11a Moasje frjemd - CDA - Stikstofreduksjedoelen kabinet
Tekst van het document
2022-141812 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 23 juny 2022
Underwerp: Stikstofreduksjedoelen kabinet
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: 1. it kabinet op 10 juny stikstofreduksjedoelen (startnotitie Nationaal Programma Landelijk Gebied) presintearre hat; 2. de FNP Noardeast-Fryslân hjir fragen oan it kolleezje oer steld hat, om dúdlik te meitsjen wat de mooglike útdagings en gefolgen binne foar boeren yn de gemeente Noardeast-Fryslân; 3. de provinsje Fryslân bekend makke hat de brief fan it kabinet mei de stikstofplannen neist harren del te lizzen; 4. Provinsjale Steaten fan provinsje Fryslân dizze wike in moasje oannaam hat om alles yn it wurk te stellen by de Europeeske Uny en it Ryk dat er gjin ekstra N2000 gebieten oanwiesd wurde sille; 5. de provinsjes kommende tiid in plan fan oanpak opstelle moatte hoe de doelen per gebiet te realisearjen; oerwaagjende dat: 1. de stikstofreduksjedoelen fan it kabinet gefolgen hawwe foar de agraryske sektor, de leefberens en de fitaliteit fan it bûtengebiet; ek freget it sosjaal-ekonomysk te folle fan de agraryske mienskip fan de gemeente; 2. der yn’e plannen fan it kabinet grutte offers frege wurde oan’e boeren, mar tagelyk wurdt der gjin perspektyf bean nei de takomst ta; 3. de wize wêrop it kabinet kommunisearret, as grof en skealik sjoen wurde kin, in soad skea wurdt oanrjochte yn it betrouwen fan boeren yn’e rjochting fan oerheden; 4.
de wize fan handeljen fan it kabinet ek in foarbyld is fan de nije bestjoerskultuer út De Haach wei, hokker bestjoerskultuer in splytswam is tusken rânestêd en plattelân; 5. de helberens fan’e Fryske oanpak op it mêd fan stikstof grutter is, wêrtroch it mooglik is flugger resultaat te boeken op it mêd fan stikstofreduskje; 6. de Fryske oanpak ek goed is foar it betrouwen tusken boer en oerheid, reden wêrom de provinsje Fryslân gjin konsesjes dwaan moat op dizze oanpak;
7. de provinsje Fryslân yn it IPO ek oare provinsjes oerhelje kin om de oanpak fan it kabinet neist harren del te lizzen, om op dizze wize in fûst te meitsjen tsjin it plan fan it kabinet; de provinsje Fryslân kin oparbeidzje mei alle provinsjes fan Nederlân, om sa it kabinet ta oare ynsichten te bringen; fersiket it kolleezje: 1. om it kabinet yn in brief te ynformearjen dat it gemeentebestjoer fan NoardeastFryslân sterk tsjin twongen ûnteingening fan boerenbedriuwen is; 2. yn de ûnder 1 neamde brief oan it kabinet har stipe út te sprekken foar de provinsjale oanpak fan de stikstofredsuksje en dit ek kenber te meitsjen by de provinsje Fryslân; 3. de boadskip oer te bringen oan de provinsje Fryslân dat dy yn it IPO oparbeidzje moat mei de oare provinsjes fan Nederlân, om sa kollektyf as Nederlânske provinsjes de brief fan it kabinet en it stikstofreduskjeplan neist harren del te lizzen; 4. yn oerlis met it Ryk en de provinsje de (un)helberens fan de troch it kabinet stelde doelen oan te kaarten en sa ek it belang om de dialooch oer stikstof mei-inoar mei alle belutsen partijen te fieren; 5. de Ried oer boppesteande aksjes te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: G.J. Schoorstra-Boeijenga (CDA), FNP, VVD, PvdA
Stimming
Foar: CDA, FNP, VVD, PvdA, GB, SIN, CU (26)
Tsjin: BVNL (1)
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 23 juny 2023. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 24/06/2022 13:58:33 CEST ID: 7a23670c-94fc-418c-adb7-53c7ac467d2c Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 24/06/2022 14:02:52 CEST ID: 7a23670c-94fc-418c-adb7-53c7ac467d2c Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer