FNP Moasje ferdieling fan Gemeentefûns (10-02-2021)
Tekst van het document
Moasje “frjemd” FNP Ljouwert oageande earlike ferdieling Gemeentefûns. De gemeentenried, yn gearkomste byien op 17 febrewaris 2021 heard hawwende de rieplachting; Konstatearjende dat Der in fikse koarting drigit op de bydrage út it Gemeentefûns foar de measte Fryske gemeenten; It Gemeentefûns in belangryk part fan de begrutting foarmet; Yn de measte gemeenten yn Fryslân tusken de 40-83 euro per ynwenner der op efter ut buorkje; Oerwaagjend dat Dertroch gemeenten it ferskuorrende dreech hawwe de begrutting slutend te krijen; In grut tal gemeenten dit jier al in fikse ferheging fan de belestingen trochfierd hawwe om de begrutting slutend te krijen; In grut oantal gemeenten dit jier al besunige hawwe op saken sa as leefberens, kulturele ynstellingen, ferieningslibben en sport; Dermei de ynwenners fan ús gemeenten hurd troffen wurde; Der ferskraling fan leefberens yn Fryslân op de loer leit; Fersykje it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâders Har ôfkar út te sprekken oer de plannen foar de gefolgen fan herijking fan it Gemeentefûns; Tegearre mei de VFG en de Fryske gemeenten sa gau as mooglik yn ferset te kommen tsjin dizze herferdieling. En giet oer ta de oarder fan de dei.
Út namme fan de fraksje fan de FNP Ljouwert Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter Mei yntsjinne troch: PVDA Eline de Koning
GrienLinks Evert Stellingwerf
CDA Sytse Brouwer
D66 Julie Bruijnincx