CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

12c Moasje frjemd - Mei-inoar op de barrikaden foar de garnalefiskerij 230209 - oannaam

It Beslút 9 februari 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje frjemd - FNP-S!N-BVNL-VVD-CDA-GB - Mei-inoar op de barrikaden foar de garnalefiskerij - oannaam456 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2023-029791 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 9 febrewaris 2023

Underwerp: Mei-inoar op de barrikaden foar de garnalefiskerij

De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: ➢ der by de garnalefiskers fan Lauwerseach grutte noed is oer harren takomst; ➢ it wichtich is foar ús regio, om te stean foar de wurkgelegenheid fan de fiskerij en de fiskôfslach; ➢ de fiskerij al ieuwen by de kultuer fan ús gemeente heart; ➢ de fiskers mar in jier de tiid krije om harren boaten te foarsjen fan in roetfanger y.f.m. Coútstjit, wylst oare partijen dêr meardere jierren foar krije om harren oan te passen; ➢ se wol ynvestearje moatte sûnder de garansje dat se ein fan dit jier in fergunning krije sille; ➢ der ûnreedlike eisen steld wurde oan de fiskerij troch natoerorganisaasjes wylst der al in soart ferbettere is yn de boaiemfersteuring; ➢ Rykswettersteat troch de sânsupletie op de eilannen foar in grut part ferantwurdlik is foar it tichtslibjen fan de geulen en dêr by it baggerjen de grutste boaiemfersteurder is en dat dêr no de fiskers de skuld fan krije; ➢ der in grut ekonomysk belang is by it behâlden fan de fiskerij en de fiskôfslach; ➢ as it sa troch giet mei krimp/ferbod fan ekonomyske aktiviteiten yn de kuststreek, wy aansen yn in toeristysk reservaat driigje komme te wenjen; ➢ gjin alternativen oan de fiskers oanbean wurde, wylst der in soad kwota op de planke lizze yn de Haagse burelen; fersiket it kolleezje: ➢ om as kolleezje fan de Waadregio har maksimaal en mei faasje yn te setten foar de garnalefiskerij en

dit te dwaan yn oerlis mei de garnalefiskers; ➢ yn ‘e mande mei de kolleezjes fan de gemeente Waadhoeke en de gemeente Het Hogeland in blok te foarmjen tsjin de Haagse plannen; ➢ har maksimaal te fersetten tsjin it ûnmooglik meitsjen fan de garnalefiskerij; ➢ de provinsjes Fryslân en Grinslân te freegjen oan dit ferset diel te nimmen; ➢ de Ried te ynformearjen oer boppesteande aksjes, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: B. van Dellen (FNP), S!N, BVNL, VVD, CDA, GB

Stimming

Foar: FNP, S!N, BVNL, VVD, CDA, GB (22)

Tsjin: PvdA, CU (6)

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 9 febrewaris 2023. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 10/02/2023 14:43:46 CET ID: a5d4ea23-57c0-4c4c-a938-c87cf92ad0cf

{{Signer1}} Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 10/02/2023 15:35:42 CET ID: a5d4ea23-57c0-4c4c-a938-c87cf92ad0cf

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=2d3ef22f-1227-4685-ade1-c1703102eacc