Moasje Frjemd ID 74 FNP PvdA - Komboerden
Tekst van het document
ID 74 Moasje Frjemd oan de oarder fan de dei Komboerden Frysktalige-Nederlânsktalige-Ferzje Yn de iepenbiere riedsgearkomste fan
: 26 septimber 2024
It folgjende riedslid tsjinnet dizze moasje friemd oan de oarder fan de dei yn: Gerrit Jansen FNP
Jan Julius Buwalda, PvdA
Wy konstatearje dat: • •
• •
•
•
•
Ynwenners fan gemeente It Hearrenfean fine dat gemeente It Hearrenfean it Frysk wol mear tapasse mei/kin. (boarne: klantûndersyk - 2019). Alle doarpen fan gemeente It Hearrenfean twatalige komboerden hawwe. Dizze komboerden, oftewol blauwe plaknammebuorden (mei wite letters), hawwe stik foar stik in Nederlânsktalige plaknamme (boppe-oan) mei in Frysktalige plaknamme (der ûnder). It belied fan gemeente It Hearrenfean, kwa komboerden, ofwykt fan it belied fan de buorgemeenten Opsterlân en De Fryske Marren. Der yn dy beide gemeenten komboerden mei de saneamde NederlânsktaligeFrysktalige-Ferzje ferfongen wurde troch komboerden mei in FrysktaligeNederlânsktalige-Ferzje. De taalnota stelt (u.o.) dat it útnûgjend wêze moat om it Frysk te brûken en dat we as gemeente sjen litte moatte dat it Frysk mei/kin. Boppedat wurdt der yn it belied stelt dat boechbylden fan de gemeente it goeie foarbyld jaan moatte en dat de gemeente yn syn kommunikaasje it Frysk sichtber meitsje moat. De taalnota fan gemeente It Hearrenfean in Frysk-Freonlike boadskip hat. Teksten as Fierder mei Frysk en Frysk mei der wêze siere, dizze troch de ried fêststelde taalnota fan 2019 en ûnderbouwe/ûnderstreekje hjirmei in nije Fryske frisse koers en ús útnûge ta it nimmen fan logyske ferfolchstappen kwa belied. Sels de nije haadsponsor fan Sportklup SC Heerenveen mei in freonlik ”Wolkom” op d’ Fryske toer giet.
Wy fine dat: • •
It belied fan gemeente It Hearrenfean, kwa komboerden, oanslúte mei/kin op it belied fan buorgemeenten Opsterlân en De Fryske Marren. De tiid ryp is om alle komboerden mei de Nederlânsktalige-Frysktalige-Ferzje, fan de measte doarpen yn gemeente It Hearrenfean Frysk-Freonlik te ferfangen troch in Frysktalige-Nederlânsktalige-Ferzje.
ID 74 •
Der gjin ekstra kosten kleve oan de útfiering fan dizze moasje. In ferfangaksje fan in komboerd fynt (op in natuerlik momint) plak, dus wannear ’t in komboerd skansearre is.
Wy freegje it kolleezje om: •
•
Yn de P-nota 2025 út te wurkjen it ferfangen fan alle skansearre komboerden mei de Nederlânsktalige-Frysktalige-Ferzje, fan de measte doarpen yn gemeente It Hearrenfean Frysk-Freonlik (en op in natuerlik momint) troch in nij komboerd mei in Frysktalige-Nederlânsktalige-Ferzje. Yn de Frysktalige-Nederlânsktalige-Ferzje stiet in Frysktalige plaknamme boppeoan mei hjirûnder de Nederlânsktalige plaknamme. De planning en fuortgong fan de komboerd-ferfangaksje(s) jierliks mei de gemeenteried te dielen.
Moasje is:
Oannommen
Stimferhâlding: 23 stimmen foar, riedsleden fraksje(s): PvdA, GL, CDA, CU, FNP, D66, SP, GBH, HL 4 stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): VVD
de griffier,
de voorzitter,
27/09/2024 14:49:10 CEST {{SIGNER2}}
03/10/2024 11:21:09 CEST {{SIGNER1}}
Signed By: L. Roest-Jonkers <L.Roest@heerenveen.nl>
Signed By: Fokkens - Kelder, Avine <a.fokkens@heerenveen.nl>
ID: f91c5d41-e1dd-46fd-812b-9dac9bfa9797
ID: f91c5d41-e1dd-46fd-812b-9dac9bfa9797
Auth: Scribble
Auth: Scribble
L. Roest-Jonkers
M.A. Fokkens-Kelder