CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

11b - Ynlutsen moasje frjemd - Brûzjend Hert Hallum

It Beslút 17 februari 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Ingetrokken - Moasje frjemd CU - Brûzjend Hert Hallum482 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2022-033730 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 17 febrewaris 2022

Underwerp: Brûzjend Hert Hallum

De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: ● der in prachtich projekt Brûzjend Hert Hallum 2.0 is; ● wy der as ried freed 11 febrewaris 2022 op ‘e nij in goed ynsjoch fan krigen ha troch alle presintaasjes dy’t der dy moarn yn it MFC It Trefpunt yn Hallum jûn binne; ● de minsken út dat doarp der al jierren in hiel protte enerzjy yn stutsen ha, en dat ek al is der eltse kear wer tsjinslach bûten harren skuld, sy folhâlde; ● men yn Hallum besiket dit projekt al fanôf 2014 fan ‘e grûn te krijen; ● der in protte geduld fan it doarp frege wurdt, om’t it de earste kear (BrHH 1.0) mislearre is troch de passive hâlding fan it kolleezje fan de rjochtsfoargonger fan ús gemeente; ● it no nei al dy jierren noch net rjocht en folslein opstarte kin om’t der noch in tekoart fan 200.000 euro is; ● it doarp him op ‘e nij ynspand hat sponsoren te finen, in obligaasjeliening út te skriuwen en wer in rûngong troch it doarp dien hat en dat dizze ynspannings fan it doarp fertuten dien hat; ● der doch noch 100.000 euro te koart is om sûnder skulden te begjinnen; ● wethâlder De Graaf noch tasein hat dat as it projekt yn gefaar kaam, der omtinken jûn wurde soe sadat BrHH útein sette koe; ● mei rjocht sein wurde mei dat dit doarp en syn bewenners harren boppengemiddeld ynsette foar de leefberens fan harren doarp, omjouwing en regio (bg.

it swimbad Sawn Sterren); ● dit projekt fan BrHH just dêrom yn de gemeenteried faak beskreaun is as foarbyldprojekt fan it fan ûnderen op organisearjen; ● de gemeente it net by wurden litte moat, mar dit projekt it fertsjinnet no echt útein sette te kinnen, om’t it gjin foech jouwt om dizze mienskip noch sa lang troch modderjen te litten, sadat de gemeente mei rjocht en reden syn grutskens oer dit foarbyld projekt fentilearje kin; ropt it kolleezje en de ried op:

● ● ●

it projekt BrHH net allinnich mei wurden mar no ek mei dieden as foarbyldprojekt te erkennen (want ‘Sizzen is neat, mar Dwaan is in ding’) en it projekt te behanneljen as in pilot, dêr’t oare doarpen fan leare kinne; dêrom mei feart en faasje te foarsjen yn it tekoart fan 100.000 euro, sadat op hiel koarte termyn it projekt BrHH dit jier folslein fan ‘e grûn komme kin en ek realisearre wurde kin; dekking te sykjen foar dizze 100.000 euro binnen it restant fan it doarpen- en wikefûns 2021 of op in oare wize,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: J.J. van der Tol (ChristenUnie), VVD, GB, BVNL Moasje is ynlutsen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=df6e0742-2ffa-4f59-9579-c7cbed30aa4e