moasje frjemd ID 21- keamerferhier -FNP
Tekst van het document
ID 21
Moasje frjemd oan de oarder fan de dei ex artikel 71 Reglemint fan Oarder foar de gearkomste fan de gemeenteried fan Heerenveen Fan
: A.Kleefstra, FNP
Foar
: De foarsitter fan de ried
Agindapunt
: Moasje frjemd oan de oarder fan ‘e dei
Underwerp
: Keamerferhier yn’e Gemeente Hearrenfean
De ried yn gearkomste byelkoar
: 26 januari 2023
Konstatearjende dat:
Pannen dy’t neist in pân steane wêr’t in “Keamerferhier Fergunning” foar ferliend is, net mear te ferkeapjen binne, om’t net in minsk neist sa’n pân wenje/wurkje wol. Eigners fan in pân neist in “Keamerferhier pân” mei de hannen yn it hier sitte, om’t se net foar as efterút kinne en letterlijk en figuerlik folslein klam sitte. De oerlêst troch keamerferhier, yntimidaasjes en bedriigings, dusdanich fier gaene dat eigners harren hûs útflechte moatte, om’t harren eigen feiligens/gefoel fan feiligens swier oantaast is. De wetjouwing net foarsjocht yn foldwaande grûnen om in “fersyk ta Keamerferhier” te wegerjen.
Sjocht as oplossing:
Dat de Gemeente Hearrenfean aktyf yn gesprek giet mei eigners fan sokke pannen en dat de Gemeente Hearrenfean har sa goed as mooglik ynspant om de ellinde foar dizze minsken te beheinen. Dat de Gemeente Hearrenfean eigners fan dizze pannen, temjitte komt, troch it pân te keapjen fan de eigner dy’t sels net mear in oare oplossing sjocht om fan syn as har pân ôf te kommen.(tsjin in fatsjoenlike merkpriis foar it pân)
Sjocht as gefolgen fan de mooglike oplossingen: Dat de Gemeente Hearrenfean sels eigner wurd fan dizze pannen, yn dizze pannen de ôfdieling “Handhaving” in nij ûnderkommen biede kin, sadat de oerlêst fuortdalikst oanpakt wurde kin, wannear ‘t as der sprake fan is. Draacht it kolleezje op: Om mei eigners yn petear te gean oangeande dizze mooglike oplossing foar harren probleem, en hjirfan ferslach út te bringen oan’e Ried yn’e Riedsgearkomst fan 23-02-2023 Om de mooglikheden ta, it oankeapjen fan dizze pannen te ûndersykjen en hjirfan in ferslach út te bringen oané Ried yn’e earstfolgjende Riedskearkomst op 23-022023.
ID 21 Yntsjinne troch: A.Kleefstra, FNP Dit moasje is: □ Yntrokken
Hântekening griffier: Signed By: L. Roest-Jonkers <l.roest@heerenveen.nl>
31/01/2023 19:26:25 CET {{SIGNER1}}
ID: f7cdc898-18cd-4b60-85c8-8aad1910675a Auth: Scribble