2021-11-08 Moasje Húsfestingsferoardering FNP
Tekst van het document
MOASJE oangeande ynstellen Húsfestingsferoardering foar de gemeente Ljouwert
-
Ynlieding Der is alle reden ta om op koarte termyn foar de gemeente Ljouwert in húsfêstingsferoardering fêst te stellen. Hjirmei kin de gemeente de hjoeddeiske krappe wenningmerk folle better stjoere. We tinke hjirby ûnder oare oan maatwurk foar tawizing hierwenningen, tawizing kavels, betingsten en hanthaving rekreative ferhier (nije wet toeristische verhuur woonruimte), twadde wenningen, doelgroepen (sa as starters, trochstreamers), selsbewenning, wenromtefoarried, opkeapbeskerming, besettingsnoarm en prestaasje-ôfspraken mei wenningkorporaasjes. Koartsein: De tiid is ryp foar in húsfêstingferoardering yn de gemeente Ljouwert; it is it wetlik ynstrumint om de kearntaak ‘folkshúsfêsting’ te stjoeren. Boarne: VNG - De Huisvestingswet biedt gemeenten de mogelijkheid om in een huisvestingsverordening regels vast te leggen. - Voor het stellen van regels op basis van de Huisvestingswet is schaarste op (delen van) de woningmarkt het uitgangspunt’. - Per 1 januari 2021 is de Wet toeristische verhuur van woonruimte in werking getreden. Met deze wet kunnen gemeenten de toeristische verhuur beter reguleren en randvoorwaarden te stellen aan vakantieverhuur van woningen. - En https://vng.nl/nieuws/wijziging-vng-model-huisvestingsverordening Yn berie nimmend dat:
De wenningmerk ûnder druk stiet. Ljouwert gjin húsfêstingsferoardering hat. In húsfêstingsferoardering in ynstrumint is om de wenningmerk te stjoeren. De hjoeddeiske en hjir neamde ûntwikkelingen dúdlik meitsje dat wentebou in belangrike útdaging foar de gemeente Ljouwert is, en der sadwaande ferlet is fan in húsfêstingsferoardering. Dat eltse partij út de gemeenterie fan Ljouwert de romte krijt mei de ynfolling fan de Húsfestingsferoardering te bepalen.
Fersiket it kolleezje: Om foar 1 juny 2022 in húsfêstingsferoardering oan de ried foar te lizzen. Ien as meardere mominten te organisearjen om mei de rie oer de ynfolling fan de feroardering te praten. en giet oer ta de oarder fan de dei. Ljouwert, 8 novimber 2021
FNP Jan-Willem Tuininga
CDA Aaltsje Meinderts
Gemeentebelangen Leeuwarden Sikko Klaver
Lijst 058 Otto van der Galién