Ynspraak namens de heer Wijnstra - centrumvisie Akkrum
Tekst van het document
Achte kolleezje en ried fan de gemeente Hearrenfean.
Jûn prate jimme oer de Centrumvisie Akkrum. Ut namme fan de wurkgroep dy’t de plannen tared hat wol ik graach belang en urginsje fan de útfiering fan dizze plannen nochris ûnderstreekje. Dêrby rjochtsje ik my benammen tot de nije riedslieden yn dizze seal. Jimme hawwe nei alle gedachten in stik skiednis noch net meikrigen. Foar de feitlike start fan de Centrumvisie moatte wy werom nei 2016. Op fersyk fan in pear ambtners hat Pleatslik Belang doe ris kritysk sjoen nei de ynrjochting fan it sintrum fan it doarp, en benammen de Tsjerkebleek. It die bliken dat de Tsjerkebleek yn 'e rin fan 'e jierren ferwurden wie ta in súterich parkearplak. Mei in pear kastanjebeammen dy’t op omfallen stiene. Dêr moast feroaring yn komme. Under lieding fan Pleatslik Belang is der doe de Wurkgroep Tsjerkebleek foarme. Besteande út fertsjinwurdigers fan ynwenners, ûndernimmers, de tsjerke en in lânskipsarsjitekt. Al rillegau is de lânskipsarsjitekt ferfongen troch Bureau Bugel Hajema út Ljouwert. Dit buro hat ús stipe jûn by it meitsjen fan in plan foar in part fan it sintrum fan Akkrum. En dan giet it oer de Tsjerkebleek, it Heechein, Dringelstrjitte, Bûterwal, Boarnswal, Ljouwerterdyk, De Wide Steeg en it eveneminteterrein.
Yn de 6 jierren dat oan it plan wurke is wiene der ûntelbere ien-op-ien petearen mei ynwenners, in protte wurkgroepgearkomsten en 3 fysieke gearkomsten mei de ynwenners fan it doarp. It resultaat, it Tsjerkebleekplan, inklusief kostenskatting is makke troch buro Interra. En ferline jier (2021) oanbean oan wethâlder Zoetendal. Undertusken wie der ek al in wurkgroep yn it libben roppen om foar de rest fan it sintrum fan Akkrum in fisy te meitsjen. Troch bygelyks de Regiodeal komme der finansjele middels frij wêrfan Akkrum ek profitearje kin. De wurkgroep besteande út VOAN, AWS, Pleatslik Belang en de gemeente hawwe tegearre mei de ynwenners fan Akkrum in prachtich en breed droegen plan makke: de Centrumvisie. Yn de Centrumvisie is ek it sakrekt neamde Tsjerkebleekplan opnommen. De ynwenners fan Akkrum binne by it ta stân kommen fan it plan belutsen troch totaal 3 digitale meetings. Mei belang hawwende ynwenners en direkte oanwenners binne der in tal fysieke gearkomsten west. Koart sein: De Centrumvisie is in plan mei in heech demokratysk gehalte. Wy hope dat jimme as gemeenterie hjir foar ús Akkrumers in posityf beslút oer nimme sille. Akkrum, it wettersportpeareltsje fan de gemeente (útspraak fan ús boargemaster van der Zwan) kin in upgrading foar de takomst tige goed brûke! Kees Middendorp hat jimme oer dit ûnderwerp in brief stjoerd.
Last but not least wol ik mei klam sizze dat de de wurkgroep Centrumvisei folslein efter de ynhâld fan dit skriuwen stiet. Aize Wijnstra (foarsitter Pleatslik Belang Akkrum-Nes)