingsrjochten 2021. Troch de covid19 ha ik yn 2020 net fan de gelegenheid ta ynsprekken gebrûk makke, dit jier wol ik it derom al dwaan. Lit ik allerearst út namme fan de ferieniging útsprekke de keurige wize fan ûnderhâld fan de algemiene begraafplaats yn Burdaard. Wer it omgiet.
As ik op sneon yn Burdaard foar de brêge wachtsje moat, dan stiet der foar it beteljen foar twa brêgen it selde boerd mei it jild bedrach fan € 3,50 as op freed. Je soene ferwachtsje op sneon in 150% ta slach. Mar dat is net it gefal
gjin, € 5,25 mar €3,50 foar toeristyske gasten oan ús gemeente Noardeast Fryslân. Neat mis mei. De rêstsikers binne hjir wolkom. Bij haadstik 1 fan de neamde tariventabel mis ik de 100% tarekkning. Foar ynwenners dy’t op gemeentlike begraafplakken harren lêste rêstplak ha, is gjin 100% rekkenmodel fan tapassing op sneon as troch de wike tusken 16:00 en 18:00. Meinammen is ek de tarekken kosten fan 150% is diskutabel. • De ôfskriuwing fan materiaal sa as auto en gereedskap is net oars op woansdei as sneon • It ferbrûk fan brânstof is op sneon net djoerder as troch de wike. • De administrative handelingen binne tidens de kantoar-oeren • It graven fan it grêf fynt plak op freed. • It tadekken fan it grêf bart nei de ter ierde bestelling is op sneon. Dat lêste soene nei myn idee de ekstra ta rekken kosten wêze meie, mar dat is gjin 150% fan it totaal bedrach. As ik op sneon yn de supermerk kom, is in pak molke ek net 150% fan troch de wike, net steande de boer yn it wykein melkt en de meiwurkers fan de supermerk op sneon hun wurk dogge. It wurdt oer ien gehiel útsmart. Nei de taslag-affaire ha we ien ding leard, gjin kalkulearjende oerheid, mar ta rekkenje op it algemien belied. Solidair yn it tarekkenjen.
Faaks giet it om in begraffenis om persoanen dy’t al jierren yn ús gemeente wenne ha, hikke en tein. As je de leeftyd fan de sear sterken berikke meie en trou je gemeentlike belesting betelle ha soe ien tarekken bedrach reëel wêze.
Gearfetsjend: • Foar de gemeentlike begraafplakken it 150% taryf yn de tabel ferfalle litte en ta ien bedrach te kommen. Dêr bij soe ik fan út myn hert it neamde bedrach ûnder 3 • “ het begraven van een persoan jonger dan 1 jaar en levenloos geborene €205,50”, ferfalle litte wolle. De gemeentlike oerheid wurdt wol de earste oerheid neamt, se stiet tusken har boargers, troch yn dizze spesifike sitewaasje de kosten net ta te rekkenjen , jout in dúdlik meilibjen oan. Ek oare omskriuwing soe sa wêze kinne: • Voor het begraven van een kind jonger dan één jaar en levenloos geboren vervallen de kosten aan de gemeenschap. • Ik soe ik oan jaan wolle wer “persoon” stiet en bern bedoeld wurdt om “persoan” te feroarjen yn ‘kind” De oerheid is mei minsken begien, dat is de ynstek.
As learskoalle ha ik hân “In wiis beslút sjocht fier foar út “ Foarsitter, no gean ik miskien wat op jo stoel sitten, mar ik tink dat in debat hjiroer op it stuit net derekt rjocht docht oan myn motivaasje. Nei myn idee soe dit earst troch de fraksjes yntern bespraat wurde kinne om dan yn it beslút in goed ôfwaging en in wiis beslút te nimmen. De útsprutsen wurden stjûr ik jim fia de hear Dijkstra ta. Ik winskje jim alle wiisheid bij it beslút, tanke wol.