CConstaterende datLeeuwarden
Koppel je AI →
Document · PDF

Ynlieding ynformaasje gearkomste fan de Ried_FA

Informatieve bijeenkomst - oranjezaal 13 december 2023, gemeente LeeuwardenBij agendapunt: Presentatie Fryske Akademy781 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Ynlieding ynformaasje gearkomste fan de Ried, 13 desimber 2023, 19:45 oere.

Achte foarsitter, achte riedsleden, griffie en oanwezigen, Ik tankje jimme dat ik hjirre no stean mei, om jimme tegearre mei prof. dr. Hans Van de Velde fan de Fryske Akademy en Domenique van der Niet fan it bedriuw Humain’r, mei te nimmen yn it Fryske ûndertitelingsprojekt. Myn namme is Marit Bijlsma, op dit stuit waarnimmend direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Yn myn ynliedende ferhaal, sil ik jimme meinimme yn wêrom’t de Fryske Akademy dit projekt no sa wichtich fynt en ús rol as wittenskiplik ynstitút yn dit projekt en sille dhr. Van de Velde en Van der Niet jimme benammen meinimme yn ‘de stip oan de horizon’. Wêr stean we en hoe komme we ta in in ûndertiteling dy’t foar elk foldwaande wurket? It Fryske ûndertitelingsprojekt is foar de Fryske Akademy net sa mar in projekt. It is foar ús folle mear as dat. We sjogge in goed wurkjende spraakwerkenner, en dêrmei ek de ûndertitelingsfasiliteit, as in krúsjale basisfoarsjenning dy’t der gewoan foar it Frysk wêze moat. We wolle foar de Fryske taal it maksimale helje út wat der op it mêd fan spraaktechnology mooglik is. De Fryske Akademy hat spraaktechnology heech op de aginda stean en it is foar ús in flagship ynisjatyf. We wurkje sawol nasjonaal as ynternasjonaal mei ferskate universiteiten gear.

We sjogge ús as Fryske Akademy, as wittenskiplik ynstitút liearre oan de KNAW, as it plak dêr’t al dy kennis rûnom de nijste ynnovaasjes op it mêd fan spraaktechnology foar it Frysk, boarge wurdt. Want ynnovaasje is it. Yn in meartalige provinsje lykas Fryslân prate de Friezen net allinnich Frysk mar ek Nederlânsk. Se wikselje – ûnbewust – hiel faak tusken it Frysk en it Nederlânsk, soms sels binnen deselde sin. Dat betsjut dat in spraakwerkenner dy wikselingen ek oan kinne moat, oftewol hy simultaan Fryske en Nederlânske spraak nei tekst omsette kinne. Dêr sit de grutte wittenskiplike útdaging. We wurkje dêrom mei syn allen ta nei in tool dy’t gebrûk makket fan de nijste mooglikheden op it mêd fan AI. Mar, AI kin ek net alles, AI moat traind wurde, traind op in hiel soad data. En just by it generearjen fan dy data, nammentlik wurdlik útskreaune spraakdata fan âlde gemeenteriedsgearkomsten en de byhearrende audio, en by it trainen fan de ûndertitelingstool, hawwe we de gearwurking socht mei de partij Humain’R. Humain’R is op dit stuit it iennige bedriuw yn Fryslân dat him mei spraaktechnology dwaande hâldt. Troch de gearwurking mei Humain’R te sykjen boargje wy de fierdere ûntwikkeling fan de spraakwerkenner foar de takomst. Want ek neidat dit projekt dien is moat de ûndertitelingstool fierder traind wurde.

Der binne nammentlik altyd nije ûnderwerpen mei nije spesifike wurden of eigen wurdgebrûk dy’t bepraat wurde yn riedsgearkomsten. Boppedat wikselje de gemeenterieden gewoanlik elke fjouwer jier. Dat betsjut dus nije stimmen en nij wurdgebrûk. Humain’R nimt dy trochûntwikkeling oer en soarget dêrmei foar in koninue goede kwaliteit. Wy as wittenskiplik ynstitút binne de inisjator en de partij dy’t soarget foar de boarging fan kennis. Fryslân is hiel goed oan de gong om oer spraaktechnology kennis op te bouwen en fierder te ûntwikkeljen, tink bygelyks ek oan de suksesfolle ‘Master Voice Technology’ oan de Campus Fryslân te Ljouwert dy’t sûnt in pear jier bestiet, en tink ek oan de ferskate PhD-projekten op it mêd fan

spraaktechnology dy’t wy tegearre begeliede. Just foar lytse talen is de ûntwikkeling fan spraaktechnologytools faaks noch nijsgjirriger dan foar gruttere talen lykas it Ingelsk. Want foar in grutte taal is genôch data omhannen foar training, mar dat is by in lytse taal eins noait it gefal. Boppedat is dizze technology foar in lytse taal folle mear as allinnich mar, in ‘handige foarsjenning’, it is ek krúsjaal foar it oerlibjen fan in taal yn dizze digitale tiid. We binne dêrom de oerheden dy’t dit projekt stipe hawwe ek tige tankber dat jimme de wearde ynsjoen hawwe fan dizze foarsjenning. Net allinnich om’t dy der wetlik wêze moat, mar om’t we dit foar ús twadde offisjele rykstaal gewoanwei hawwe moatte. It is ek gjin foarsjenning allinnich, it is ynnovaasje. In twatalige spraakwerkenner is echt ynnovaasje, it is ús taalbehâld en taalsichtberens, mar boppe al is it lykweardigens. En it moaie is dat we dizze ynnovaasje no yn Fryslân yn gearwurking mei ferskate partijen sa moai fan de grûn krije. Fansels wolle jimme graach witte hoe’t it no stiet mei de fasiliteit en hoe’t we dit no fierder bringe kinne, dêrmei jou ik no graach it wurdt oan dhr. Van de Velde en Van der Niet.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Leeuwarden&id=a4383460-a521-4996-906e-92bda5e9b433