6. 08-11-2024 Moasje FNP Skiep
Tekst van het document
Moasje: Skiep yn de wyk, ynwenner & natoer ryk Datum: 9 novimber 2024
De ried fan gemeente Ljouwert, yn gearkomste byien op 13 novimber 2024, de algemiene skôgings behanneljend.
Konstatearjende dat: •
It kolleezje foarnimmens blykt te wêzen ôfskied te nimmen fan it weidzjen fan skieppekeppels om grien te ûnderhâlden binnen stêd Ljouwert.
Oerwaagjende dat: • • • • • • • •
It weidzjen fan skieppekeppels binnen stêd Ljouwert in mearwearde is foar it bioferskaat; It weidzjen fan skieppekeppels yn de buerten Cammingaburen, Wiarda, Zuiderburen, Techum, Himpens, Tearns, Cammingaburen en Goutum in mearwearde is foar ynwenners, jong en âld, en seker ek foar harren wenwille; It weidzjen fan skieppekeppels binnen stêd Ljouwert past binnen it beliedskader bioferskaat; De kombinaasje fan 16 ferskate wizen fan meanen, ynklusyf it weidzjen fan skieppekeppels, in grut pluspunt is foar it bioferskaat; De oanbelangjende wykferienings net frege binne nei de ûnderfining mei de skieppekeppels; Der op sa’n 40 terreinen troch omstannichheden op mar 2 dêrfan neimeand wurde moat; De petysje ta behâld fan de Ljouwerter skieppekeppels binnen 4 dagen tiid al hast 2000 kear ûndertekene is, wat tsjut dat it bot libbet yn de neamde wiken; Der gjin ûndersyk dien is nei de gefolgen foar plant en bist wannear’t dizze gebieten allegearre mei masines meand wurde sille.
Freget it kolleezje •
it beslút om ôfskied te nimmen fan de Ljouwerter skieppekeppels, sa as de ôfrûne 8 jier belied wie, nei winsk fan de ynwenners werom te draaien en it grienbehear sa as útfierd yn de earder neamde wiken én de Griene Stjer mei help fan de skiepkeppels fan sawol Sam Westra as dy fan Wylde Weide dwaan te bliuwen.
En giet oer nei de oarder fan de dei. FNP Ljouwert Jan-Willem Tuininga