CConstaterende datLeeuwarden
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje Skiep yn de wyk, ynwenner en natoer ryk - FNP

Besluitvorming (raad) 4 december 2024, gemeente LeeuwardenBij agendapunt: Motie Skiep yn de wyk, ynwenner en natoer ryk - FNP455 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Moasje: Skiep yn de wyk, ynwenner & natoer ryk Datum: 2 desimber 2024

De ried fan gemeente Ljouwert, yn gearkomste byien op 4 desimber 2024:

Konstatearjende dat: •

It kolleezje foarnimmens blykt te wêzen ôfskied te nimmen fan it kommersjeelweidzjen fan skieppekeppels om grien te ûnderhâlden binnen stêd Ljouwert.

Oerwaagjende dat: •

•

• •

•

•

De kombinaasje fan 16 ferskate wizen fan meanen, ynklusyf it weidzjen fan skieppekeppels, in pluspunt is foar it bioferskaat en passe sil binnen it beliedskader bioferskaat; It weidzjen fan skieppekeppels yn Cammingaburen, Wiarda, Zuiderburen, Techum, Himpens, Tearns, en Goutum in mearwearde is foar ynwenners, jong en âld, en seker ek foar harren wenwille en boppedat de oanbelangjende wyk- en doarpsbelangen net befrege binne nei harren befinings; Der op sa’n 40 terreinen troch omstannichheden (te wiet of bg. yn ferbân mei in koloanje mastersfûgels) op mar 2 dêrfan neimeand wurde moat; De petysje ta behâld fan de Ljouwerter skieppekeppels yntusken rom 2400 kear ûndertekene is en dat der boppedat nóch in hantekeninge aksje op tou set is, wat tsjut dat it bot libbet yn de neamde wiken; Der gjin goed ûndersyk dien is nei de gefolgen foar plant en bist (sa ynsekten, flinters, stikelbaarchjes, harmelingen en salamanders) wannear’t dizze gebieten allegearre mei masines meand wurde sille of wat it beweidzjen foar effekt hjirop hat; De moasje bûten de oarder fan 19 desimber 2018 dy’t it kolleezje opropt gjin oanbestegingsprosedueres mear op skieppekeppels te hantearjen mei algemiene stimmen oannommen is.

Freget it kolleezje •

Op de hichte te bliuwen fan ûndersiken yn it lân op it mêd fan bioferskaat, meanbelied anneks it weidzjen troch skiep of dit ûndersyk oan te moedigjen. En dêrby alle mooglike wizen fan meanen/gersûnderhâld tsjin it ljocht te hâlden en in earlike fergeliking te meitsjen oan de hân fan de neikommende yndikatoaren: o Priis per bunder Trekkers kinne sneller meane mar binne net ynsetber op plakken mei in soad hichteferskil. En der moat neitocht wurde wat der mei it meande gers bart. Ek moat der rekken hâlden wurde mei personeelskostenen it ûnderhâld en it ûntwikkeljen fan mesines; o Positive en negative gefolgen foar it bioferskaat en de omjouwing. De skieppekeppels fan de hobbyboer bliuwe langer op ien plak en fret it gers trochgeans koarter as de skiep fan in herder.

•

•

o De belibbing. In skieppekeppel (omreizgjend of net) lûkt in soad besjoch fan jong & âld. In meanmesine sil foaral foar oerlêst soargje; Yn oanrin nei of yn oprinnen mei it nije beliedskader bioferskaat te ûndersykjen hoe en oft gemeente Ljouwert de oanbelangjende 7 oant 10 bunder grûn safolle mooglikútwreidzje kin. De ried fan gemeente Ljouwert uterlik 1 maaie 2025 fan alle befinings op de hichte te bringen.

En giet oer nei de oarder fan de dei.

FNP Ljouwert Bauke Beert Keizer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Leeuwarden&id=bad73e45-e0a2-4ced-884d-ab3ff948ca01