Document · PDF
2021-07-06 inspraakreactie burger 3
Tekst van het document
Oangeande : Hounspolder Oan alle riedsleden fan de gemeente Ljouwert . Woansdei o.s. wurd er troch jimme kollege in beslút nommen oangeande wentebou yn de nijens fan in ryk fûgel gebiet. Yn de rin fan jierren binne er al hiel wat fan dizze peareltsjes ferlern gien yn ús provinsje troch wentebou en/ of oanlizzen fan nij asfalt . Er wurd ik sprutsen dat jimme gemeente al in slompe jild stutsen hat yn kompensaasje lân. Dat soks net echt wurket falt te begripen want de fûgels litte harren net stjoere . Fûgelwacht Boksum e.o. fersiket dan ik mei klam om fan jimme plannen ôf te sjen en dit unike fûgel gebiet net fjirder oan te taasten . Hooplik wize jimme noazen woansdei allegearre deselde kant út. Foar de fûgelwacht Boksum e.o.