CConstaterende datLeeuwarden
Koppel je AI →
Document · PDF

5. Moasje Behâld feiligens op net-offisjele swimlokaasjes - FNP

Besluitvorming (raad) 12 februari 2025, gemeente LeeuwardenBij agendapunt: Moasje Behâld feiligens op net-offisjele swimlokaasjes - FNP327 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Moasje: Behâld feiligens op net-offisjele swimlokaasjes Datum: 9 febrewaris 2025

De ried fan gemeente Ljouwert, yn gearkomste byien op 12 febrewaris 2025:

Konstatearjende dat:   

It kolleezje foarnimmens is om op feilichheidsfoarsjennings fuort te heljen op ferskate net-offisjele swimlokaasjes; Der op ferskate net-offisjele swimlokaasjes warskôge wurdt dat de wetterkwaliteit op dat plak net kontrolearre wurdt en dat swimmen op eigen risiko is; Der meardere net-offisjele swimlokaasjes binne dêr’t in soad gebrûk fan makke wurdt. d

Oerwaagjende dat:       

In balleline in simpele, effektive middel is om in stik wetter ôf te bakenjen en soarget foar in dúdlike skieding tusken swimmers en farferkear; De balleline by Hempens-Tearns neffens de foarsitter fan it pleatslike Doarpsbelang 10 jier lyn troch de gemeente pleatst is; De bewenners fan Hempens-Tearns en it bestjoer fan it Doarpsbelang net bliid is mei de kar om de balleline by in populêre (net-offisjele) swimplak fuort te heljen; De gebrûkers fan dit swimplak wend binne oer de feilichheid fan de balleline; It fuortheljen fan de balleline der foar soarget dat de situaasje ûnfeiliger wurdt, wylst der wol in soad gebrûk fan makke wurdt; De gemeente dizze balleline net hingje litte wol om’t it de yndruk wekke soe dat it in offisjele swimlokaasje is; Basisskoallen yn de buurt ek gebrûk meitsje fan dizze swimlokaasje. Sûnder balleline is it foar âlden en learkrêften dreech om oan te jaan tot hoefer de bern it wetter yn meie; Der by oare net-offisjele swimlokaasjes ek oanjûn wurdt dat swimmen op eigen risiko is en dat soks op dizze lokaasje ek kinne soe, ek yn kombinaasje mei in balleline.

Freget it kolleezje  

De feilichheidfoarsjinnings op besteande net-offisjele swimlokaasjes net fuort te heljen; By it swimplak yn Hempens-Tearns en op drokbesochte fergelykbere net-offisjele swimplakken mei in boerd dúdlik te meitsjen dat swimmen op eigen risiko is.

En giet oer ta de oarder fan de dei. FNP Ljouwert Bauke Beert Keizer

CU Hayo Douwstra

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Leeuwarden&id=9eba43ec-0bd5-4b18-8517-622f139ec9a9