Moasje Nije skoalle, nije gymseal
Tekst van het document
Nije skoalle, nije gymseal Konstastearjende dat: •
De gymseal (oan De Weeme) yn Lekkum op dit stuit brûkt wurdt troch de Professor Wassenberghskoalle (hjirnei te neamen: ‘PWS’ en sportferienings;
•
De gymseal yn behear is fan bv SPORT;
•
De gymseal (njonken de PWS) op in terp boud is, mei dêrtroch fersakket en ta is oan grut ûnderhâld;
•
De PWS oer in pear jier in nij skoallegebou krijt oan de oare kant fan de dyk (Buorren);
•
De PWS ek nei de ferhuzing tawezen is op de âlde gymseal en dat de bern dêrfoar in trochgeande dyk oerstekke moatte;
•
It beliedskader ûnderstreket dat sportynfrastruktuer takomstbestindich, duorsum en geskikt wêze moat;
Oerwaagjende dat: •
In nijbou fan in gymseal yn kombinaasje mei de nije skoalle yn Lekkum in dûbele mearwearde hat foar sawol ûnderwiis as sportferiening(en);
•
Dizze lokaasje goed berikber is û.o. fanút Ljouwert East en Blitsaerd en dêrmei in geskikte lokaasje wêze soe foar in nije gymseal;
•
De âlde sporthal midden yn it doarp stiet en soarget foar mear ferkear yn it doarp;
Freget it kolleezje: •
De mooglikheden te ûndersykjen om de âlde gymseal te ferfangen troch in nije gymseal njonken de nije skoalle;
•
Hjiroer yn gesprek te gean mei bv SPORT, de PWS, Proloog en de mienskip fan Lekkum.
En giet oer ta de oarder fan de dei.
Bauke Beert Keizer FNP Ljouwert