Moasje Frjemd FNP Ljouwert
Tekst van het document
Moasje Frjemd FNP Ljouwert Riedsgearkomste gemeente Ljouwert: 2 april 2025
Underwerp: Tydlike wenfoarsjenning op eigen hiem De ried fan de gemeente Ljouwert, yn gearkomste byinoar op 2 april 2025 Fersiket it kolleezje: • Om it mooglik te meitsjen (wannear tastien troch de ryksoerheid) om tydlik op eigen hiem in wenunit te pleatsen, dêr wêr’t der romte foar is en wêrby foldwaande rekken holden wurdt mei de romtlike kwaliteit (sûnder ferrommeling en it skeinen fan it lânskiplik karakter). • Om op koarte termyn dêrta de rânebetingsten op te stellen en oan de ried foar te lizzen. En giet oer ta de oarder fan de dei. Taljochting: - Yn ús gemeente is, sjoen it lokale ferlet, al jierren in tekoart oan hierwenten, betelbere keapwenten en boukavels. De wachttiden foar hierwenten en de keapprizen rinne ek nochris heech op. - In soad jongeren geane troch it tekoart, oan foar harren passende wenten, fuort út harren doarp en ús gemeente. - It oanpaste wetsútstel ‘Versterking regie volkshuisvesting’ fan de minister fan Volkshuisvesting en Ruimtelijke ordening makket it aanst mooglik om in famyljewenning te pleatsen foar bern dy’t gjin betelbere wenning fine kinne. - No dúdlik wurden is dat wy as gemeente Ljouwert hûnderten sosjciale hierwenningen ferlieze sille troch de ferkeap fan Habion en dêrtroch de wachtlisten foar in sosjciale hierwenning noch langer wurde sille.
- No’t it mooglik is om sawol mantelsoarch- as pré-mantelsoarchwenten te realisearjen op eigen hiem yn ús gemeente Ljouwert, moat it dochs ek mooglik wêze om foar ús jongerein tydlik in wenunit te pleatsen op it eigen hiem. FNP Ljouwert, Jan-Willem Tuininga