Antwoorden schriftelijke vragen FNP electriciteitsnetwerk
Tekst van het document
Saaknûmer: 2022-221799 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert, yntsjinne op 7 oktober 2022. De fragen komme fan de FNP Ljouwert en geane oer de druk op it elektrisiteits netwurk yn de gemeente Ljouwert.
Fragen 1. Wie it kolleezje op de hichte van de problemen oangeande de kapasiteit oan it elektrisiteits netwurk op yndustryterein de Hemrik.
Antwurden Ja, wy binne op ‘e hichte fan dizze problemen. Wy wurkje al in skoft gear mei bedriuwsferiening De Hemrik en de netwurkbedriuwen om op koarte termyn problemen te ynventarisearjen, op de wurklist te krijen en te sykjen nei oplossings. It probleem op de bedriuweterreinen, sa ek de Hemrik, is njonken bredere problematyk ek oan jo ried melden yn in brief yn maart 2020 (kenmerk Z221235-2020) en yn maart 2021 (kenmerk Z233274-2021).
2. Ek by de Albertine Agnes skoalle yn it Valeriuskwartier is dit probleem geande, wist it kolleezje dit ? sa ja, foar wa binne de ekstra kosten ?
Ja, wy witte fan dit probleem. Dat it probleem ek by skoallen spilet, is middels in brief oan jo ried melden yn maart 2021 (kenmerk Z233274-2021).
3. Binne der mear problemen bekend by it kolleezje yn de stêd Ljouwert oangeande de kapasiteit fan it netwurk foar it leverjen fan stroom? sa ja wêr ? sa ja hoe lang al ?
Ja, der binne mear problemen bekend. Dit is earder ek oan jo ried melden. De problemen spylje al fan 2020 ôf. Liander hâld it oantal probleemgefallen by. Op dit stuit binne der neffens Liander -stân oktober 2022- 76 transportbeheinings foar oanfragen foar grutferbrûk yn de gemeente Ljouwert. It giet hjir om 36 oanfragen foar it leverjen fan stroom. By in oergrut part giet it om in wiziging fan it fermogen fan in klant (rûchwei 90 – 95%).
Wy ha dit probleem daliks by Liander melden. Liander hat yn gearwurking mei de skoalle in oplossing socht. As tydlike oplossing is keazen foar in akkupakket mei in generator om de saneamde pykbelêsting werom te bringen. De kosten binne doetiids droegen troch netwurkbedriuw Liander.
Boppesteande stiet los fan lytsferbrûk (<50kW). Hjir binne gjin problemen. Ynwenners en klanten mei in lytse oansluting wurde dus troch Liander fasiliteard. 4. Ljouwert har 35 doarpen en in oantal buorskippen. Fraach : libje dêr problemen sa as by fraach 3 omskreaun ? sa ja (graach per doarp as buorskip oan jaan ) en hoe lang at it spilet.
Ja, der binne yn hiel Fryslân problemen. Lykwols net drekt foar lytsferbrûkers. Dit probleem spilet al fan 2020 ôf. Liander hâldt de problemen sekuer by. Dat is te finen op https://www.liander.nl/grootzakelijk/transportsch
Blad 2
aarste/beschikbaarheid-capaciteit/friesland 5. Is der by it kolleezje bekind at der ek bedriuwen west hawwe dy’t harren werom lutsen hawwe om sich yn us gemeente te festigjen troch it net oanlizze kinnen fan elektrisiteit op harren beëage kavel ?
Der is hielltyd mear kreativiteit, tiid en ynspanning nedich om een geskikte oplossing te finen foar bedriuwen dy’t harren yn ús gemeente fêstigje wolle. We ha noch wol kar, mar it is hieltyd dreger om nije bedriuwen te helpen oan in nij plak om har te fêstigjen. Wy ha oant no ta ien kear nee ferkeapje moatten bij de ferkeap fan in kavel dy’t de foarkar hie fan dat bedriuw. Uteinlik ha we wol in oare lokaasje yn Ljouwert fûn wêr’t it bedriuw him fêstigje kin. It bedriuw hat trouwens ek op in oare lokaasje yn Fryslân sjoen, mar koe him dêr ek net op koarte termyn fêstigje. Wy witte dat op in bedriuwskavel dy’t yn privaat eigendom is it nij festigjen fan trije bedriuwen op dit stuit net slagget fanwegen de netproblematyk. Hjir binne wy troch de ûndernimmer dy’t it oangiet fan op ‘e hichte brocht. Dizze ûndernimmer is hjir mei Liander oer yn petear.
6. Hawwe bouwplannen sawol projekten dan wol frije sektor of sosjale bou problemen hân troch net bouwen te kinnen as fertraging yfm it te let as net oanlizzen fan in elektrisiteitsnet ? sa ja binne hjir ek claims út fuort kommen rjochting de gemeente ?
Nee, dit is oant no ta net it gefal.
7. Yn de parse wurdt praten oer “aanzienlijke economische schade voor gemeenten” troch in te swak elektrisiteitsnetwurk yn in de gemeente. Fraach: is der al ekonomyske skea bekend yn ús gemeente ? sa ja hoefolle ?
We ferwachtsje dat der troch fertragings ekonomyske skea komme sil. We kinne dit lykwols net kwantifisearje.
8. Hat ús gemeente harren soarch wol útsprutsen rjochting Liander, provinsje of ryk oangeande de swakke kapasiteit fan it netwurk ? sa ja kin it kolleezje dizze korrespondinsje ek mei ús diele ?
Dat hawwe wy wis en seker. Yn ús reguliere oerlizzen mei netwurkbehearders en provinsje is it probleem om de netwurkproblematyk hinne meardere kearen oan ‘e oarder west. Ien en oar kinne wy taljochtsje by de gearkomste fan 16 novimber.
9. Is it kolleezje bekind dat in protte bedriuwen yn ús gemeente graach sinnepanielen op harren daken del
Ja, dat is bekend. Dit is ek yn eardere brieven oan jo ried melden. En ek by de ynformearjende presintaasjes oan jo ried op 5 july 2021. It wurdt ek ôfstimd mei Liander. Fierders hat Liander sels
Blad 3
lizze wolle mar Liander de stroom net ôfnimme wol as kin ? sa ja, is hjir oerlis mei Liander oer west ?
direkt ynsjoch yn de sinneprojekten fan bedriuwen en de swirrichheden.
10. Is der ek mei de doarpsbelangen en wykferieningen praten oer de problemen oangeande it elektrisiteitsnetwurk yn ús gemeente? sa ja binne dêr ferslagen fan en wol it koleezje die mei ûs diele ?
Nee, dat hat der net west. Der spylje ek minder problemen foar bewenners omdat lytsferbrûkers fan stroom gewoan oansluten wurde.
11. Op 17 febrewaris 2021 is de LEA ( Leeuwarder Energie Agenda) by beslút yn de rie fêst steld, deze befettet noch al wat ambysjes en doelstellingen. Fraach: hat de hiele situaasje oangeande de problemen mei it elektrisiteitsnetwurk yn us gemeente konsekwinsjes foar dit dokumint? Sa ja, wat betsjut dit foar de beslútfoarming fan destiids ? sa nee werom net ?
Ja, wy ferwachtsje dat de problematyk gefolgen hat foar de ambysjes oangeande opwek fan duorsume enerzjy en dan benammen sinnestroom. De netkongestje hat gjin ynfloed op de beslútfoarming fan doedestiids. Wol sille we mooglik ús oanpak op ‘e nij besjen moatte. Fierder hat de netkongestje net allinnich ynfloed op de ambysjes. Ek de hegere ambysjes fan it Ryk oangeande CO2 reduksje hawwe ynfloed lykas de nije klimaatplannen fan it kabinet. Ek de hege prizen fan fossile brânstof en ynnovaasjes op it mêd fan ûnder oare enerzjyopslag en tûke netten hawwe ynfloed op it belied.
12. Is it kolleezje it mei ús as FNP iens dat de ferantwurdlik wethâlder de folsleine rie ifm de aktive ynformaasjeplicht al lang oer dit majeure probleem hie moatte ynformearjen.
Nee, dêr is it kolleezje it net mei iens. De ried is frekwint ynformearre en by de agindakommisje is yn juny dit jier it fersyk dien om in sesje te organisearjen om jo ried te ynformearjen. Dizze sesje sil op 16 novimber plak fine.
Ljouwert, 8 november 2022, Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,
boargemaster. {{Signer1}}
sekretaris. {{Signer2}}
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.