2021-11-08 Moasje Frysk en meartaligens.doc
Tekst van het document
Moasje oangeande it Frysk en Meartaligens by de begruttingsbehanneling 2022. De gemeenteried fan Ljouwert byinoar yn de riedsgearkomste fan moandei 8 novimber 2021.
Yn berie nimmend dat: -
Ut de Utfieringsnotysje Frysk en Meartaligens blykt, dat wolle jo it Frysk en de meartaligens “sichtber” meitsje, der in wurkbudzjet nedich is om dit ta útfiering te bringen. - De gemeentlike wurkgroep Frysk en Meartaligens dizze oanbefelling ûnderskriuwt. - Mei in wurkbudzjet fan € 25.000,- it Frysk en Meartaligens “sichtber“ wurdt foar sawol ynterne as eksterne doelen. Fersiket it kolleezje: -
Foar de begrutting 2022 it útfieringsbudzjet fan € 25.000,- te dekken út de post ISI Dat it Frysk en Meartaligens in plak krijt yn de begrutting en dit as oerwaging mei te nimmen wannear der finansjele romte komt foar nije beliedswinsken by de begrutting fan 2023 yn de nije kolleezje perioade.
En giet oer ta de oarder fan de dei. Ljouwert, 8 novimber 2021. FNP Fraksje Ljouwert
PvdD
D66
GroenLinks Leeuwarden
Lyda Veldstra-Lantinga
Caroline de Groot
Johan Magré Andries Bergsma
Gemeentebelangen Leeuwarden
PvdA
CDA
Sikko Klaver
Mirka Antolivic
Jannie Atsma
VVD
Lijst 058
ChristenUnie
Harry Bevers
David Hoekstra
Carlijn Niesink