5. 08-11-2024 Moasje FNP Mear jild foar sporthallen en swimbaden
Tekst van het document
Mear jild foar sporthallen en swimbaden Datum: 9 novimber 2024 De ried fan gemeente Ljouwert, yn gearkomste byien op 13 novimber 2024, de begrutting 2025 behanneljend.
Konstatearjende dat: • •
• •
•
Der in tekoart oan sporthallen en gymnastiekakkomodaasjes is en in grut part fan de sporthallen oan grut ûnderhâld ta binne; De swimbaden yn us gemeente de doarren hieltyd faker needtwongen tichthâlde moat om sa de kosten te drukken. Swimbad ‘it Gryn’ yn Stiens is bygelyks noch mar 2 middeis iepen en op sneon sels de hiele dei ticht; Der fanùt de mienskip in soad negatief lûd is oer de hege prizen mar ek oer it minder faak iepen wêzen fan de swimbaden; Yn 2025 10% minder jild nei bv Sport giet as yn 2024 en it yn 2025 begrutte bedrag foar it yn stân hâlden sporthallen,swimbaden en de byhearrende ynfrastruktuer (€0,8 mln.) mear as halvearre is t.o.f 2024,wylst der wol €2,4 mln. nei de oanlis fan keunstgersfjilden giet; De btw op sport yn 2025 ferhege wurd nei 21% en dat dermei de tagongspriis foar swimbaden en kosten foar sportabonneminten en ek swimlessen noch djoerder wurde sille.
Oerwaagjende dat: • • • •
sport en swimmen foar elkenien de sûnens te’n goede komt en de stipe fan de gemeente nedich hat, sawol yn jild as organisatoarysk; dit mei de plannen sa as dy der no lizze net mear te boargjen is; it op peil hâlde fan sporthallen en it iepenhalden fan de swimbaden ien fan de wichtigste rânnebetingsten binne om binnen de gemeente goed sportbelied te ûntwikkeljen; de gemeente op it lanlik belied oangeande it swimbelied foar bern foarsortearje kin troch yn alle gefallen de swimbaden en byhearrende fasiliteiten op oarder te bringen.
Freget it kolleezje: • •
•
de ferdieling fan it jild binnen de sportwrâld fan ús gemeente op’en nij te oerwagen; hjirbij de folgjende prioriteit mei te nimmen: 1. it tekoart en it ûnderhâld fan de sporthallen op te lossen; 2. de problematyk by swimbaden op’en nij te besjen; 3. it beskikbere jild foar Sport & Bewegen oars te ferdielen en gean te litten nei dêr wer’t de need it heechst is; te ûndersykjen of in struktureel swimprogram yn it basisûnderwiis hjiryn in helpende rol spylje kin. Bygelyks om’t hjirmei mooglikheid útstiet om de baden op lege oeren wer te foljen wêrtroch in diel fan de grutte kosten fan bv SPORT dutsen wurde kinne en swimme/sporte sa foar bern betelber bliuwt.
En giet oer nei de oarder fan de dei.
FNP Ljouwert Jan-Willem Tuininga