CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Motivatiebrief Ate Eijer

Raadsvergadering 25 juni 2026, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Benoeming wethouders bestuursperiode 2026-2030660 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Achte leden fan de fertrouwenskommisje, Mei dizze brief stel ik my út namme fan de FNP mei folle oertsjûging beskikber foar it wethâlderskip fan de gemeente Hearrenfean. Nei sechstjin jier aktyf west te hawwen as FNPriedslid fiel ik my sterk ferbûn mei ús gemeente en de opjeften dêr't Hearrenfean foar stiet. Dêrom wol ik myn ûnderfining, kennis en belutsenens graach ynsette yn in bestjoerlike rol binnen it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Yn de ôfrûne sechstjin jier haw ik my ûntwikkele ta in betûft en stabyl bestjoerder, mei kennis fan de gemeentlike organisaasje, it lokale politike proses en de gearwurking mei maatskiplike organisaasjes. Dy ûnderfining hat my leard dat goed bestjoer freget om soarchfâldigens, bestjoerlike rêst en it fermogen om ferskillende belangen byinoar te bringen. Tagelyk freget it om dúdlikheid, koersfêstens en sichtberens rjochting ynwenners en partners yn de gemeente. Myn politike styl kenmerkt him troch belutsenens, tagonklikens en in praktyske benadering. Ik hechtsje grutte wearde oan iepen gearwurking binnen kolleezje en ried, mei respekt foar elkenien syn rol en ferantwurdlikheid. Dêrby fyn ik it wichtich dat besluten net allinnich juridysk en finansjeel klopje, mar ek út te lizzen en werkenber bliuwe foar ynwenners fan Hearrenfean.

De kommende jierren steane wy foar wichtige útdagings op it mêd fan wenjen, soarch, leefberens en de finansjele druk op gemeenten. Ik wol my ynsette foar oplossingen dy't praktysk, betelber en tichtby de mienskip steane, mei omtinken foar sawol de doarpen as de wiken fan Hearrenfean. Dêrneist sjoch ik it as in wichtige opdracht om de ôfstân tusken bestjoer en mienskip sa lyts mooglik te meitsjen. Yn in tiid wêryn belied, regels en systemen faak liedend lykje te wurden, is it fan belang dat wy ferbûn bliuwe mei de minsken foar wa't wy it dogge. Ik wol my ynsette foar it lytser meitsjen fan de ôfstân dy't soms ûntstiet tusken de wrâld fan bestjoerders, beliedsmakkers en professionals oan de iene kant en de wrâld fan minsken dy't alle dagen wurkje, ûndernimme, soargje en har ynsette foar de mienskip oan de oare kant. Te faak wurdt praat oer minsken ynstee fan mei minsken. As wethâlder wol ik bydrage oan in bestjoer dat net allinnich fanút it gemeentehûs tinkt, mar ek oanslút by wat der libbet yn doarpen, wiken, ferienings en bedriuwen. In funksje feroaret in rol, mar hoecht in minske net te feroarjen. Ik wol dêrom ek as wethâlder de tagonklike en oansprekbere persoan bliuwe dy't in protte ynwenners fan Hearrenfean kenne út myn wurk as riedslid, út myn publikaasjes yn de media en út myn ynset by ferskate eveneminten en aktiviteiten yn Jobbegea.

Krekt dy ferbining mei de mienskip sjoch ik as in wichtige krêft yn it útoefenjen fan it wethâlderskip. Fan myn earste stap yn de lokale polityk ôf hat it myn oertsjûging west dat de FNP net allinnich in sterke stim yn de ried wêze moat, mar ek bestjoerlike ferantwurdlikheid drage kin. Krekt dêrom sjoch ik it as in moaie en earefolle opjefte om de FNP yn it kolleezje te fertsjintwurdigjen en tagelyk te wurkjen foar alle ynwenners fan Hearrenfean. De FNP stiet foar in bestjoer dat tichtby de mienskip stiet, each hat foar leefberens en identiteit en tagelyk ferantwurdlik omgiet mei de takomst fan ús gemeente. Ut dy oertsjûging wei wol ik my ynsette foar alle ynwenners fan Hearrenfean. Ik sjoch it as in eare en in

ferantwurdlikheid om dêr, yn gearwurking mei kolleezje, ried, organisaasjes en ynwenners, in bydrage oan te leverjen. Nei sechstjin jier yn de gemeenteried wit ik wat der spilet yn ús gemeente en haw ik ûnderfûn hoe wichtich it is om minsken by besluten te belûken. Dy ûnderfining, kombinearre mei myn bestjoerlike rêst, gearwurkingsfermogen en sterke belutsenens by Hearrenfean, meitsje dat ik my ree fiel om de ferantwurdlikens fan it wethâlderskip op my te nimmen. Mei fertrouwen, entûsjasme en in sterk gefoel foar publike ferantwurdlikheid stel ik my dêrom beskikber foar it wethâlderskip fan Hearrenfean. Mei freonlike groetnis, Ate Eijer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=1cbc6112-bf07-4f40-a5eb-357fd26caaf4