CConstaterende datLeeuwarden
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje FNP Topsportbelied foar Jongerein [Beliedskader Sport & Bewegen]

Besluitvorming (raad) 28 mei 2025, gemeente LeeuwardenBij agendapunt: Motie Dúdlik belied op topsport foar jongerein - FNP242 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Dúdlik belied op topsport foar jongerein Konstastearjende dat: •

Der gjin dúdlik gemeentlik belied is foar jongerein yn topsporttrajekten en dat dizze jongerein no net altyd rekkenje kin op fasilitearjende maatregels;

•

Der ferskillen binne tusken skoallen yn hoe’t sy omgean mei jonge topsporters, wat liede kin ta ûndúdlikens en ûngelikens;

•

Net alle topsporters fan ús gemeente yn byld binne;

•

Der ferienings binne dy’t harren topsporters net op maat betsjinje kinne.

Oerwaagjende dat: •

Der ferlet is fan ien dúdlik gemeentlik belied foar jonge topsporters;

•

Topsport as ynspiraasje tsjinnet foar de breedtesport en dat breedtesport wer de basis foarmet foar talentûntwikkeling en topsport yn de regio;

•

Der jonge topsporters mooglik yn lêst ha kinne fan it feit dat der gjin dúdlik belied is;

•

In dúdlike gemeentlike regeling passe soe by de ambysjes dy’t yn dit beliedskader sketst wurde;

•

Dizze regeling ûnder oaren ynsjoch jaan moat yn skoalferlof, fasiliteiten, en (finansjele) stipe út de gemeente;

Freget it kolleezje • • •

Te ûndersykjen wat der nedich is foar in dúdlik gemeentlik topsportbelied foar jongerein; Hjiroer yn oerlis te gean mei bv SPORT, Topsport NOORD, sportferienings en ûnderwiisynstellingen; Yn kaart te bringen hoefolle jonge topsporters ús gemeente ryk in, wêr de ferienings fan dizze topsporters ferlet fan hawwe op it mêd fan fasiliteiten en te ûndersykjen yn hoefiere de gemeente dizze ferienings hjiryn temjitte komme kin sadat der gjin talent ûnnedich ferlern giet.

En giet oer ta de oarder fan de dei.

Bauke Beert Keizer FNP Ljouwert

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Leeuwarden&id=b0ebe74d-4ff4-475f-a0bb-84c711092718