CConstaterende datLeeuwarden
Koppel je AI →
Document · PDF

2021-05-25 Schriftelijk advies Wurkgroep Frysk gemeente Ljouwert

Informatieve bijeenkomst - Teams OZ 6 september 2021, gemeente LeeuwardenBij agendapunt: Uitvoeringsnotitie Fries- en Meertaligheidbeleid1.080 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Kolleezje fan B&W en gemeenteried fan Ljouwert Postbus 21000 8900 JA Leeuwarden

Skriftlik advys oangeande de útfieringsnotysje, behearrend by it beliedsplan Frysk! Dúdlik yn byld (2018) Sociaal Domein 14058 afdeling Cultuur 25 maaie 2021 Acht kolleezje en achte leden fan 'e gemeenteried, Yn de ôfrûne moannen hat de wurkgroep Frysk it ûntstean fan 'e beskriuwing fan 'e útfieringnotysje hearrend by 'Frysk dúdlik yn byld' (2018) stapsgewiis folge en har ynsichten weromkeppele oan de beleidsmeiwurker Frysk. No't beide dokuminten oan jo presintearre wurde, wol de wurkgroep noch in tal saken foar it fuotljocht bringe dy't om fierdergeande oandacht en útwurking freegje: 

De werkgroep hecht groot belang aan het tot stand brengen van een open en uitnodigende werksfeer waarin werknemers en gasten zich vrij voelen om hun eigen taal te spreken. Dat bliekt in de praktiek, nietteugenstaande it groate tal Fries sprekende werknimmers, noch niet fanselfsprekend. Wy wolle de gemeente dêrom oproppe aktyf foarm te jaan oan in ynklusive meartalige wurkomjouwing, dêr't gjinien him of har yn hoecht te ferbrekken en dêr’t yn socht wurdt nei kommunikaasjefoarmen dy't dêrby passe. Voorwaarde daarvoor is dat alle medewerkers van de Gemeente Leeuwarden het Fries tenminste passief beheersen en zich bewust zijn van het belang van het stimuleren van meertaligheid en het Fries en Leewarders in het bijzonder. De uutgangspunten daar ut beleidsplan met opent (p. 4) en die't oek in ´e uutfoeringsnotisy noemd wurde (p. 2) slute an bij dit advies, mar frage noch om konkrete uutwerking en implementaasy. De yn te stellen wurkgroep fan taalstipers kin dêr in rol yn spylje, neist de beliedsmeiwurker taal. Dêr binne lykwols sinjalen dat it belang fan de gemeentlike útgongspunten sa’t dy ferwurde binne, amper droegen wurdt op managementnivo, lit stean dat der aktyf foarm oan jûn wurdt.

De wurkgroep advissearret dêrom om by de kommende jierlikse evaluaasje in enquete ôf te nimmen ûnder liedingjouwenden en direksjes oangeande dit tema en nei oanlieding dêrfan passende aksje te ûndernimmen.

De werkgroep onderschrijft het belang van het gebruik van het Fries, Leewarders en andere talen in het culturele veld. Kunstzinnige activiteiten waarin ruimte aan talen gegeven wordt, raken bezoekers persoonlijk en dragen daardoor bij aan het vergroten van begrip en draagvlak voor het gebruik van (minderheids)talen. Dat geldt soawel foor werknimmers as foar inwoaners fan 'e Gemeente.

Blad 2

It is wichtich dat ynwenners fan de Gemeente sjen kinne dat der omtinken is foar it Frysk en it Ljouwerters. It sichtber meitsjen fan dizze talen yn 'e iepenbiere romte is dan ek fan grut belang. Dat kin, sa as beskreaun yn de notysje, troch stickers op de gemeentlike weinen, mar der is noch sa folle mear mooglik. Wy roppe de Gemeente dêrom op om har by in ferskaat fan publike aktiviteiten meartalich sjen te litten. Op die manier komen ook toeristen op een natuurlijke manier in aanraking met (regionale) meertaligheid.

Oek adfiseert de werkgroep om onderskeid in beleid te maken tussen de stad en de dorpen. De taalwerklukhied in 'e stad is un heel andere dan die op ut platteland. Dêrtroch ûntstiet romte foar 'stipe op maat', bygelyks troch it brûken fan it Frysk yn it sosjale libben yn 'e doarpen en it stypjen fan skriuwers yn 'e doarpskranten of notulisten by ferieningsgearkomsten yn 'e foarm taalkursussen Frysk. In 'e stad kan de fokus befobbeld lège op it Liwwadders en andere (rieks)talen. Het is belangrijk dat de medewerkers van de Gemeente zich realiseren dat er een aanzienlijk verschil is in de waardering en het gebruik van de Friese taal in de gemeente en de eigen gemeentelijke organisatie.

In dat kader stelt de werkgroep voor om de wens van de gemeente om het taalbeleid in de dorpen 'bottom up' te organiseren in handen te geven van ambtenaren die zich op het dorpsleven richten, bijvoorbeeld de gebiedswerkers. Daarbij kan samengewerkt worden met lokale verenigingen zoals dorpsbelang. Zonder concrete uitwerking en benodigde voorzieningen heeft een dergelijke aanpak immers geen kans van slagen.

Dat bringt ús op in wichtich punt dat de wurkgroep oan 'e oarder stelle wol: It ûntbrekken fan spesifike budzjetten foar taalbelied. Yn de útfieringsnotysje wurdt dúdlik dat de aksjes beskreaun binne op basis fan besteand belied en regelingen en finansierd wurdt út wurkpakketten fan ferskate ôfdielingen. It is moai dat de gemeente op dizze wize romte kreëarret foar taalbeleid, mar it makket dat belied ek kwetsber. It resultearret dêrneist yn in frij algemien omskreaune ynventarisaasje fan aktiviteiten en aksjes, dy't meast amper hannen en fuotten krije (kinne). Dat sil de jierlikse evaluaasje derfan net maklik meitsje. Dêr komt by dat der op dit stuit gjin nije ynvestearringen dien wurde kinne: it belied komt budzjetneutraal ta stân; soks bestjut dat alle aksjes út besteande 'potsjes' bestuivere wurde moatte. Dêrtroch kin bygelyks gjin oersetter Frysk oannaam wurde op de ôfdieling kommunikaasje, in funksje dy’t fan belang is om de kontinuïteit en kwaliteit fan it taalgebrûk yn de gemeentlike organisaasje te fersterkjen. It komt mei oare wurden oan op de ynset en kreativiteit fan de beliedsmeiwurker Frysk dy't oansteld is (0,3 fte) om de aksjes te konkretisearjen en útfierber te meitsjen, yn gearwurking mei oare gemeentlike ôfdielingen. It mei dúdlik wêze dat dat in poepetoer is.

Dat maakt dat we denke dat der un folwaardige gemeentlike werkgroep Frysk en meertalighied installeerd wurde mut, die't advisere kan over de ferdere ontwikkeling fan ut taalbeleid fan 'e Gemeente Liwwadden. Deze bestaat wat oans betreft weer uut soawel interne as eksterne leden, waaronder een die't de dorpen ferteugenwoordigt. Dit adviseringstraject is, voor alle duidelijkheid, de laatste activiteit van de huidige werkgroep.

Blad 3

De werkgroep Fries kan haar advies dan ook niet anders eindigen dan met een oproep aan de politiek om zich in de voorbereiding voor de volgende verkiezingen te beraden op het gemeentelijk taalbeleid. Wij vragen daarbij aandacht voor het ontwikkelen van een eigentijdse visie op taal en meertaligheid die past bij een gemeente die zowel de hoofdstad van Fryslân omvat als een flink aantal dorpen en waarin de taalsituaties van zowel de stad en als het platteland vertegenwoordigd zijn. Daarnaast roepen wij partijen op om een hierbij passend budget na te streven. De Gemeente Leeuwarden verdient het om zichzelf op de kaart te zetten met een voldragen en vooruitstrevend taalbeleid waarmee Leeuwarden zich niet alleen regionaal, maar juist ook internationaal kan laten zien! Ja jongu, ja juh! Heechachtsjend, de wurkgroep Frysk,

dr. Antine Zijlstra (foarsitter) Laas Bloemhof Amarins Geveke Carmen Peper dr. Alex Riemersma Haike Visscher

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Leeuwarden&id=02a2d313-52c4-491d-b424-6a346865e0ed