CConstaterende datHeerenveen
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje stikstofreduksjedoelen-FNP,CDA,PvdA, VVD, CU, GBH

Raadsvergadering 30 juni 2022, gemeente HeerenveenBij agendapunt: Moasje frjemd ID 2 - Stikstofreduksjedoelen - FNP, VVD, PvdA, CDA, CU, GBH385 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2

Moasje ex artikel 36 reglemint fan oarder foar de gemeenteriedsgearkomste fan de gemeente Hearrenfean Fan

: Ate Eijer FNP

Foar

: De foarsitter fan de ried.

Agindapunt

: Moasje frjemd

Ûnderwerp

: Stikstofreduksjedoelen kabinet

De ried yn iepenbiere gearkomst byinoar

: 30 juny 2022

Stelt fêst dat: • it kabinet op 10 juny stikstofreduksjedoelen presintearre hat; • de FNP Hearrenfean hjir fragen oan it kolleezje oer steld hat, om dúdlik te

•

meitsjen wat de mooglike útdagings en gefolgen binne foar boeren yn de gemeente Hearrenfean; de provinsje Fryslân bekend makke hat de brief fan it kabinet mei de stikstofplannen neist harren del te lizzen;

Oerwaget dat: • de ried fan Hearrenfean ûnderkend dat der in stikstofprobleem is, mar dat foar de oplossing net allinnich nei de boer sjoen wurde moat: • De agraryske sektor yn de provinsje Fryslân al ferskillende stappen set hat foar it beheinen fan de útstjit fan stikstof; • de stikstofreduksjedoelen fan it kabinet sosjaal-ekonomysk te folle freget fan de agraryske mienskip yn ús gemeente; • der yn’e plannen fan it kabinet grutte offers frege wurde oan’e boeren, mar tagelyk wurdt der gjin perspektyf bean nei de takomst ta; • dat perspektyf moat wat de ried fan Hearrenfean oanbelanget fûn wurde yn in lânbou dy’t duorsum sûn is, foar boer, boarger en ierde; • de wize wêrop it kabinet kommunisearret in soad skea oanrjochtet yn it betrouwen fan boeren yn’e rjochting fan oerheden; • De oanpak fan it kabinet de oanpak yn ús regio ûnderút hellet.

• de wize fan hanneljen fan it kabinet ek in foarbyld is fan de nije bestjoerskultuer út De Haach wei, hokker bestjoerskultuer de ôfstân tusken oerheid en boarger, mar ek de ôfstân tusken oerheden ûnderling en tusken stêd en plattelân grutter makket; • de helberens fan’e Fryske oanpak op it mêd fan stikstof grutter is, wêrtroch it mooglik is flugger resultaat te boeken op it mêd fan stikstofreduksje; • de Fryske oanpak ek goed is foar it betrouwen tusken boer en oerheid en dêrmei reden wêrom de provinsje Fryslân gjin konsesjes dwaan moat op dizze oanpak;

2 Draagt it kolleezje op: ➢ har stipe út te sprekken foar de provinsjale oanpak fan de stikstofredsuksje

en dit kenber te meitsjen by it provinsjaal bestjoer.

Yntsjinne troch: FNP Hearrenfean, VVD, PvdA, CDA, CU, GBH Dizze moasje is:

□ Oannommen □ Fersmiten

□ Ynlutsen

Stimferhâlding: Fraksje(s) foar:______________ Fraksje(s) tsjin:_______________ Hantekening griffier:

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Heerenveen&id=f4ae5468-daa5-4348-9f19-464b2e2c8d7b