1. Moasje ynset Tuskenfoarsjennings by Wenjen mei Soarch FNP
Tekst van het document
Moasje: De ynset fan tuskenfoarsjennings Taljochting De FNP-fraksje fan Ljouwert hat mei it konsept beliedsstik Wenjen mei Soarch kennisnaam dat it kolleezje fan miening is dat der gjin tuskenfoarsjennings ûntwikkele hoege te wurden. It útgongspunt dat elkenien, ek dyjinge mei in lichte oant matige yntinsive soarchfraach, yn prinsipe selsstannich wennet. Ut de rûnetafelpetearen die bliken dat in tuskenfoarsjenning foar de neikommende doelgroepen wol helpe kin: 1: dak en thúsleazen en útstreamers út maatskiplike opfang en út detinsje. 2: minsken mei in psychyske kwetsberheid en útstreamers út de yntramurale ynstellingen en jeugdhelp. 3: Frouljusneedopfang, slachtoffers minskehannel en stoppende sekswurkers. 4: Statushâlders. De ried fan gemeente Ljouwert yn fergadering byien op 16-10-2024, by de behanneling fan it ûnderwerp: Beliedskader Wenjen mei Soarch Konstatearjen dat: Der fanút de tafelpetearen (4 fan de 6) it as in wichtige kâns sjoen wurdt dat tuskenfoarsjennings helpe kinne om tydlike opfang te bieden. Sadat minsken yn alle gefallen in plak hawwe om te wenjen en fanút in wat beskerme omjouwing harren libben wer opbouwe kinne. Oerwaagjende dat: Dizze tuskenfoarsjennings ek fungearje kinne as in soartefan tydlik krisisplak, minsken kinne hjir op adem komme, sûnder harren eigen thús te ferliezen. Ek foar de draachkracht yn de omjouwing kin dit in útkomst wêze.
De komst fan tuskenfoarsjennings kin in waardevolle oanfolling wêze yn de oergong nei selsstannich wenjen foar de kwetsbere ynwenners dy’t yn it beliedskader neamd wurde. Ropt it kolleezje op: De mooglikheden te ûndersykjen nei de helberens, mei deskundigen fanút de tafelpetearen dy’t dit oandroegen hawwe om dit punt op te nimmen yn it útfieringsplan. Hjir middels evaluaasjemominten en rapportaazjes de ried fan op de hichte te hâlden.
En giet oer nei oarder fan de dei, Hinke Roorda FNP Ljouwert
Johan Magré D66
Femke Molenaar GroenLinks