Ontslagbrief raadslid G. Jansen
Tekst van het document
Van: Jansen, Gerrit <g.jansen@heerenveen.nl> Verzonden: woensdag, september 10, 2025 6:32 PM Aan: Roest, Lammy <L.Roest@heerenveen.nl> Onderwerp: Untslachbrief - Riedslid - Gerrit Jansen - FNP
Achte foarsitter fan de gemeenteried, mefr. Fokkens-Kelder, bêste Avine, Middels dit skriuwen meitsje ik, Gerrit Jansen, kenber dat ik fanwegen in nije baan myn ûntslach yntsjinje wol as riedslid. De nije baan bringt in protte tiid, enerzjy en stúdzje mei him mei en is yn myn eagen net mear te kombinearjen mei it goed útfiere kinnen fan it, o sa tankbere, riedswurk. Ik wit dat jimme prima sûnder my kinne, it is mear de fraach oft ik wol sûnder jimme kin. Hawar, dat sille we meimeitsje. It wie in bjusterbaarlik moaie en learsume riedstiid. Ik tankje jim foar it begryp, ynset en noflike gearwurking. It giet jimme goed. Freonlik groetsend, Gerrit Jansen – FNP As it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin.